Publikaasjes

Hjirûnder jouwe wy oanklikmooglikheden foar publikaasjes dy’t neffens ús bydrage ta it Fryske en Frysktalige ûnderwiis en de Fryske taal, skiednis, kultuer en wittenskip: kursussen, wurdlisten, artikels, ynliedings, rapporten, noata’s, advizen, ensfh.


Kursussen
-
Skriuwkursus Frysk (8 lessen mei skriuwopdrachten en selskorreksje (antwurden); drs. Sytze T. Hiemstra, 2006)

Wurdlisten
- List fan Fryske kompjûterbegripen yn HTML (ferzje septimber 2012; Cor Jousma)
- List fan Fryske kompjûterbegripen yn PDF (ferzje septimber 2012; Cor Jousma)

- List fan nammen fan lannen (Fryske nammen; drs. Fedde B. Dijkstra, 2006)
- List fan nammen fan talen (Fryske nammen; drs. Fedde B. Dijkstra, 2006)

- List fan -je-tiidwurden(alfabetysk) (drs. Sytze T. Hiemstra en Eeltsje de Vries; 2007)
- List fan -je-tiidwurden (retrograad) (drs. Sytze T. Hiemstra en Eeltsje de Vries; 2007)
- List fan -je-tiidwurden (drs. Sytze T. Hiemstra; 1996/20052)

- List fan bryk-Frysk (P. Kramer, wat oanpast)
- List fan bryk-Frysk (P. Kramer, nije list 26-08-11)

List fan offisjele Fryske plaknammen
- In list fan offisjele (Hollânsk- en Frysktalige) Fryske plaknammen is hjir te finen.

Artikels en ynliedings fan Sytze T. Hiemstra

2024

- STH-ÚeT (46), Slach by Hartwarden betocht, NF-I-2024.pdf  Yn Nij Frisia, jrg. LXXIII, nû. 1, maitiid 2024) fan drs. S.T. Hiemstra yn syn rubryk Ús eigen Taal (46) oer ‘De slach by Hartwarden (1514): de ein fan de Fryske frijheid yn Bûtjadingen en Stadland’ (s. 3, 4-9). Fierders:
- Wolter Jetten: Fraachpetear mei Gurbe van der Wal fan Stoflik Omskot’ (s. 10-13);
- Jehannes Elzinga: ‘Dûbelde Fryske paradoks’ (s.14);
- Pier Boorsma: ‘Autonomy of status aparte foar it Frysk?’ (s. 14);
- Henk Veenstra: ‘Haikûs yn it Frysk (2)’ (s. 14);
- René Oterdoom: ‘East-Fryslân en Sealterlân – in reisferslach (I)’ (s. 15-19);
- Tsjalling Beetstra: ‘Hollânsk folget gau’ (NRC, 24-01-2024, s. 17);
- Oebele Vries: ‘Taspraak by Opstalsbeam op 30 maaie 2023 (s. 20-23);
- NRC-Kommentaar: ‘Fryske taal. Beskermje it Frysk ear[’t] it net mear is as in sprektaal’ (s. 23);
- Arjen Dijkstra: ‘Lêzing International Friesland Day op 25 nov. 2023 yn Emden (s. 24-27);
- Piter Dykstra: ‘Wurdsiker (II)’ (s. 28);
- Jaap Slager (kollum nû. 25): ‘Endemolsk (II) en (III)’ (s. 29-31).

2023

- STH-ÚeT (45), Stipe foar in Opstalsbeamparlemint, NF-IV-2023.pdf Yn Nij Frisia, jrg. LXXII, nû. 4, winter 2023) fan drs. S.T. Hiemstra yn syn rubryk Ús eigen taal (45 ) oer ‘In Opstalsbeamparlemint foar de trije Fryslannen is needsaaklik, mar freget mear stipe en aksje’
(s. 3, 5-8). Fierders:
- Sjoerd Groenhof: ‘De sichtberens fan it Frysk: “Us skoallen binne wer begûn”’ (s. 9);
- Redaksje Nij Frisia: ‘Moat de flagge ek healstôk foar de Ljouwerter Krante en de Bewegingsried?’ (s. 10-12);
- Seye H. Brinkman, Sjoerd Groenhof & Sytze T. Hiemstra: ‘Herman van Vliet kriget syn masterbul oan de RUG (25 maaie 2023)’ (s. 13-15);
- ‘Ried fan Europa: aksje nedich foar Frysk yn rjochtbank en op universiteit’ (s. 16-19);
- ‘Algemiene Ledegearkomste fan de Jongfryske Mienskip (freed 27 okt. 2023 yn Multyfunksjoneel Sintrum ‘De Wier’, De Telle 21, Oerterp om 19.30 oere)’, mei in taspraak fan JFM-foarsitter Sander Hoekstra (s. 19-22);
- Piter Dykstra (BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’): ‘Brief oan leden fan de Twadde Keamer oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer’ (s. 23-25);
- Piter Dykstra: ‘Rige podcasts fan Jenny Douwes op de webside fan de Jongfryske Mienskip’ (s. 25-26);
- ‘Earste Ynternasjonale Fryslândei yn Emden 24 novimber 2023’ (s. 26-28);
- Piter Dykstra: ‘Wurdsiker (I)’ (s. 28);
- Jaap Slager (kollum nû. 24): ‘Endemolsk (I)’ (s. 29-30);
- De Telegraaf (14 sept. 2023), ‘Friezen willen “status aparte’’’ (s. 31).

- STH-ÚeT (44), Kronyk Klacht (IV): (1) ynter-Frysk kultuerparlemint; (2) 25 jier Europeesk Hânfêst, NF-III-2023.pdf Yn Nij Frisia (jrg. LXXII, nû. 3, hjerst 2023) fan drs. S.T. Hiemstra yn syn rubryk Ús eigen Taal (44) in ‘Kronyk fan in Klacht (IV)’ oer û.o. it oprjochtsjen fan in ynter-Frysk kultuerparlemint en it digitalisearjen fan in Fryske skriuwwizer (s. 3, 5-9) en mei drs. Tom Dykstra en Ed Knotter in FFU-skôging oer ‘25 jier Europeesk Hânfêst’ (s. 27-29);
Fierders: 
- Sijbe Knol: ‘Fryske Oanpak foar in Bettere Takomst’ (s. 10-14);
- Geart Benedictus: ‘Geen plysje, wel Polizei?’ (s. 14);
- Ed Knotter: besprek ‘Der dy namma fan heten is. It komôf fan plaknammen’ fan Pieter Duijff (s. 15-16);
- It Nijs: ‘Mear stipe út Fryslân foar Dútske Friezen’ (s. 17);
- Tom Wester: ‘Fryske nammegenoaten, de East-Friezen (III)’ (s. 18-21);
- Topografyske Wurkgroep Fryslân: ‘Digitale taaltwang!’ (s. 22);
- Sjoerd Groenhof: ‘Frysk jild Lelyline is sigaar út eigen doaze’ (s. 22);
- Tom Dykstra: ‘Hoe wiis moatte wy wêze mei it Masterplan Basisvaardigheden?’ (s. 23-27);
- Piter Dykstra: ‘Neam it Frysk gjin minderheidstaal’ (s. 29);
- Jaap Slager (kollum nû. 23): ‘Poatleadsutelder’ (s. 30-31).

- STH-ÚeT (43), Kronyk Klacht (III), Bertus J. Postma ferstoarn (II), NF-II-2023.pdf Yn Nij Frisia (jrg. LXXII, nû. 2, simmer 2023) fan drs. S.T. Hiemstra yn syn rubryk Ús eigen Taal (43) in ‘Kronyk fan in Klacht (III)’ oer û.o. taaldiskriminaasje by de GGD Fryslân (s. 3, 5-9) en (mei drs. Tom Dykstra) in ‘Besprek fan it Projekt Taalplan Frysk 2023 (II)’ (s. 23-29).
Fierders: 
- Seye Herke Brinkman: ‘Striid om de lêste heechlearaar Frysk’ (s. 9-11);
- Bertus Jans Postma: ‘Sûnder taalplicht gjin wenrjocht’ (s. 11; de lêste bydrage fan Postma);
- Protesten út ûnderskate boarnen tsjin it skrassen fan de heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de RUG (s. 12-17);
- Betinken fan it ferstjerren fan Bertus Jans Postma (Klaas Abe Kamstra, Jan Dijkstra, Sander Hoekstra, JFM) (s. 17- 22);
- Jaap Slager (kollum nû. 22): ‘Ik bin boer (do âldhoer!)’ (s. 29-30).

- STH-ÚeT (42), Kronyk Klacht (II); Bertus J. Postma ferstoarn (I), NF I, 2023.pdf  Yn Nij Frisia (jrg. LXXII, nû. 1, maitiid 2023) fan drs. S.T. Hiemstra yn syn rubryk Ús eigen Taal (42) in ‘Kronyk fan in Klacht (II)’ oer taaldiskriminaasje by de GGD Fryslân (s. 16-19). Fierders: 
- Redaksje Nij Frisia: ‘Bertus Jans Postma, fêste meiwurker fan Lyts Frisia en Nij Frisia, is wei: wy sille him tige misse’ (s. 3-7); 
- JFM, Omrop Fryslân, Omrop Zilt, Arjen Dykstra (It Nijs), RfdFB (It Nijs), Asing Walthaus (LC), Jeh. Elzinga (LC) e.o.: ‘Dr. Bertus Jans Postma (1929-2023), earelid Jongfryske Mienskip, ferstoarn (I)’ (s. 7-15); 
- Bertus Jans Postma: ‘Ferrekte Hollanners’ (s. 19); 
- Wolter Jetten: ‘It Slavyske Dútslân of het Germaanske Poalen?’ (s. 20-27); 
- ‘Protest fan Rients Wartena by de Rede fan Fryslân’ (s. 28); 
- Jaap Slager (kollum nû. 21): ‘Bûtenspul’ (s. 29-30); 
- De Telegraaf (Reportage, 3 des. 2022): ‘Interview voor “het gezicht van de blokkeerfriezen” Jenny Douwes’ (s. 31-32). 

