Dêrta is doe de F.F.U. oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis. Fan pjutteboartersplak oant en mei heger ûnderwiis. Dat kinne wêze: âlden, ûnderwizenden, skoallen, skoalbestjoerders, studinten en alle oare belanghawwenden en belangstellenden.
As jo ek fan betinken binne dat der mear dien wurde moat oan it Frysk yn it ûnderwiis, stypje ús dan troch lid te wurden fan de feriening. Foar € 10,- jiers wurde jo dan op 'e hichte holden mei de aktiviteiten fan 'e F.F.U. en fansels kinne jo dêr dan ek oan meidwaan.
Hjir kinne jo klikke as jo noch mear fan ús stribjen witte wolle.
Klik op FFU-struibrief om ús folder te iepenjen en hjir om de struikaart te iepenjen.
Hjir kinne jo klikke om jo op te jaan as lid.
Skriuwer: drs. S.T. Hiemstra, E-post (foar reaksjes)
Fernijd op ús webstek |
||
---|---|---|
03-05-2020 | Brieven 2020 publikaasjes |
Nij op it webstek, oersetting(s) makke troch Klaas Bruinsma fan The Canterbury Tales (Geoffrey Chaucer) yn it Frysk (‘Kenterboarger Teltsjes’). Bruinsma syn oersetting is net as ‘gewoan’ boek yn de boekhannel te keap. It omstaverjen en digitalisearjen is dien troch drs. Sytze T. Hiemstra. Klik op: Algemiene foarsang (The General Prologue) (nij 23-06-2013) |