2022

- STH-ÚeT (41), kronyk Klacht (I), FFU: Besprek Taalplan Frysk 2030 (I), NF IV, 2022.pdf Yn Nij Frisia (jrg. LXXI, nû. 4, winter 2022) fan drs. S.T. Hiemstra yn syn rubryk Ús eigen Taal (41) in ‘Kronyk fan in Klacht (I)’ oer taaldiskriminaasje by de GGD Fryslân (s. 3, 5-8) en (mei drs. Tom Dykstra) in ‘Besprek fan it Projekt Taalplan Frysk 2023 (I)’ (s. 26-30). Fierders: Goaitzen Bosma yn gearwurking mei S.T. Hiemstra: ‘Goaitzen Bosma ta ridder fan de Dútske Oarder slein’ (s. 9-11); Pieter de Groot: ‘De dream fan Fridsma’ (s. 11); Bertus Jans Postma: ‘Yn in Waadhoekster (F)NP-ôfdielingsgearkomste fan 29-11-2022’ (s. 12) en ‘Kuipers en koroana’ (s. 13); Piter Dykstra (‘Sis Tsiis’): ‘Diskriminaasje fan Fryske berneboeken’ (s. 14, 15); Jaap Slager: ‘Wie ik it hert fan dij’ (in oersette sjongtekst, s. 16, 17) en kollum nû. 20: ‘Ús pake en de Russen’ (s. 31); Oprop fan de Nij Frisia-redaksje om bydragen (s. 17); It Nijs: ‘Ried fan de Fryske Beweging yn aksje?’ (s. 18); Hilbert Vinkenoog (kollum):‘Fryslân, de Friezen en Skandinavië yn de iere Midsiuwen’ (s. 19-21); Tom Wester: ‘Fryske nammegenoaten, de East-Friezen (II)’ (s. 22-25); Pieter de Groot: ‘SisTsiis yn ’e lijte’ (s. 25).
- STH-Ús eigen Taal (40), brieven FFU en JFM, NF III, 2022.pdf Inkelde ferslaggen en brieven fan drs. Sytze T.  Hiemstra yn Nij Frisia (jrg.LXXI, nû. 3, hjerst 2022) yn syn rubryk Ús eigen Taal (40) mei as titel ‘Jongfryske Mienskip: Aant-Jelle Soepboer kriget earste “gouden kneppel”’ (s. 11), in brief fan de JFM en de FFU oan Achtkarspelen oer de needsaak ta Frysktalige plaknammen (s. 12, 13), in brief fan de FFU oan de Ried fan Europa oer ‘de stân fan saken fan de Fryske taal en skiednis yn it ûnderwiis’ (s. 14-17) en in brief oan Mercator oerde needsaak fan lykweardich en lykberjochtige ‘yntegraal meartalich ûnderwiis yn it Frysk’ (s. 20, 21). Fierders Wolter Jetten: ‘De Jungfräiske Mäinskup’ oer it East-Frysk Plat (s. 3, 5-6); Oen Dīrk Feldman en Tid Specht: ‘Stróótup, stróótdóól’ (s. 7-10), in ferhaal fan Johannes Petersen oerset yn it Ōstfräisk mei yn ús Frysk dêrnjonken de oersetting fan Piter Dykstra; JFM: ‘tsien plannen foar mear Frysk yn it Sealterlanner strjitbyld’ (s. 10); Bertus Jans Postma ‘In útstel foar ús plaknammen: de ûnderste taal boppe’ (s. 17, 18); Jaap Slager: ‘... en ik fiel my goed’, in  oersetting fan it liet ‘Feeling Good’ (s. 18, 19) en kollum nû. 19 ‘Sa ûnferskillich as ...’ (s. 32); It Nijs: ‘Learaar Frysk yn fuortset ûnderwiis begjint tenei net mear by nul’ (s. 21); Piter Dykstra: ‘Hâld de troch begear befleine hurdfleaners ho!’ (polityk foarum Friesendroapen Hilgelân 2022, s. 22, 23) en‘Hurdfleaners en ús taal!’ (s. 24); Henk Wolf: ‘Wêrom soest it ynternetnijs net twatalich dwaan?’ (kollum, s. 25-27); Kerst Huisman: ‘Bestjoerslid Jenny Douwes yn it sintsje set’ (s. 27, 28); Sander Hoekstra: ‘“Jongfamme”-taspraak as nije foarsitter JFM’ (s. 28-30) en ‘Ôfskie fan Chris van Hes as foarsitter JFM’ (s. 30, 31).
- STH-‘Fryske nammegenoaten, de East-Friezen (I)’, Tom Wester (oers. S.T. Hiemstra), NF II-2022, pdf Artikel fan Tom Wester mei de titel Fryske nammegenoaten, de East-Friezen (I), út it Hollânsk wei oerset yn it Frysk troch drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXXI, nû. 2, simmer 2022, s. 25-28). Fierders: Edgar Allan Poe (oers. Henk Wolf) ‘It oangesicht fan ’e Reade Dea’ (s. 3, 5-7; koart ferhaal); Ed Knotter (oers.) ‘Fraachpetear mei Bahne Bahnsen’ (s. 7-9); JFM ‘Oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit yn Fryslân’ (s. 10-18); Sjoerd Groenhof ‘Oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit yn Fryslân oanbean oan deputearre mr. Poepjes troch de Jongfryske Mienskip’ (s. 19-20); Bertus Jans Postma ‘In útstel foar ús plaknammen’ (s. 20-21); BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’: ‘Taalprofilen Frysk op de basisskoallen: ferliking 2017 en 2021’ (s. 22-24);  Abe de Vries ‘Kneppelfreed: aktualiteit of Fryske folkloare? [II]’ (s. 29-31); B.J. Postma ‘Fan huisje nei ‘húske’’(s. 31); Jaap Slager (kollum nû. 18) ‘De lytse man’ (s. 32)
- STH-‘Genoside Froanen: foar- en neispul (IV)’, (ÚeT [39]), NF I-2022.pdf Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXXI, nû. 1, maitiid 2022) mei as titel ‘De genoside fan “Froanen” (1297): foar- en neispul (IV)’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [39]’ (s. 3, 5). Yn dat nûmer binne boppedat bydragen te finen fan Wiebe E. Zoethout (gedicht ‘Haivenlócht’, s. 6); Eric Hoekstra (‘Frysk en Ingelsk, 10 o/m 12’, s. 7-10, lêste part); Gabor Landman (‘70 jier nei Kneppelfreed falt der foar it Frysk neat te fieren’, s. 10, 11); Tom Dykstra (‘Hoe’t it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk in frijbliuwende saak waard ...’, s. 12, 13); Bertus Jans Postma (‘Beweging beweech!’, s. 14); Piter Dykstra (‘Strjitte yn, strjitte út’, oersetting út it Noard-Frysk fan ‘Strootap, strootdil’ [Johannes Petersen]’, s. 15-18); Abe de Vries (‘Kneppelfreed: aktualiteit of Fryske folkloare? [I]’, Fedde Schurerlêzing 2021, s. 19-22); Piter Dykstra (‘Antigonish’, út it Ingelsk oerset gedicht, s. 23); Jaap Slager [kollum nû.17] (gedicht ‘Fryske striid’, s. 24); Martinus Jellema (‘It is in griis’, s. 25-27).

2021

- STH-Brieven EBLT, missy JFM, Warnsbetinking, NF IV-2021.pdf Trije artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg.LXX, nu. 4, winter 2021) mei as titel ‘Twa wichtige brieven fan it EBLT yn de striid foar it Frysk’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [38]’ (s. 3, 5-9), as twadde artikel ‘Wat wol en docht de Jongfryske Mienskip?’ (s. 13-17) mei de strategyske piramide en in JFM-brief oer de erkenning fan Rojava, en as tredde ‘De JFM by de “wylde” Warnsbetinking (25 sept. 2021)’ mei in taspraak fan Sander Hoekstra (s. 24-27). Fierders Aant Jelle Soepboer: ‘Pleit foar Fryske plaknammen’ (s. 10-11); Sander Hoekstra: ‘Ynsprekken op 8 july 2021 oer plaknammeferoaring Noardeast-Fryslân’ (s. 12); Ed Knotter: ‘Spontane manifestaasje op it Reaklif gjin offisjele betinking op 25 sept. 2021’ (s.18-19); Wolter Jetten: ‘Simmerfakânsje by de Fenesjanen’ (s. 19-23); Jaap Slager (kollum [16]): ‘Jantsje fan Arke foarop!’ (s. 28-29); Kerst Huisman: ‘Fryslân is ta oan in eigen Grûnwet’ en ‘De konstitúsje fan it Frije Fryslân’ (s. 29-31).  
- STH-Boustiennen ûntfrysking, assimilaasjedruk, statushâlders, NF III-2021.pdf. Twa artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXX, nû. 3, hjerst 2021) mei as titel ‘Boustiennen foar in fierdere ûntfrysking fan Fryslân en it fergrutsjen fan de assimilaasjedruk op de Friezen’ (s. 3, 5, 9; in aksje fan de JFM oangeande in nij ‘Deltaplan’) en ‘Fan it JFM-aksjefront’ (s. 6, 7; oer de diskriminearjende ynboargering fan statushâlders op it stik fan it Frysk). Fierders fan Bertus Jans Postma: ‘Spearpunt fan taalbelied’ (oer nije offisjele plaknammen yn Noardeast-Fryslân), ‘Plaknammen yn de FNP-ledegearkomste fan 29 maaie 2021’ en ‘Fryslân – Friesland’ (oer de LC). Fan Tom Dykstra ‘Huzekrapte en it Frysk yn it ûnderwiis’; Ed Knotter ‘Taalskôging Frysk’ en ‘Helia en har wrâld mei Chopin’ (roman fan Rients Faber); Wolter Jetten ‘East-Frysk Plat en Nederdútsk’; Jaap Slager (kollum [15] ‘Nei de earms fan ús mem’ [gedicht]; Aant Mulder ‘Korsika’.
- STH-‘Genoside Froanen: foar en neispul (III)’, (ÚeT [37], NF II.2021.pdf Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXX, nû. 2, simmer 2021) mei as titel ‘De genoside fan “Froanen” (1297): foar- en neispul (III)’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [37]’ (s. 3, 5-9). Yn dat nûmer binne boppedat bydragen te finen fan de Jongfryske Mienskip (‘Strukturele taaldiskriminaasje troch de Ryksoerheid’), Eric Hoekstra (‘Frysk en Ingelsk [8/9]’), Sytze T. Hiemstra & Geart Tigchelaar (‘Trije skoallen op It Hearrenfean krije in oarkonde’), Bertus Jans Postma (‘Om ús doarpsnammen’, ‘Zwarte Haan en Swarte Haan’, ‘Plaknammen’), Jaap Slager (kollum [14] ‘Ûntfrysking’), Frans Riemersma & Hans Faber (‘Wa bin ik, wa bisto en wa binne wy?’), Piter Dykstra (‘Wolkom’), Aant Mulder (‘Goeie, dobrý den’, oer Tsjechië).
- STH-Mei fr. groetnis, tolkeks. Frysk, Sl. Hartwarden, oprop ‘wekker wurde’, NF I-2021.pdf. Fjouwer artikels fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXX, nû. 1, maitiid 2021) mei as titels: ‘Yntegraasje fan in Fryske skriuwwizer op it Taalweb Frysk’ (s. 3, 5) en ‘Easken foar tolk Frysk’ (s. 5, 6) yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal (36)’; ‘De slach by Hartwarden betocht: rede fan Hans-Rudolf Mengers’ (s. 19-22); ‘Oprop! Wekker wurde!’ (s. 26), in oprop ta it foarmjen fan in juridysk fûns en front foar it Frysk. Fierders in ynstjoerd artikel fan Gjalt Zondergeld (‘Yllúzjes en gjin ein’), Kerst Huisman syn reaksje op it ynstjoerd stik fan Galt Zondergeld (‘Skiednisûndersyk yn Nederlân giet altiten om it fuortsterkjen fan de ideologyske konsensus’), Wolter Jetten (‘Jens Emil Mungard – Frysk marteler en dichter’), Sander Hoekstra (‘De slach by Hartwarden (1514): de ein fan de Fryske frijheid yn Bûtjadingen en Stadland’), Jaap Slager (kollum [13] ‘It Frysk yn ’e fleur’), Bertus Jans Postma (‘Frysk-Nasjonaal op ’e doele’, ‘Nasjonalisme?’, ‘Kontra Wim Hospes’) en Aant Mulder (‘Fryslân is gjin Súd-Tirol’).

2020
- STH-Betinking by byld Fedde Schurer, NF IV-2020.pdf. Ynliedend artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXIX, nû. 4, winter 2020, s. 3) mei as titel ‘Nije plechtichheid by byld fan Fedde Schurer’. Yn dit nûmer binne mear bydragen te finen oer dy betinking mei taspraken fan Sander Hoekstra, Aant Jelle Soepboer, Peter R. Boomsma, Willem Schoorstra en Betty van der Ven. Fierders oer oare ûnderwerpen noch: Eric Hoekstra (‘Frysk en Ingelsk [6/7]’), Bertus J. Postma (‘Oer plaknammen’, ‘Nei koloanjes binne minderheden oan bar’), Kerst Huisman (‘De Fryske flagge giet tebek op echte folksynfloed, de Nederlânske net’, Jaap Slager (kollum [12]: ‘Eala Frya Fresena: Taalskamte’), Aant Mulder (‘Oostfreesk’) en Ed Knotter (‘Oersettings wichtich foar it Frysk as kultuertaal, mar dan wol neffens de [taal]regels’).
- STH-‘Fryslân foarst en it Frysk keninginne (II)’, (ÚeT [35]), NF III-2020.pdf Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXIX, nû. 3, hjerst 2020) mei as titel ‘Fryslân foarst en it Frysk keninginne (II)’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [35]’(s. 3, 5-11). Yn dit nûmer binne boppedat bydragen te finen fan Sander Hoekstra (‘In Nederlânske flagge yn ’e Steateseal? In griis!!!’), Abe de Vries (‘De Brykfryske Mienskip’), Bertus Jans Postma (‘Nee net it lêste wurd’; ‘Soe sûndigjen de regel wurde?’; ‘Oan de Rjochtbank’), Jaap Slager (‘Fryske politike spultsjes en wer gâns op myn kape’, kollum nû. 11), Jehannes Elzinga (‘Berop Harmonisaasje Plaknammen Waadhoeke’), Cor Jousma (TWF) (‘Ljouwert wol de Friezen, mar net it Frysk’).
-STH-‘Fryslân foarst en it Frysk keninginne (I)’, (ÚeT [34]), NF II-2020.pdf Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXIX, nû. 2, simmer 2020) mei as titel ‘Fryslân foarst en it Frysk keninginne (I)’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [34]’ (s. 3, 5-11). Yn dit nûmer binne boppedat bydragen te finen fan Sjoerd Groenhof (‘Bodderstocht 2020’), Tom Dykstra (‘It is mei sizzen net te dwaan [IV]’), Jaap Slager (‘Slavemoraal/Frysk forever’, kollum nû. 10), Bertus Jans Postma (‘Taal yn de Twadde Keamer’ en ‘Alles hawwe, neat misse kinne’) en Wytze de Boer ‘Oan myn bern ...’. 
- STH-‘Genoside Froanen: foar- en neispul (II)’ (ÚeT [33]), NF I-2020.pdf Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXIX, nû. 1, maitiid 2020) mei as titel ‘De genoside fan “Froanen” (1297): foar- en neispul (II)’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [33]’ (s. 3, 5-11). Yn dit nûmer binne boppedat bydragen te finen fan Eric Hoekstra (‘Frysk en Ingelsk [4/5]’), Chris van Hes (‘Algemien belang = Haachsk belang’), Tom Dykstra (‘It is mei sizzen net te dwaan [III]’), Jaap Slager (‘Fryskfersmiting’, kollum nû. 9), Bertus Jans Postma (‘De plaknammen yn de Waadhoeke’), Jan Hiemstra (‘Snypsnaren [4], Tinke oan Easterein [1])’.

2019
- STH-Kleaster Ihlow en de Opstalsbeam (ÚeT [32]), NF III, 2019.pdf. Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVIII, nû. 3, hjerst 2019) mei as titel ‘It kleaster Ihlow en de Opstalsbeam as ynspiraasjeboarne’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [32]’ (s. 3, 5-9), mei taheakke in brief fan sines (út namme fan de Fryske Rie) oan de Ried fan Europa oer it ‘Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden’ (s. 10-12). Yn dit nûmer binne ek bydragen te finen fan Bertus Jans Postma (‘Kommissaris fan Fryslân’), Sander Hoekstra (‘Explore the North 2019: de JFM nei Ihlow en Emden’ en ‘Trochloftich folk’ [gedicht]), Eric Hoekstra (‘Frysk en Ingelsk [2/3])’, Tom Dykstra (‘It is mei sizzen net te dwaan [II]’), Ed Knotter (‘Tiidwurden fernijd’ [in problematyske Afûk-útjefte]), Jaap Slager (‘Prena-taaltsje’, kollum nû. 8).
- STH-‘Genoside Froanen: foar- en neispul (I)’ (ÚeT [31]), NF II, 2019.pdf. Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVIII, nû. 2, simmer 2019) mei as titel ‘De genoside fan ‘Froanen’ (1297): foar- en neispul (I)’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [31]’ (s. 3-5-11). Yn dit nûmer binne boppedat bydragen te finen fan Wolter Jetten (‘Die Abstandserklärung’), Pier Boorsma (‘In memoriam matris’), Aant Mulder (‘West-Fryslân: tussen dut en dat is ôk nag wat!’), Sander Hoekstra (‘Op de ein fan ’e dei), Eric Hoekstra (‘Frysk en Ingelsk [1]’), Bertus J. Postma (‘De plaknammen yn de Waadhoeke’), Piter Dykstra (‘Wy litte ús lân der ek net ûnderstrûpe’), Tom Dykstra (‘It is mei sizzen net te dwaan [I]’), Jaap Slager (kollum nû. 7: ‘Baas boppe baas’).
- STH-‘Skiednis fan Fryslân of Fryske skiednis? [II]’ (ÚeT [30]), NF I, 2019.pdf. Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVIII, nû. 1, maitiid 2019) mei as titel ‘Skiednis fan Fryslân of Fryske skiednis? (II): De Dútske Oarder, de Fryslannen en de Friezen’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [30]’ (s. 3, 5-8). Yn it nûmer binne boppedat bydragen te finen fan Bertus Jans Postma, Pier Boorsma (‘Literatuer en Beweging’), Jan Hiemstra (‘Snypsnaren [3]’ oer de ûngetiid), Goaitzen Bosma (‘Ridders en muontsen yn Fryslân’), Kerst Huisman (‘Mear rinte as by de bank ...’) en Jaap Slager (kollum nû. 6: ‘MelRose’).

2018
- STH-‘Skiednis fan Fryslân of Fryske Skiednis?’ (ÚeT [29]), NF IV, 2018.pdf. Artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVII, nû. 4, des. 2018) mei as titel ‘Skiednis fan Fryslân of Fryske skiednis?’ yn syn rubryk ‘Ús eigen Taal [29]’ (s. 3, 5-8) oer it slimme tekoart oan ûnderwiis yn de skiednis fan de Friezen op ús skoallen. Mei dêrby omtinken foar de ‘Kanon fan de skiednis fan Fryslân’ (2008) en oan ‘Fryslân as kleasterlân’ (finster 6 fan de kanon). Dat finster jout bgl. gjin omtinken oan de ‘Dútske Oarder’, dy’t in ynternasjonale eftergrûn hat en ek yn Fryslân aktyf wie. Fierders skriuwt drs. Piter Dykstra oer ‘De Slach by Flaardingen (1018)’, Wolter Jetten oer ‘Fryske striders yn ’e lette Midsiuwen’, Goaitzen Bosma oer ‘De “Noardske Balke”’ en Sander Hoekstra oer in besite fan de JFM oan ‘Appingedaam’. Jan Hiemstra hat it yn syn rubryk Snypsnaren oer ‘Kacheltiid’ en Jaap Slager jout omtinken oan ‘Nocht oan ûnnocht’. It ‘Wolkomstwurd’ dat Sjoerd Groenhof op it Reaklif (29-09-2018) útspruten hat, is ek opnommen, lykas in gedicht (‘Brutsen’) fan Sander Hoekstra.
- STH.1.Klaas Bruinsma: ‘Canterbury Tales en oar wurk, II’ (ÚeT [28]), 2. Taalplan Frysk, NF III, 2018.pdf. It twadde artikel fan drs. S.T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVII, nû. 3, sept. 2018) oer it oersetwurk fan Klaas Bruinsma (yn de rubryk ‘Ús eigen Taal [28]’, s. 2-3 en s. 5-12). In koarte reaksje fan de FFU (skr. drs. S.T. Hiemstra, foars. drs. T. Dykstra) op fragen fan de kommisje-Walsweer by de 0-mjitting foar it ‘Taalplan Frysk’ (s. 12), in reaksje fan drs. S.T. Hiemstra (FFU, Sis Tsiis) yn it Friesch Dagblad (18-04-2018) op de fierstente romme provinsjale frijstellings foar de kearndoelen Frysk (s. 20). In krityske FFU-reaksje (T. Dykstra & S.T. Hiemstra) op it provinsjale ‘Taalplan Frysk’ (s. 22-25). It earste artikel oer ‘Snypsnaren’ fan Jan Hiemstra (s. 15-16).
STH-1. Friesischer Sprachkurs, W. Jetten (ÚeT [27]), 2. Europeesk Hânfêst en juridyske prosedueren (IV), NF II, 2018.pdf. Twa artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVII, nû. 2, juny 2018). Yn de rubryk ‘Ús eigen Taal [27]’ mei as titel (1)‘Frysk foar Dútsktaligen: kursus fan Wolter Jetten’ (s. 5-6) en (2) it fjirde en lêste part fan ‘It “Europeesk Hânfêst” en it ûnderwiis yn it Frysk oan wjerskanten fan de steatsgrins, benammen yn ferbân mei de mooglikheid ta it oanspannen fan juridyske prosedueren (IV)’ (s. 15-21). Fierders û.o. fan drs. Tom Dykstra de groetnisse út Westerlauwersk Fryslân by de Opstalsbeam (s. 3) en de tredde kollum fan Jaap Slager oer ‘Kulturele kastraasje’ (s. 22-23 ).
- STH-1. Klaas Bruinsma: ‘The Canterbury Tales’ (ÚeT [26]), 2. Europeesk Hânfêst en juridyske prosedueren (III), NF I, 2018.pdf. Twa artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVII, nû. 1, maart 2018). Yn de rubryk ‘Ús eigen Taal ([26]’ mei as titel (1) ‘In Fryske oersetting fan “The Canterbury Tales” en oar wurk fan Klaas Bruinsma (I)’ (s. 2-8)en (2) it tredde part fan it artikel mei as titel‘It Europeesk Hânfêst en it ûnderwiis yn it Frysk oan wjerskanten fan de steatsgrins, benammen yn ferbân mei de mooglikheid ta it oanspannen fan juridyske prosedueren (III)’ (s.15-21). Fierders û.o. de twadde kollum fan Jaap Slager (s. 22-23).

2017
- STH-1. Identiteit en nasjonalisme (ÚeT [25]), 2. Europeesk Hânfêst en jur. prosedueren (II), NF IV, 2017.pdf Nij Frisia (jrg. LXVI, nû. 4, des. 2017: twa artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra: (1) ‘Ús eigen taal [25]’, mei as titel ‘Fryske identiteit’ en ‘nasjonalisme’ (s.  6-11) en (2) it twadde part fan it artikel oer ‘It “Europeesk Hânfêst” en it ûnderwiis yn it Frysk oan wjerskanten fan de steatsgrins, benammen yn ferbân mei de mooglikheid ta it oanspannen fan juridyske prosedueren (II)’ (s. 15-21). Ek de earste kollum fan Jaap Slager (s. 24).
- STH-Ûnderkent (ÚeT [24]) – Europeesk Hânfêst en juridyske prodedueren (I), NF III, 2017.pdf. Twa artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVI, nû. 3, sept. 2017):
(1.) ‘Ús eigen taal [24]’, mei de titel ‘Hy “ûnderkent” dat er har net goed “ken” …’ (s. 6-7) en
(2.) oer ‘It “Europeesk Hânfêst” en it ûnderwiis yn it Frysk oan wjerskanten fan de steatsgrins, benammen yn ferbân mei de mooglikheid ta it oanspannen fan juridyske prosedueren (I)’ (s. 11-20).
- STH-Frisonica libertas, NF II, 2017.pdf. Artikel fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVI, nû. 2, ‘Ús eigen taal [23]’, juny 2017, s. 8-11) oer in wichtich digitaal oan te klikken artikel fan dr. Oebele Vries ûnder de titel ‘Frisonica libertas: Fryske frijdom as in eksimpel fan midsiuwske frijheid’.
- STH-De Fryske Rie en de trije Fryslannen (II); taal rou-advertinsje Aukje Hoogland-Peanstra, NF I, 2017.pdf. Ferfolchartikel fan drs. Sytze T. Hiemstra yn Nij Frisia (jrg. LXVI, nû. 1, ‘Ús eigen Taal [22]’, maart 2017, s. 17-21) oer ‘De Fryske Rie en de trije Fryslannen (II)’ (it earste stiet yn Nij Frisia I, 2016). Fierders in stikje fan Hiemstra mei as kop ‘By it ferstjerren fan Au(c)kje Hoogland-Peanstra’ mei dêryn opnommen in brief fan B.J. Postma foar de Martena-skoalle te Bitgummole, mei krityk op de Hollânsktalige rou-advertinsje fan dy skoalle by it ferstjerren fan dy ferneamde Fryske skriuwster (s. 22-23).
- STH-analyze en evaluaasje fan it Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, 26-03-2017.pdf Bydrage fan drs. S.T. Hiemstra (û.o. skriuwer fan de FFU) ornearre foar de polityk en foar Fryske organisaasjes dy’t har mei it Fryske taal- en ûnderwiisbelied dwaande hâlde, oer it Dingtiid-rapport ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, dat op 3 febr. 2017 oan mr. Sietske A.E. Poepjes (deputearre foar ûnderwiis, taal en kultuer) te Burgum oanbean is. It is in krityske analyze en evaluaasje fan in teloarstellend en tekoartsjittend advys.
- STH-bydrage foar EBLT e.o. oer in rjochtsgong oangeande kêst 8, Hânfêst.pdf. Bydrage fan drs. S.T. Hiemstra (fertsjintwurdiger fan de fan de VLLT yn it Europeesk Buro foar Lytse Talen [EBLT]) foar it EBLT en oaren oer de mooglikheden om in juridyske proseduere oan te spannen tsjin it Ryk (‘Nederland’), omdat it sintraal regear yn De Haach ûnderwiiskêst 8 fan it European Charter for Regional or Minority Languages (it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen van minderheden) net of net foldwaande neikomt (ymplemintearret).

2016
- STH-De KFFB yn petear mei Gerben Abma, NF 3/4, 2016.pdf In artikel yn Nij Frisia (jrg. LVX, nû. 3/4, des. 2016) fan drs. Sytze T. Hiemstra oer Gerben Abma ûnder de kop ‘De KFFB yn petear mei Gerben Abma’ (s. 12-15). It nûmer is foar in grut part wijd oan libben, wurk en ferstjerren (op 5 des. 2016) fan Abma. Fierders is fan drs. Kerst Huisman opnommen ‘Fryske kartografy: gjin sljochtwei oerset- en oerplakwurk’ (s. 6-11), dat ek fan belang is foar ûnderwiisdoelen.
- STH-FFU-laudatio’s Postma en Jousma; de Fryske Rie en de trije Fryslannen (I); struibrief ‘Opstalsbeam’, NF 1, 2016.pdf. Twa FFU-laudatio’s skreaun troch FFU-skriuwer drs. Sytze T. Hiemstra foar dr. Bertus Jans Postma (mei in ynlieding) en Cor Jousma (mei de dêrby hearrende FFU-eare-oarkonden) oangeande harren steech krewearjen foar offisjeel Frysktalige toponimen en it belang dêrfan foar it ûnderwiis yn it Frysk (s. 4, 12, 21, 24). Boppedat Hiemstra syn 21ste ‘Ús eigen Taal’ oer ‘De Fryske Rie en de trije Fryslannen (I)’ (s. 13-19) en in werjefte fan it troch Hiemstra redigearre Frysktalich struibrief oer de ‘Opstalsbeam’ (oangeande de ‘Fryske frijheid’, ferskynd yn 2015, s. 20). Fierders û.o. in artikel fan Goaitzen Bosma oer ‘Hilgelân’ (s. 7-11).

2015
- STH-Jongfriezen yn aksje foar ûnderrjocht en foarming yn it Frysk (I, II, III), NF 4, 2015.pdf. Trije artikels fan drs. Sytze T. Hiemstra yn it jubileumnûmer fan Nij Frisia  oer ‘Hûndert jier Jongfryske Mienskip’ (jrg. LXIV, nû. 4, 152 siden) mei as titels: ‘Jongfriezen yn aksje foar ûnderrjocht en foarming yn it Frysk (I): 1915-1945’ (s. 17-45); ‘Jongfriezen yn aksje foar ûnderrjocht en foarming yn it Frysk (II): 1945-1975’ (s. 61-90); ‘Jongfriezen yn aksje foar ûnderrjocht en foarming yn it Frysk (III): 1975-2015’ (s. 119-150).
- STH-Ús eigen taal (20): Digitale differinsjaasje yn it fuortset spesjaal ûnderwiis, NF 3, 2015.pdf. Sytze T. Hiemstra syn 20ste ‘Ús eigen taal’ yn Nij Frisia (LXIV, nû. 3, sept. 2015, s. 10-13) oer ‘Nije ûnderwiiswetjouwing foar it Frysk en digitale differinsjaasjemooglikheden yn it fuortset ûnderwiis (1)’ (skreaun mei Froukje de Vries). Fierders û.o. in stik fan Anton van der Ploeg (Fryske Rie) oer de Friezemoeting op Hilgelân yn 2013 (s. 13-15), de taspraak fan Kerst Huisman by de Opstalsbeam op 26 maaie 2015 (s. 6-9) en Huisman syn tredde artikel oer Frysktalige kartografy (eksonimen, diel III, s. 19-21).
- STH-Ús eigen taal (19): It Frysk yn it Spesjaal Ûnderwiis, in ûnderwiistrageedzje,  NF 2, 2015.pdf. Sytze T. Hiemstra syn 19de ‘Ús eigen taal’ yn Nij Frisia (LXIV, nû. 2, juny 2015, s. 7-12) oer ‘It Frysk yn it Spesjaal Ûnderwiis: in ûnderwiistrageedzje …’ Oanslutend in brief (d.d. 26-03-2005) fan Hiemstra (as skriuwer fan de FFU) oan de Steaten fan Fryslân (DS en PS) oer de kwestje (s. 13-15). Fierders û.o. in ynlieding fan Koen Zondag oer syn ‘Annotearre bibliografy by Lange oanrin, koarte sprong’ (2015; s. 4-8) en Kerst Huisman syn twadde artikel oer Frysktalige kartografy (eksonimen, diel II, s. 19-24).
- STH-Ús eigen taal (18): It belang fan de bruorren Halbertsma foar it Frysk, NF 1, 2015.pdf. Sytze T. Hiemstra syn 18de ‘Ús eigen taal’ yn Nij Frisia (LXIV, nû. 1, maart 2015, s. 4-7) oer ‘It grutte belang fan de bruorren Halbertsma foar de Fryske taal en kultuer’. Fierders in ‘opmerklik’ stikje fan Hiemstra oer ‘Minder bystân by minne taalbehearsking’ (s. 7). Yn dit nûmer stiet û.o. ek it earste artikel fan Kerst Huisman in oer eksonimen mei as titel ‘Frysktalige kartografy: bydrage ta it ynsjoch dat it Frysk in folsleine taal is (diel I)’ (s. 19-23).

2014
- STH-Ús eigen taal (17) ‘Taalferdraggen neilibje’, ‘It Frysk ferbynt’, NF 4, 2014.pdf  Sytze T. Hiemstra syn 17de ‘Ús eigen taal’ yn Nij Frisia (LXIII, nû. 4, des. 2014, s. 4-6) oer ‘Taalferdraggen foar taalminderheden moatte neilibbe wurde!’. Yn itselde nûmer in stik fan sines oer de Warns-betinking yn 2014 ûnder titel ‘It Frysk ferbynt’ (s. 17-22; mei bydragen fan Tom Dykstra, Hâns Dyk en Lysbeth Jongbloed) en syn FFU-laudatio, skreaun om Froukje de Vries te earjen (útspruten troch FFU-foarsitter Tom Dykstra; s. 15).
- STH-Ús eigen taal (16): Ús eigen taal ‘keninginne’ yn ús eigen lân, NF 3,  2014 pdf  Sytze T. Hiemstra syn 16de ‘Ús eigen taal’ yn Nij Frisia (LXIII, nû. 3, sept. 2014, s. 4-6) oer “It rjocht fan ‘ús eigen taal’ om ‘keninginne’ te wêzen yn ‘ús eigen lân’”. Fierder beskriuwt Hiemstra yn itselde nûmer yn in artikel mei de titel ‘Gean foar it Frysk’ (s. 12-15) de betsjutting fan prof. dr. Reinier Salverda, direkteur fan de Fryske Akademy, foar de Fryske striid en de Fryske wittenskip, mei dêryn opnommen in taspraak fan Salverda (mei deselde titel), holden op 28 sept. 2013 op it Reaklif by de betinking fan de Slach by Warns.
- STH-Us eigen taal (15): It fierder standerdisearjen fan it Frysk is needsaaklik (2), NF 2, 2014.pdf Sytze T. Hiemstra syn 15de Ús eigen taal yn Nij Frisia (earder Lyts Frisia) (LXIII, nû. 2, juny 2014, s. 4-9) oer ‘It fierder standerdisearjen fan it Frysk is needsaaklik (2)’. Fierder is Hiemstra syn ynspraaktekst ‘De kultuerpedagogyske betsjutting fan Frysktalige toponimen’ oangeande de nammeferoaring fan de nije fúzjegemeente De Friese Meren yn De Fryske Marren opnommen (s. 12).
- STH-Us eigen taal (14): It fierder standerdisearjen fan it Frysk is needsaaklik (1), NF 1, 2014.pdf Sytze T. Hiemstra syn 14de Ús eigen taal yn Nij Frisia (earder Lyts Frisia) (LXIII, nû. 1, maart 2014, s. 4-8) oer ‘It fierder standerdisearjen fan it Frysk is needsaaklik (1)’. Fierder skriuwt Hiemstra yn itselde nûmer oer ‘Promoasje Jelske Dykstra yn Frjentsjer’ (2013) op in proefskift oer ‘Growing up with Frisian and Dutch’ (s. 8-10). En boppedat oer ‘Ljouwerteradiel en it Frysk’ (s. 14) oangeande de iensidich Hollânsktalige promoasje op Omrop Fryslân oer de takomst fan de gemeente Ljouwerteradiel.

2013
- STH-Us eigen taal (13): noata ‘Grinzen oer’, LF 2, 2013.pdf  Sytze T. Hiemstra syn 13de Us eigen taal yn Lyts Frisia (LXII, nû. 2, juny 2015, s. 28-36) is in krityske hifking fan de provinsjale (konsept-)noata Grinzen oer (de noata is yn definitive foarm yn 2013 ferskynd), dy’t ek as FFU-brief nei de Steaten ferstjoerd is. Hiemstra jout boppedat omtinken oan it útrikken fan de twadde FFU-eare-oarkonde (mei in lofprizing) oan Klaske Straatsma-Westerhof (s. 39-40). Geart Tigchelaar stipet yn ‘Kom mar op mei dy standert!’ it gearstallen fan in standertwurdlist (s. 23-26).
- STH13-Us eigen taal (12): ‘Slokke’ om it ‘slikken’, LF 1, 2013.pdf  Sytze T. Hiemstra syn 12te Us eigen taal yn Lyts Frisia (LXII, nû. 1, maart 2013, s. 4 en 5) oer de tekoartsjittende korreksje fan de Leeuwarder Courant as it om it Frysk giet. Under de kop ‘Slokke’ om it ‘slikken’ hat Hiemstra in stikje oer de taalaberraasjes fan Joke Corporaal ynstjoerd, dat nea troch de LC pleatst is. Yn itselde LF-nûmer bydragen fan Kerst Huisman (‘Praat dochs Frysk’), Jan Romkes van der Wal (‘Hilgelân’) en Ed Knotter (‘Kofje ferkeard’).

2012
- STH12-Us eigen taal (11): Frisofoby, LF 4, 2012.pdf  Sytze T. Hiemstra syn 11te Us eigen taal yn Lyts Frisia (LXI, nû. 4, des. 2012, s. 56-58). Diskear oer Frisofoby, d.w.s. de eangst foar te ‘Fryske’ teksten. Tony Feitsma skreau dêr yn 1990 in artikeltsje oer, dat no fannijs yn it omtinken brocht wurdt. Troch frisofobe skriuwers ferliest it Frysk syn eigen kleur en toan.
-
STH12.De trijetalige skoalle en yntegraliteit, LF 3, 2012.pdf In artikel fan Sytze T. Hiemstra yn Lyts Frisia (LX1, nû. 3, sept. 2012, s. 35-40 oer ‘De trijetalige skoalle en yntegraliteit’ (‘Us eigen taal [10]’). Hiemstra ornearret dat in folweardich plak fan it Frysk yn alle skoaltypen yn Fryslân op trije ferskillende organisaasjenivo’s yn binende en ferplichtsjende wet- en regeljouwing fêstlein wurde moat (fertikale yntegraliteit). Der moatte boppedat nije learmiddels ûntwikkele wurde dêr’t it Frysk, Ingelsk en Hollânsk ek systematysk yn mei-inoar ferlike en op inoar belutsen wurde kinne (horizontale yntegraliteit).
Tom Dykstra skriuwt yn itselde LF-nûmer in stik oer ‘De Feriening Frysk Underwiis (FFU) bestiet in fearnsieu! Dogge wy derta?’ (s. 41-43).
STH12-It Frysk is yn De Haach net yn goede hannen [...], LF 2, 2012.pdf In artikel fan Sytze T. Hiemstra yn Lyts Frisia (LXI, nû. 2, maart 2012, s. 23-28) ûnder de kop ‘It Frysk is yn De Haach net yn goede hannen en sil dat ek nea wêze’. Hiemstra jout oan dat der yn De Haach al hiel lang foar it Frysk yn it ûnderwiis net folle te beskreppen falt, wylst it tige needsaaklik is om op basis fan lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk oan it Hollânsk hiel wat ûnderwiiswetten oan te passen.
- STH12-Meartaligens by bern mei in beheining, 2012.pdf Sytze T. Hiemstra syn oersetting yn it Frysk fan it Hollânsktalige artikel ‘Meertaligheid bij kinderen met een beperking’ (foar It Nijs, RfdFB): ‘Meartaligens by bern mei in beheining’ (20-03-2012).
- STH12-Us eigen taal (9): de media en de kwaliteit fan it Frysk (1), LF 1, 2012.pdf Sytze T.Hiemstra syn njoggende stik yn Lyts Frisia (LXI, nû. 1, maart 2012, s. 7-16) oer Us eigen taal (9). Nei 7 stikken oer útgongspunten foar in taalstandert  fan it Frysk no in artikel oer de media en de kwaliteit fan it Frysk (1). Taal- en staveringsflaters yn de krante(n) binne skrassende neilen op it skoalboerd. By in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante oer Afrika en by in artikel oer it libben en krewearjen fan Ultsje Hosper yn it Frysk Deiblêd wie dat wol tige sterk it gefal. Beide artikels wurde analysearre. Haadredakteuren soene wol in krante sûnder flaters hawwe wolle, mar dan moatte redakteuren mear flyt dwaan op de kwaliteit fan it Frysk dat yn de krante komt en better stúdzje meitsje fan de regels en it taaleigen fan it Frysk.
- STH12-Moeting Frije Friezen by de Upstalbeam, Swingel 33, 2012.pdf In artikel fan Sytze T. Hiemstra oer de moeting fan Friezen út Nederlân en Dútslân op 14 juny 2011 by de Upstalbeam yn Auerk (Swingel, nû. 33, maart 2012, s. 8-10). In grut part fan de ynlieding dy’t deputearre Jannewietske de Vries dêr holden hat, is yntegraal opnommen. De betsjutting fan de Upstalbeam wurdt ferdútst.

2011
- STH11Us eigen taal (8): útgongspunten Fryske taalstandert (7), LF 4, 2011.pdf  Sytze T. Hiemstra syn achtste stikje yn Lyts Frisia (LX, nû. 4, des. 2011, s. 57-65) oer Us eigen taal (8); útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (6=7!). De rige útgongspunten foar in Fryske-taalstandert wurdt fuortset en it ûnsuver brûken fan it Frysk by de eigen (provinsjale) oerheid op it harspit nommen. In takomstich Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer soe de kwaliteit fan it taalgebrûk bewekje moatte. Dêr past ek it gearstallen fan in Grien Wurdboekje en in Griene Grammatika by.
- STH11-Baukje Bosscha en de Fryske Rie, Swingel 32, 2011.pdf In artikel fan Sytze T. Hiemstra yn Swingel (nû. 32, des. 2011.s.18-19) oer it ôfskie fan en it achttsjin jier lang krewearjen fan Baukje Bosscha-Stapenséa foar de Fryske Rie.
- STH11-Us eigen taal (7): útgongspunten Fryske taalstandert (6), LF 3, 2011.pdf  Sytze T. Hiemstra syn sânde stikje yn Lyts Frisia (LX, nû. 3, sept. 2011, s. 45-52) oer Us eigen taal (7): útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (6). De rige útgongspunten foar in Fryske-taalstandert wurdt fuortset en it (ûnsuver) brûken fan it Frysk yn de kollums fan Joke Corporaal (Ljouwerter Krante) wurdt foar de twadde kear op it harspit nommen.
- STH11-It kin en moat better, Swingel 30, 2011.pdf In artikel fan Sytze T. Hiemstra mei as titel It kin en moat better! yn Swingel (nû. 30, juny 2011, s. 6-7) oer it ûnderwiis yn it Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Dat ûnderrjocht moat neffens de Feriening Frysk Underwiis en deputearre Tineke Schokker gâns better.
- STH11-Us eigen taal (6): útgongspunten Fryske taalstandert (5), LF 2, 2011.pdf  Sytze T. Hiemstra syn sechste stikje yn Lyts Frisia (LX, nû. 2, juny 2011, s. 19-25) oer Us eigen taal (6): útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (5).
- STH11-Us eigen taal (5): útgongspunten Fryske taalstandert (4), LF 1, 2011.pdf  Sytze T. Hiemstra syn fyfste stikje yn Lyts Frisia, LX, nû. 1, maart 2011 (s. 4-7) oer Us eigen taal (5): útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (4).
- STH11-Mear politike ienheid tusken de Fryslannen is winsklik!, Swingel 29, 2011.pdf. In artikel fan Sytze T. Hiemstra oer ‘Mear politike ienheid tusken de Fryslannen is winsklik!’ yn Swingel (nu. 29, maart  2011, s. 6-9).
STH11-Alex Riemersma earelid Levende Talen, Swingel 29, 2011.pdf. In artikel fan Sytze T. Hiemstra oer ‘Alex Riemersma earelid Levende Talen’ yn Swingel (nû. 29, maart 2011, s. 17-18).

2010
- STH10-Frysk yn it spesjaal ûnderwiis?, Swingel 28, 2010.pdf. In artikel fan Sytze T. Hiemstra mei as titel ‘Frysk yn it spesjaal ûnderwiis? Ja, en no avensearje!’ yn Swingel (nû. 28, des. 2010, s. 15-19). Oer de skandalige gong fan saken as it om it wetlik ferplichtsjen fan it Frysk as fak en fiertaal yn it spesjaal ûnderwiis giet. Dêr is sa’n protte mooglik en der wurdt noch sa’n bytsje oan dien troch de oerheid.
- STH10-Us eigen taal (4): útgongspunten Fryske taalstandert (3), LF 4, 2010.pdf Sytze T. Hiemstra syn fjirde stikje yn Lyts Frisia, LIX, nû. 4, des. 2010 (s. 51-53) oer Us eigen taal (4): útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (3).
- STH10-De autonomy fan skoallen, Lodewijk Asscher en it Frysk, LF 4, 2010.pdf In artikel fan Sytze T. Hiemstra yn Lyts Frisia, LIX, nu. 4, des. 2010 (s. 60-63) oer ‘De autonomy fan skoallen. Lodewijk Asscher en it Frysk’, benammen oer de Frysk-ûnfreonlike taalhâlding fan skoalbestjoerders en har navenant like beroerde taalgedrach.
- STH10-De Fryske Rie en de trije Fryslannen (II), Swingel 27.pdf. In artikel, skreaun mei Saapke Miedema, oer it ‘Friesen-Droapen’ op Hilgelân yn 2010, it stribjen nei mear politike ienheid tusken de trije Fryslannen en it ta stân bringen fan in formeel ynter-Frysk ferdrach op desintraal nivo (Swingel, nû. 27, sept. 2010, s. 4-7; sjoch foar it earste artikel oer de Fryske Rie by 2008).
- STH10-Basisskoalle ’t Holdernêst is ‘trijetalige skoalle’, Swingel 27.pdf. Artikel oer in feestlike gearkomste op 22 juny 2010, doe’t de iepenbiere basisskoalle ’t Holdernêst út De Harkema it sertifikaat ‘Trijetalige Skoalle’ krige (Swingel, nû. 27, sept. 2010, s. 12-13).
- STH10-Us eigen taal (3): útgongspunten Fryske taalstandert (2).pdf Sytze T. Hiemstra syn tredde stikje yn Lyts Frisia, LIX, nû. 3, sept. 2010 (s. 35-37) oer Us eigen taal (3): útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (2). Oanslutend in bydrage fan Wolter Jetten oer de ‘Untjouwing fan it Standertfrysk’.
- STH10-Us eigen taal (2): útgongspunten Fryske-taalstandert (1).jpg Sytze T. Hiemstra syn twadde stikje yn Lyts Frisia, LIX, nû. 2, juny 2010 oer Us eigen taal (2): útgongspunten foar in Fryske-taalstandert (1).
- STH-Us eigen taal (1): taalnoarm en taalstandert, LF 1, 2010.jpg  Sytze T. Hiemstra syn earste stikje yn Lyts Frisia, LIX, nû. 1, maart 2010 (s. 4-5) oer Us eigen taal (1): taalnoarm en taalstandert.
- STH10- Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden.pdf. Frysktalige oersetting troch Sytze T. Hiemstra fan de Framework Convention for the Protection of National Minorities (it EuropeeskKaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden (Stb. 2004, 681)).

2009
- STH09-Wurdt it noch wat?, Swingel 25.pdf. In artikel mei as titel ‘Wurdt it noch wat?’ yn Swingel, nû. 25, 2009, s. 10. It hannelet oer in kritysk brief fan de FFU oan alle leden fan de Twadde Keamer oer de te stadige gong fan saken as it om beslútfoarming oer it belied oangeande de Fryske taal giet. It FFU-brief is oan te klikken by ‘Brieven 2009’ (útgien) of op: FFU-Europeesk Hânfêst, s[f]û en bmû oan TK, 240809.pdf.
- STH09-Fatsoenlik of krûperich?, Swingel 25.pdf. In artikel mei as titel ‘Fatsoenlik of krûperich? yn Swingel, nû. 25, 2009, s. 7-8. It hannelet oer in kritysk brief fan de FFU oan de BVPF Vrouwen van Nu oer it taalgedrach fan harren foarsitter, frou Nely Jukkema-Nammensma, dy’t seit dat se har yn gearkomsten fan it bûn al hiel gau ferbrekt en oergiet op it Hollânsk (‘al zit er maar een halve kip in de zaal die geen Fries verstaat’). It FFU-brief is oan te klikken by ‘Brieven 2009’ (útgien) of op: FFU-BvPF, Vrouwen van Nu en it Frysk, 191109.pdf.
- STH09-Frisofoby fan Jetske Bilker (II), LF 3.pdf. It twadde part (diel II) fan in frij wiidweidige skôging oer it frisofobyske taalgebrûk (‘min/gjin Frysk’) fan Jetske Bilker yn har literêre kritykjes yn de Leeuwarder Courant út de jierren 2006-2008, ûnder de titel ‘Op weg naar het kakhuis’ of de ‘frisofoby’ fan Jetske Bilker (II), mei gâns ferdúdlikjende noaten. Te finen yn Lyts Frisia (jrg. LVIII, nû. 3, sept. 2009, s. 33-40). Sjoch en klik hjirûnder foar it foarste part (diel I) fan it artikel.
- STH09-In ferhaal fan de Fryske taal, DP 2,pdf . In skôging yn it lêste nûmer fan De Pompeblêden, nû. 2, jrg. 80, 2009, s. 29 mei as titel In ferhaal fan de Fryske taal oer Tusken Talen. In ferhaal fan de Fryske taal fan Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, in útwindige taalskiednis fan it Frysk. Oanslutend is in positive skôging te finen fan Henk Wolf oer it troch Sytze T. Hiemstra foar it grutste part út it Dútsk wei oersette boek De Fryslannen (2009): ‘Serieuze beskriuwing fan de Fryslannen’, s. 29 en 30. Hiemstra hie ek de einredaksje fan dat moaie boek fan de Fryske Rie/Afûk.
- STH09-It Frysk Hânwurdboek, DP 2.pdf . In skôging yn it lêste nûmer fan De Pompeblêden, nû. 2, jrg. 80, 2009, s. 30-31 mei as titel It Frysk Hânwurdboek, oer it ientalige Frysk Hânwurdboek (2008) fan P.Duijff, F. van der Kuip e.o.
- STH09-Frisofoby fan Jetske Bilker (I), LF 1-2,pdf. It foarste part (diel I) fan in frij wiidweidige skôging oer it frisofobyske taalgebrûk (‘min/gjin Frysk’) fan Jetske Bilker yn har literêre kritykjes yn de Leeuwarder Courant yn de jierren 2006-2008 ûnder de titel ‘Op weg naar het kakhuis’ of de ‘frisofoby’ fan Jetske Bilker (I) mei gâns ferdúdlikjende noaten yn Lyts Frisia (jrg. LVIII, nû. 1-2, juny 2009, s. 4-11). Yn in DWERS (Leeuwarder Courant, 26-06-2009, s. 14, ‘Freed’) skriuwt Pieter de Groot dêr wer oer: “Sytze T. Hiemstra stroffelet oer it taalgebrûk fan LC-resinsinte Jetske Bilker, dat de Hollânske kant útskaait. Hy hat mei syn sân siden gelyk, mar kriget it fansels net. It troch him propagearre (ferdigene?) standertfrysk is allang op syn retoer. Om foar de grutte kliber noch fersteanber en lêsber te bliuwen, dogge skriuwers hieltyd mear Hollânsk wetter by de Fryske wyn. It reade skoalmasterspoatlead male se net om. Min Frysk is modern Frysk, en dat de ein it ‘kakhuis’ is, mei om har hinne bruie.”
- STH09-‘Het is de economie, gekkie ...’, Swingel 23.pdf. In artikel mei as titel ‘Het is de economie, gekkie ...’, yn Swingel, nû. 23, 2009, s. 14-17. Oer it grutte belang foar de Fryske taalpolityk fan in fersterking fan in ekonomyske basis fan it Frysk.
- STH09-Ofskie fan Bert Wemmenhove.pdf. Ofskie fan Bert Wemmenhoven as mentor fan de Skeakel- en Oriïntaasjeklasse fan Skoalle Lyndensteyn op 26 maart 2009.
- STH09-Fryske Rie en Advisory Committee Europeesk Ramtferdrach Nasjonale Minderheden, 250209.pdf  Ynlieding op 25 febr. 2009 út namme fan de Fryske Rie foar it Advisory Committee of the Council of Europe (Ried fan Europa) oangeande it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden (Framework Convention for he Protection of National Minorities (FCNM).

2008
- STH08-De Fryske Rie en de trije Fryslannen (I), Swingel 22.pdf. In artikel mei as titel ‘De Fryske Rie en de trije Fryslannen (I), yn Swingel, nû. 22, 2008, s. 5-10. Oer de grûnslaggen en de aktiviteiten fan de Fryske Rie en de Ynterfryske Rie.
- STH08-Kwaliteit Frysk yn media en oare ynstellings (IV), Swingel 22.pdf. In artikel mei as titel ‘De kwaliteit fan it Frysk yn de media en by oare Fryske ynstellings (IV)’ yn Swingel, nû. 22, 2008, s. 14-20. It giet benammen oer it sloffe taalgebrûk fan Jetske Bilker en de korreksje fan it Frysk yn de Ljouwerter Krante.
- STH08-Kwaliteit Frysk yn media en oare ynstellings (III), Swingel 21.pdf. In artikel oer Fryske taalsoarch, de Fryske taalnoarm en taalstandert 
mei as titel ‘De kwaliteit fan it Frysk yn de media en by oare Fryske ynstellings (III)’ yn Swingel, nû. 21, 2008, s. 11-20.
- STH08-Op weg naar het kakhuis of de frisofoby fan Jetske Bilker-081231.pdf. Yn har kritiken yn de Ljouwerter Krante stapt Jetske Bilker geregeld, sûnder hokfoar needsaak ek, oer ús taalgrinzen hinne. Se sjocht net op in hollânisme mear of minder. Boppedat krûpt se gauris it Frysk oan dat it tichtste by it Hollânsk leit. Sa’n taalgedrach kin omskreaun wurde as in foarm fan frisofoby.
- STH08-Oanfalsplan Frysk 2de pr.pdf, oanfalsplan (d.d. 29-10-2008) fan de FFU (drs. T. Dykstra en einredakteur drs. S.T. Hiemstra) en de Ried fan de Fryske Beweging (dr. J. van der Bij en dr. R. Valk, dêr’t ek in bydrage oan levere is troch drs. P. Bergsma en prof. dr. R. Salverda (Fryske Akademy).
- STH08-Friezen, yn de oanfal!, Swingel 20.pdf. In artikel mei as titel ‘Friezen, yn de oanfal!’ yn Swingel (nû. 20, 2008, s. 7-9), fan Sytze T. Hiemstra en Pier Bergsma, oer it ‘Oanfalsplan Frysk’ (sjoch dêrfoar ek by ‘Rapporten en noata’s), in plan foar mear taalaksje, dat beide skriuwers mei oaren gearstald hawwe.
- STH08-Kwaliteit Frysk yn media en oare ynstellings (II), Swingel 20.pdf. In artikel mei as titel ‘De kwaliteit fan it Frysk yn de media en by oare Fryske ynstellings (II)’ yn Swingel, nû. 20, 2008, s. 10-18.

2007
- STH07-Prisma wurdboek foar it ûnderwiis, De Pompeblêden 4.pdf. Skôging fan it Prisma woordenboek Fries (F/N – N/F) yn De Pompeblêden, nû. 4, 2007, s. 49-50.
- STH07-Kwaliteit Frysk yn media en oare ynstellings (I), Swingel 19. pdf. In artikel mei as titel ‘De kwaliteit fan it Frysk yn de media en by oare Fryske ynstellings (I)’ yn Swingel (nû. 19, 2007, s. 6-11).
- STH07-Folchoarderswierrichheden yn it Frysk (II), Set it *net dêrop!, Swingel 19.pdf. In artikel yn Swingel (nû. 19, 2007, s. 22-23) mei as titel ‘Folchoarderswierrichheden yn it Frysk (II), Set it *net dêrop!’ oer it spjalten fan wurdsjes as hjiryn, hjirnjonken, hjirmei, dêrtroch, dêrfoar, dêrby, ensfh.
- STH07-Hânfêst fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa.pdf. Frysktalige oersetting fan Sytze T. Hiemstra fan it Ingelsktalige Charter for the autochthonous, national minorities in Europe en it Dútsktalige Charta der autochthonen, nationalen Minderheiten/Volksgruppen in Europa, oannommen op de gearkomste fan ôffurdigen fan de FUEN/FUEV (Federal Union of European Nationalities/Föderalistische Union Europäischer Volksgruppen) yn Bautzen/Budyšin, 25 maaie 2006.
- STH07-Folchoarderswierrichheden yn it Frysk (I), Kom *net hjir!, Swingel 18.pdf. In artikel mei as titel ‘Folchoarderswierrichheden yn it Frysk (I), Kom *net hjir!’ oer de folchoarder fan wurden lykas dêr en hjir yn de sin, te finen yn Swingel, nû. 18, s. 9-11.
- STH07-Hoe fierder mei de Fryske kanon?, Swingel 17.pdf. In artikel mei as titel ‘Hoe fierder mei de Fryske kanon?, te finen yn Swingel, nû. 17, 2007, s. 4-7.
- STH07-Taalwet of net?, Swingel 16.pdf. In ynlieding mei as titel ‘Taalwet of net?’, holden op 23 septimber 2006 by de jierlikse betinking fan de Slach by Warns, te finen yn Swingel, nû. 16, 2007, s. 11-14.
- STH07-FUEN-Hânfêst fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa.pdf. Frysktalige oersetting fan Sytze T. Hiemstra fan it Ingelsk- en Dútsktalige Hânfêst fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa (Charter for the autochtonous national minorities in Europe/Charta der autochthonen, nationalen Minderheiten/Volksgruppen in Europa), oannommen op de gearkomste fan ôffurdigen fan de Federale Uny fan Europeeske Nasjonaliteiten (FUEN) te Bautzen / Budyšin, 25 maaie 2006.

2006
- STH06-De FFU, 1987-2007, earder en hjoed, Swingel 16.pdf. In artikel ûnder de kop ‘De FFU, 1987-2007, earder en hjoed’, te finen yn Swingel, nû. 16, 2006, s. 22-24.
- STH06-Oerdracht Fryske taal en kultuer, Swingel 14.pdf. In artikel mei as titel ‘De oerdracht fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis’, oer de needsaak fan in Fryske kultuerpedagogyske diskusje en in Fryske kulturele kanon, te finen yn Swingel, nû. 14, 2006, s. 11-17.
- STH06-Yn oantinken oan Rindert Straatsma, Swingel 14.pdf. In taspraak by de kremaasjeplechtichheid fan Rindert Straatsma op 1 febr. 2006 mei as titel ‘Yn oantinken oan Rindert Straatsma’, te finen yn Swingel, nû.14, 2006, s. 3-6.

2005
- STH05-It Frysk en Skoalle Lyndensteyn (5), Sk. en th. 30.pdf. It fyfte artikel mei de titel ‘It Frysk op Skoalle Lyndensteyn (5)’, te finen yn Skoalle en thús/Thuis en school (ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn), nû. 30, maart 2005, losse bylage, s. 2-7.
- STH05-It Frysk en Skoalle Lyndensteyn (4), Sk. en th. 29.pdf. It fjirde artikel oer twatalich spesjaal ûnderwiis mei de titel ‘It Frysk op Skoalle Lyndensteyn (4, te finen yn Skoalle en thús/Thuis en school (ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach), nû. 29, febr. 2005, losse bylage, s. 1-5.
- STH05- It ‘nije learen’ (I).pdf. In kritysk artikel oer ‘It ‘nije learen’ en Skoalle Lyndensteyn (I)’, te finen yn Skoalle en thús, ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach, nû. 32, maaie 2005, losse bylage, s. 1-6.
- STH05- It ‘nije learen’ (II).pdf. In kritysk artikel oer ‘It ‘nije learen’ en Skoalle Lyndensteyn (II)’, te finen yn Skoalle en thús, ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach, nû. 33, juny 2005, losse bylage, s. 1-7.

2004

- STH04-It Frysk en Skoalle Lyndensteyn (3), Sk. en th. 28.pdf. It tredde artikel oer twatalich spesjaal ûnderwiis mei de titel ‘It Frysk op Skoalle Lyndensteyn (3)’, te finen yn Skoalle en thús/Thuis en school ynformaasjebulletin en skoalkrante fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach), nû. 28, des. 2004, s. 14-18.
- STH04-It Frysk en Skoalle Lyndensteyn (2), Sk. en th. 27.pdf. It twadde artikel oer twatalich spesjaal ûnderwiis mei de titel ‘It Frysk op Skoalle Lyndensteyn (2)’, te finen yn Skoalle en thús/Thuis en school (ynformaasjebulletin en skoalkrante fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach), nû. 27, nov. 2004, s. 11-15.

- STH04-Inleiden in betekenissen (2).pdf.In kultuerpedagogysk artikel oer ‘School Lyndensteyn en het ‘inleiden in betekenissen’ (2)’, te finen yn Skoalle en thús, ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach, nû. 19, febr. 2004, s. 15-18.

2003
- STH03- School Lyndensteyn en it Frysk (1), Sk. en th. 20.pdf. In earste artikel oer twatalich spesjaal ûnderwiis mei de titel ‘School Lyndensteyn en it Frysk (1)’, te finen yn Skoalle en thús/Thuis en school (ynformaasjebulletin en skoalkrante fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach), nû. 20, maart 2003, s. 14-17.
- STH03-Ontwikkelend onderwijs.pdf. In artikel oer ‘Ontwikkelend onderwijs en School Lyndensteyn’, te finen yn Skoalle en thús, ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach nû. 17, nov., 2003, s. 11-15.
- STH03-De valkuil van het naturalisme.pdf. In artikel oer de ‘De valkuil van het naturalisme en School Lyndensteyn’, te finen yn Skoalle en thús, ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach, nû. 16, okt. 2003, s. 3-6.
- STH03-75 jier De Pompeblê(d)den.pdf. In oersjoch yn fûgelflecht fan de histoarje fan De Pompeblêd(d)en (1928-2003); earst in tydskrift foar Fryske stúdzje fan de Jongfryske Mienskip en nei 1941 fan de AFUK. Te finen yn De Pompeblêden, jrg. 74, april  2003, nû. 1-2 (s. 42-44), in jubileumnûmer oer 75 jier Afûk.
- STH03-Inleiden in betekenissen (1).pdf. In kultuerpedagogysk artikel oer ‘School Lyndensteyn en het ‘inleiden in betekenissen’ (1)’, te finen yn Skoalle en thús, ynformaasjebulletin fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach, nû. 18, des. 2003/jan. 2004, s. 17-20.

1999
- STH99-Philologia Frisica anno1996.pdf. In skôging yn It Beaken (tydskrift fan de Fryske Akademy, jrg. 61, 1999, nû. 1, s. 63-67) oer Philologia Frisica anno 1996. Lêzingen fan it fjirtjinde Frysk Filologekongres 23, 24 en 25 oktober 1996 (Ljouwert: Fryske Akademy, 1998).

1998
- STH-Frysk en Standertfrysk, ôffreding, op- en útbou (II).pdf. It twadde artikel ûnder de titel ‘Frysk en Standertfrysk: ôffreding, op- en útbou (II)’ oer de taalsoarch en it taalnoarmstribjen fan 19de- en  20ste-ieuske taalpommeranten en de winsklike rol fan de oerheid, te finen yn De Pompeblêden, nû. 1, 1998, s. 5-7.

1997
- STH-Frysk en Standertfrysk, ôffreding, op- en útbou (I).pdf. It earste artikel ûnder de titel ‘Frysk en Standertfrysk: ôffreding, op- en útbou (I)’ oer it taalnoarmbesef en -stribjen yn de 17de ieu (Gysbert Japicx en  Johannes Hilarides) yn Fryslân., te finen yn De Pompeblêden, nû. 5, 1997, s. 72-75.
- STH97-Wat moatte de bern yn Fryslân ‘écht’ leare?, DP 1.pdf. In pleit foar in (goed) organisearre kultuerpedagogyske diskusje (kpd) yn Fryslân oer wat de rol en de ynhâld fan it ûnderwiis yn Fryslân, in provinsje mei in eigen taal en kultuer, wêze moat. Artikel yn De Pompeblêden, nû. 1, maart 1997, jrg. 68, s. 21-22.

1996
- STH96-Mei freonlike groetnis,pdf. In skôging yn It Beaken (tydskrift fan de Fryske Akademy, jrg. 58, 1996, nû. 4, s. 194-200) oer Mei freonlike groetnis. Skriuwwizer mei stekwurden en foarbylden gearstald troch Rienk de Haan (Ljouwert: Taalburo Fryske Akademy, 1995). It boekje is in wichtige boarne foar it better skriuwen fan it Frysk, lykas de Schrijfwijzer fan Jan Renkema dat foar it Hollânsk is.

1993
- STH93-Underdompelingsprogramma’s (1) en (2).DP 1-2.pdf. Oersetting fan S.T. Hiemstra fan in artikel fan Jim Cummins oer ûnderdompelingsprogramma’s (yn twa parten), dat yn 1987 yn in Kanadeeske bondel ferskynd is (De Pompeblêden, jrg. 64, nû. 1, febr. 1993, s.11-14 en nû. 2, april 1993, s. 32-37).
- STH93-De noarm fan it Frysk en de AFUK, DP 5.pdf. Artikel fan S.T. Hiemstra oer de taalnoarmproblematyk by de AFUK, mei krityske kanttekenings by P. Breuker syn proefskrift oer Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk (1993) (De Pompblêden, jrg. 64, nû. 5, okt. 1993, s. 76-79)

1992
- STH92-Twatalige opfieding nei de berte, DP 6.pdf. Artikel fan Sytze T. Hiemstra oer benammen de simultane twatalige metoade, it grutbringen fan in bern fan de berte ôf yn twa talen tagelyk (De Pompeblêden, jrg. 63, nû. 6, des. 1992, s. 16-17).
- STH92-Underwiis yn en troch it Baskysk, DP 6.jpg. Artikel fan Sytze T. Hiemstra oer it Underwiis yn en troch it Baskysk (De Pompeblêden, jrg. 63, nû. 6, des. 1992, s. 20).
- STH92-Oantinkens oan Rindert Straatsma en de AFUK, DP 6.pdf. Artikel fan Sytze T. Hiemstra ta gelegenheid fan it ôfskie fan Rindert Straatsma as direkteur fan de AFUK (De Pompblêden, jrg. 63, nû. 6, des. 1992, s. 5-8).
- EK/STH92-JanArjen Dykstra slagget foar Frysk op MAFU-C-nivo yn it fsû. DP 5.pdf. Artikel fan Ed Knotter oer JanArjen Dykstra fan skoalle Lyndensteyn, Beetstersweach, dy’t de earste learling yn it fuortset spesjaal ûnderwiis is dy’t slagget foar Frysk op MAFU C-nivo (De Pompeblêden, jrg. 63, nû. 5, sept. 1992, s. 20-21. Oanslutend (s. 21/22) in bydrage fan Koen Eekma, algemien direkteur fan de AFUK, oer Ta it learplan, útsprutsen by it ôfskie fan de Learplankommisje op de jiergearkomste fan 21 maaie 1992, dêr’t Sytze T. Hiemstra yn 1988 de inisjator fan west hat mei syn ynlieding oer in ‘Oare opset fan it AFUK-kursuswurk’.
- STH-Twataligens op de Skotske eilannen en yn Bolivia, DP 4.pdf. Ferslach fan Sytze T. Hiemstra fan ynliedings fan saakkundigen oer de posysje fan it Keltysk op de Skotske eilannen en de Yndianekultuer yn it Andesgebiet foar de Wurkgroep foar Taalsosjology fan de Fryske Akademy (De Pompeblêden, jrg. 63, nû. 4, juny 1992, s. 7)
- STH92-Twataligens en spesjaal ûnderwiis, Jim Cummins, DP 2.pdf. Sytze T. Hiemstra hat in Ingelsktalige referaat fan de Kanadeeske heechlearaar Jim Cummins, Bilingualism and Special Education, opnommen op in diktafoanbantsje en oersetten yn it Frysk. Prof. dr. Cummins, grut saakkundige op it mêd fan de meartaligens, spriek op 9 okt. 1991 op in stúdzjedei foar it spesjaal ûnderwiis dy’t holden waard yn it ramt fan it projekt ‘Ynfiering Frysk yn it (fuortset) Spesjaal Underwiis’ fan Deputearre Steaten (De Pompeblêden, jrg. 63, nû. 2, april 1992, s. 1-7).

1991
- STH91-Kennis fan en ynsjoch yn, DP 6.pdf In artikel ûnder de titel Kennis fan en ynsjoch yn ... (1) oer doelen, ynhâlden, middels en toetsing fan it literatuerûnderrjocht by de AFUK (De Pompeblêden, 1991, jrg. 62, nû. 6. s. 9-13).
- STH91-De oerheid en de standerttaal, DP 3.pdf. In artikel ûnder de titel De oerheid en de standerttaal (De Pompblêden, 1991, jrg. 62. nû. 4, s. 5-7) oer it ferwaarleazgjen troch de  ryks- en provinsjale oerheid fan de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis en dêrmei fan de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk.
-KCS91-Sjoch ris yn de spigel, DP, 1.pdf. In artikel fan Koop C. Scholten ûnder de titel Sjoch ris wat faker yn ’e spigel en skerpje jo op! (De Pompeblêden, 1991, jrg. 62, nû. 1, s. 4-6) oer it troch S.T. Hiemstra betochte ynterferinsjesrubrykje Taalspegel (oer gjin/min en geef Frysk) dat sûnt 01-03-1980 jierrenlang alle dagen yn de Leeuwarder Courant stean soe.

1990
- STH-9091-Literatueranalyzemodel.pdf. Twa artikels yn De Pompeblêden (nû. 6, 1990, s. 3-5 en nû. 1, 1991, s. 6-11) fan Sytze T. Hiemstra en Dick Eisma ûnder de titel ‘Hoe analysearje ik in roman, novelle of ferhaal?’Tige brûkber by de (Fryske) literatuerstúdzje en Afûk-kursussen.
- STH90-In ynternasjonaal ûnderwiisramt, DP 3.pdf. In artikel yn De Pompeblêden (1990, jrg. 61, nû. 3, s. 3-7) ûnder de titel: In ynternasjonaal ramt foar it ûnderwiis yn Fryslân. Foar it grutste part in haadstik út in rapport oer de bestjoerlike ferantwurdlikens foar de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk, taret troch in wurkgroepke fan it Berie foar it Frysk, besteande út S.T. Hiemstra e.o. It hannelet oer de posysje fan  de sprekkers fan minderheidstalen en oer it taal- en ûnderwiisbelied fan it Dútsktalige Belgje en fan Wales.

1989
- STH89-Noarm en ynterferinsje, YSF ’83.pdf. In artikel oar de needsaak en it karakter fan in dúdlike en sa Frysk mooglike taalstandert foar it Frysk en it Frysktalige ûnderwiis en in ûndersyk nei de ynfloed fan it skoallemodel op it ynterferinsjeferskynsel. Te finen yn Noarm en Ynterferinsje. Lêzingen fan de YSF-stúdzjedei fan 9 april 1983 (Amsterdam: Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk, 1989), s. 31- 44.
- STH89-O, dat lestige tiidwurd! DP 2.pdf. In artikel yn De Pompeblêden (1989, jrg. 60, nû. 2, s. 11-13) oer in nij tiidwurdboekje fan de Afûk, taret en skreaun troch Eisma, Hiemstra e.o. as opfolger fan Jan Stienstra syn ‘Dat lestige tiidwurd’. It is in goede stap yn de rjochting fan in gruttere standerdisaasje fan it Frysk.

1987
- STH87-Noarm en learmiddels folwoeksene-ûnderwiis, DP.pdf. Artikel ûnder de titel Noarm en learmiddels folwoeksene-ûnderwiis yn De Pompeblêden (18 april 1987, jrg. 58, nû. 5, s. 82-84) oer de (te grutte) ferskillen yn ‘taalnoarm’ yn ûnderskate learmiddels en it taalnoarmbeslút fan de Afûk fan 14 juny 1985.

1985
- STH85-Frysk en it spesjale ûnderwiis, DP.pdf. Artikel ûnder de titel It Frysk en it spesjale ûnderwiis yn De Pompeblêden (22 juny 1985, jrg. 56, nû. 8, s. 139-145). In ferslach fan de ûnderfinings mei it Frysk op Skoalle Lyndensteyn (mytyl- en tyltylskoalle: in skoalle foar lichaamlike en mearfâldige [ek geastlike] beheinings, te Beetstersweach) en oer de taalbehearsking (Frysk) fan de learkrêften as ien fan de wichtichste ymplemintaasjeproblemen.

1983
- STH83-Noarm en Ynterferinsje, YSF 09-04-1983 [1989].pdf. In artikel fan S.T. Hiemstra oer ‘Noarm en Ynterferinsje’ nei oanlieding fan syn lêzing op in stúdzjedei fan de Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk te Amsterdam op 9 april 1983, publisearre yn 1989.

1980
- STH80-Suske en Wiske yn it Frysk, DP.pdf. In krityske skôging fan Reitze J. Jonkman syn oersetting fan in Suske en Wiske yn it Frysk (Willy Vandersteen, Suske en Wiske, De Pompesetters, BV Friese Pers/Standaard Uitgeverij) ûnder de titel Suske en Wiske yn it Frysk, in gaadlik learmiddel? Ferskynd yn De Pompeblêden (9 jann. 1980, jrg. 51, nû. 1, s. 12-13).

1978
- STH78-Frysk en skoallen op lytse doarpen (I), DP.pdf. In ferfolchartikel op Wat sizze de bern? (I) (sjoch by 1977) ûnder de titel De skoallen op de lytse doarpen – in ‘eigen’ argumint foar har bestean (I). Ferskynd yn De Pompeblêden 1978, jrg. 49, nû. 15, s. 229-230, mei as ûnderwerpen de taalhâlding fan ûnderwizers en it Frysk as fak.
- STH78-Ien bern, twa talen (I) (II), DP.pdf. In skôging (yn twa parten) oer en gearfetting fan  it evaluaasje-ûndersyk (proefskrift) fan Jeh. M. Wijnstra, Het onderwijs aan van huis uit friestalige kinderen (1976) en in beheind ferslach fan Wijnstra dêrfan (Ien bern, twa talen/Eén kind, twee talen) yn De Pompeblêden 1978, jrg. 49  (diel I, 11 febr. 1978, s. 40-43; diel II, 25 febr. 1978, nû. 4, s. 54-57).

1977
- KB77-Skoalmodellen fergelike op útkomsten Frysk ûnderwiis, DP.pdf. In skôging fan Krine Boelens oer Sytze T. Hiemstra en Tom Dijkstra harren stúdzje (foar pedagogyk m.û.-B) Schooltypen en interferentieproblematiek bij van huis uit friestalige kinderen (maart 1977). Boelens syn skôging is ferskynd ûnder de titel Skoalmodellen fergelike op útkomsten fan Frysk ûnderwiis yn De Pompeblêden, 20 aug. 1977, s. 132-134 (sjoch ek by 1977: STH77-Wat sizze de bern? (I), DP.pdf om in artikel fan Hiemstra en Dijkstra oer har skripsje oan te klikken).
- STH77-Wat sizze de bern? (I), DP. pdf. In artikel fan Sytze T. Hiemstra en Thom Dykstra oer har MÛ-B-skripsje pedagogyk (maart 1977; letter ek doktoraalskripsje ûnderwiiskunde) oer Schooltypen en interferentieproblematiek bij van huis uit friestalige kinderen (in toetsingsûndersyk), te finen yn De Pompeblêden, 24 sept. 1977,  jrg. 48, s. 152-155 mei as titel: Wat sizze de bern? (I). In ferfolchartikel is yn 1978 ferskynd ûnder de titel: De skoallen op de lytse doarpen – in ‘eigen’ argumint foar har bestean’ (sjoch by 1978).
- STH77-Frysk yn it bûtengewoan ûnderwiis – gewoan? DP.pdf. In artikel yn De Pompeblêden, 23 april 1977, s. 82-85 mei as titel Frysk yn it bûtengewoan ûnderwiis – gewoan?, in pleit foar in wetlike ferplichting fan it Frysk as fak en fiertaal yn it bûtengewoan (letter: spesjaal) ûnderwiis.

Artikels
- KH-Feriene om de Opstalsbeam hinne, Aurich (Auerk), rede 26-05-2015.pdf Taspraak holden troch drs. Kerst Huisman by de Opstalsbeam te Rahe, gemeente Aurich (East-Fryslân), op 26-05-2015.
- STH-Oerdracht Fryske taal en kultuer.pdf (drs. Sytze T. Hiemstra, 2005, ek yn Swingel, 2006, nû. 14, s. 11-17).
- KH-Canon Friese geschiedenis.pdf (Hollânsktalige gearfetting fan in langere Frysktalige konsepttekst ‘kanon' Fryske skiednis.pdf  (drs. Kerst Huisman, 23-02-2005)).
- JDI-Wijs met onderwijs? (1), artikel fan dr. Jan D. Imelman mei krityk op de subjektivistyske kennisfilosofy fan trije auteurs en harren ûnsinnige winsk om ta ‘Kantelende kennis’ te kommen (2005/2006).
- JDI-Wijs met onderwijs? (2),  konsept-artikel fan dr. Jan D. Imelman, in eardere ferzje fan ‘Wijs met onderwijs? (1)’, no mei trije noaten en in ekstra tekst oer it ûnkritysk brûken fan it begryp ‘lerende organisatie’ (2005/2006).
- KH-Friesland heeft zijn eigen verhaal.pdf. Pleit foar in net-Rânestêdlike skiedniskanon mei in krityske ynlieding (10 siden) en in mear útwurke útstel (16 siden) foar in Fryske kanon fan drs. Kerst Huisman (23-03-2007) as dat fan twa jier earder (KH-Canon Friese geschiedenis.pdf, 23-02-2005).
Friesland heeft zijn eigen verhaal is ek yn de foarm fan in boekje ferskynd (Steven Sterk Uitgevers, 2007).
- BON-Catalogus drogredenen onderwijsvernieuwing.pdf, ûntmaskering fan lju dy’t jo mei lege wurden en falske arguminten (27 stiks) wat wiismeitsje wolle om it ûnderwiis mar neffens har opfettings feroarje te kinnen.

Ynliedings
- AR-Lektorale rede A.M.J. Riemersma: Gelijkwaardigheid en continuïteit van meertalig onderwijs in Europees perspectief-120209.pdf
- FFU-Oanfalsplan Frysk 2de pr.pdf, oanfalsplan (d.d. 29-10-2008) fan de FFU (drs. T. Dykstra en einredakteur drs. S.T. Hiemstra) en de Ried fan de Fryske Beweging (dr. J. van der Bij en dr. R. Valk, dêr’t ek in bydrage oan levere is troch drs. P. Bergsma en prof. dr. R. Salverda (Fryske Akademy).
- STH-Taalwet of net?.pdf , ynlieding fan drs. Sytze T. Hiemstra op de moarnsgearkomste fan de Stifting Slach by Warns (23-09-2006; ek te finen yn Swingel, 2006, nû. 16, s. 11-14). Dêrby wurdt ferwiisd nei it manifest fan de Ried fan de Fryske Beweging út 1991: RFDFB-Eigen taal... earste taal!.jpg.
- ‘Skoalle Lyndensteyn en de Fryske taal en kultuer’. Lêzing fan drs. Sytze T. Hiemstra ta gelegenheid fan syn prepinsjoen en syn ôfskie fan Skoalle Lyndensteyn (sympoasium, 17-02-2006). Klik hjir om de ynlieding fan Hiemstra te iepenjen.
- ‘Scholenschemering’, krityske lêzing fan dr. Jan D. Imelman, âld-heechlearaar Algemiene Pedagogyk, oer it ‘nije learen’, ta gelegenheid fan it ôfskie (prepinsjoen) fan Sytze T. Hiemstra fan Skoalle Lyndensteyn (17-02-2006). Klik hjir om deynlieding te iepenjen.
- ‘It ferburgen learplan en it Frysk’, ynlieding fan dr. Jaap van der Bij ta gelegenheid fan it ôfskie (prepinsjoen) fan Sytze T. Hiemstra fan Skoalle Lyndensteyn (17-02-2006). Klik hjir om de lêzing te iepenjen.
- Betinking (01-02-2006) fan drs. Rindert Straatsma (1937-† 27-01-2006), Bewegingsfries mei tige grutte fertsjinsten en skathâlder fan de FFU, troch drs. Sytze T. Hiemstra yn it krematoarium te Goutum. Ek te finen yn Swingel, 2006, nû. 14, s. 3-5. Hiemstra syn ferhaal is hjir oan te klikken.
- O. Piersma-It opkearen fan de delgong fan it Frysk, 10-03-2004.pdf. In essay fan O. Piersma oer hoe’t de delgong fan it Frysk opkeard wurde kin en moat.

Rapporten en noata's
- FNP-Nij perspektyf foar Fryslân, Fryslân yn it Keninkryk, 2013-06-31. Fyzjedokumint fan de FNP: ‘Nij perspektyf foar Fryslân. In bysûndere posysje foar Fryslân yn it Keninkryk’ (plak, foech, taken, finânsjes).
- http://www.coe.int/t/dg4/education/minlang/default_en.asp. Direkte skeakel (link) nei in rapport fan it Committee of Experts (Council of Europe/Ried fan Europa). It rapport hannelet oer de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden troch Nederlân yn de ôfrûne fjouwer jier (ECRML; 4de omgong/monitoring cycle). It is yn novimber 2012 frijjûn (datearre:19-06-2012) en is ferskynd nei oanlieding fan in besite en in harksitting fan it Committee of Experts on the Charter yn jannewaris 2012.
- Tussen wens en werkelijkheid en Tusken winsk en wurklikheid; ynspeksjerapporten ‘Tussen wens en werkelijkheid’ (Hollânsktalich) en ‘Tusken winsk en wurklikheid’ (Frysktalich) oer it Frysk yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis, dy’t op 24 novimber 2010 troch haadynspekteur Rick Steur oan deputearre Jannewietske de Vries  oanbean binne.
- CoE, tapassen Europeeks hânfêst.pdf, It tredde, Ingelsktalige rapport fan de Committee of Experts oer it  tapassen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden yn Nederlân (9 july 2008):
- Ruimte, Regie en rekenschap, 170308.pdf Rapport van de Gemengde commissie decentralisatievoorstellen provincies (17 maart 2008),ek wol de kommisje Lodders neamd, seit û.o. yn par. 3.2.1.6 BZK (s. 36) oer de Fryske taal: “De commissie adviseert om rijkstaken op het terrein van de Friese taal zoveel mogelijke naar de provincie Fryslân te decentraliseren.”
- HLGM, Final Report.pdf, Einrapport (2007) fan de High Level Group on Multilingualism, in kommisje dy’t advisearret oer in brede oanpak fan de meartaligens yn de Europeeske Mienskip (‘a comprehensive strategy for multilingualism in de European Union’).
- FFU-Oanfalsplan Frysk.pdf, oanfalsplan (d.d. 02-10-2007) fan de FFU (drs. T. Dykstra en einredakteur drs. S.T. Hiemstra) en de Ried fan de Fryske Beweging (dr. J. van der Bij en dr. R. Valk, dêr’t ek in bydrage oan levere is troch drs. P. Bergsma en prof. dr. R. Salverda (Fryske Akademy).
- FFU-Oanfalsplan Frysk 2de pr.pdf, oanfalsplan (d.d. 29-10-2008) fan de FFU (drs. T. Dykstra en einredakteur drs. S.T. Hiemstra) en de Ried fan de Fryske Beweging (dr. J. van der Bij en dr. R. Valk, dêr’t ek in bydrage oan levere is troch drs. P. Bergsma en prof. dr. R. Salverda (Fryske Akademy).
- PS-‘Boppeslach’, nov. ’06.pdf, Underwiisnoata ‘Boppeslach’, nov. 2006, Provinsjale  Steaten fan Fryslân.
- FA-Derde Rapportage Eur. Handvest, 2002-’05.pdf, de tredde rapportaazje [2007] oer de maatregels dy’t Nederlân nommen hat foar de Fryske taal en kultuer yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.
- RFE-2nd Report Committee of Experts CoE, 2004.pdf. Twadde rapportaazje [2004] fan it ‘Committee of Experts’ fan de Ried fan Europa oer de tapassing fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

Advizen, resolúsjes, moasjes en ferklearrings
- HvL-2011-Definition des Siedlungsgebietes der Friesen im Niedersachsen.pdf  Basisdokumint dêr’t de krekte grinzen fan East-Fryslân (Dsl.) yn beskreaun wurde troch dr. Hajo van Lengen (2011). Definition des Siedlungsgebiets der Friesen im nordwestlichen Niedersachsen (mit Ausnahme der Saterfriesen), die die Bundesregierung in den Stand versetzt, dieses Siedlungsgebiet für Zwecke der Anwendung des Rahmenübereinkommens (‘Ramtferdrach’) des Europaraters zum Schutze nationaler Minderheiten mit Hilfe von Verwaltungsgrenzen zu beschreiben und kartographisch darzustellen. Gutachten für das Bundesministerium des Innern.
- PF-Veel gestelde vragen over Friese plaatsnamen.pdf. Ynformaasje (11 fragen en antwurden) fan de Provinsje Fryslân oangeande plaknammeferoaring foar gemeenten en belangstellende lju.
- Frysk yn iepenbiere registers en akten.pdf. Ynformaasje oer wat de wet regelet oangeande it Frysk yn stikken en opjeften dy’t ynskreaun wurde moatte yn iepenbiere registers, akten, ensfh.
- Talen kleuren je leven! Brochure meertalig opvoeden, [2007/2008].pdf, brosjuere fan de Afûk en it Sintrum Frysktalige Berne-opfang oer  it meartalich grutbringen fan bern, útjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.
- CDA-Brief Fryske taal en kultuer nei (yn)formateur.pdf, inisjatyfútstel en beslút fan Provinsjale Steaten (13-10-2006) foar in brief oan de ynformateur en formateur fan it nije kabinet oer mear foech foar de provinsje en it neikommen fan ryksferplichtings.
- Nije Dútsktalige IF-Interfriesche Erklärung.pdf en Frysktalige FR-Ynterfryske ferklearring.pdf fan de Ynterfryske Rie (05-05-2006). Opfolger fan it Dútsktalige FR-Das Friesische Manifest.pdf en it Frysktalige FR-It Frysk Manifest (28-08-1955).
- Resolúsje(s).pdf (01-02-2006) fan de FFU, de Ried fan de Fryske Beweging, it Pedagogysk Wurkferbân (FA) en de seksje Frysk fan de VLLT, ornearrefoar de lanlike kommisje Ontwikkeling Nederlandse Canon (kommisje-Van Oostrom).
-
Dútsktalige rede JP-Wir Friesen.pdf fan Jan Piebenga, holden op it 6ste Grutfrysk kongres yn 1955 te Auwerk (Aurich), dy’t grutte ynfloed hân hat op it tinken fan de Fryske bewegers yn de Fryslannen en noch altiten ús omtinken fertsjinnet. Op datselde kongres is op 28 augustus 1955 it Frysk Manifest oannommen.