Utlitklep foar FFU-bestjoerders
Sjerp en Jittik

Novimber 2016, Sjerp & Jittik (26)

Hoe breed is ‘breed’?

Tom Dykstra,
foarsitter FFU

Al earder wie mei in protte publisiteit oankundige dat it Platform Onderwijs 2032 mei in baanbrekkend en op de takomst rjochte advys oer it Nederlânske ûnderwiis komme soe. Yn jannewaris 2016 is it ‘Eindadvies Ons Onderwijs 2032’ publisearre en elkenien kin it ynsjen. Steatssekretaris Dekker fan OC&W hie yn febrewaris 2015 it Platform Onderwijs 2032 ynsteld mei û.o. as taak om op ‘basis van een breed (skeanprint fan my, TD) maatschappelijk debat tot een gedragen visie op een toekomstgericht curriculum voor het primair en voortgezet onderwijs (te) kunnen komen’.

Yn syn foarwurd betanket Paul Schnabel persoanen, organisaasjes en ynstellingen foar harren ynset en bydragen oan de dialooch. Dochs kin mei rjocht de fraach steld wurde hoe breed oft dy dialooch west hat. Yn it advys is neat te fernimmen fan it plak fan it Frysk, de twadde rykstaal en likemin fan de streektalen yn dat saneamde op de takomst rjochte kurrikulum. Oan bern yn it ûnderwiis mei in sterk fan it Hollânsk ôfwikende memmetaal wurde likemin wurden smoarch makke.

No wol ik net ûntkenne dat in goede behearsking fan it Hollânsk (konsekwint op neo-koloniale wize ‘Nederlandse taal’ neamd, wylst it Frysk ek in yn Nederlân sprutsen taal is) hiel wichtich is en fan ynfloed op jins wolwêzen en mooglikheden op de arbeidsmerk. Mei rjocht wurdt ornearre dat taal de learlingen by steat stelt om ‘uitdrukking te geven aan persoonlijke gevoelens en de werkelijkheid te ordenen en te begrijpen’. De fraach komt lykwols op oft soks allinnich mar jildt foar it Hollânsk en foar it sa ier mooglik learen fan it Ingelsk en nét foar it Frysk. Yn it Platform is gjin regionale beheining ta de Rânestêd oanjûn en dus moatte wy útgean fan in lanlik inisjatyf.

Yn Platform 2032 wurdt útsteld om neist in karpakket in kearnkurrikulum sintraal te stellen. Dat moat dan út twa parten bestean:
a. de basisfeardichheden Nederlânsk, Ingelsk, rekkenjen, digitale feardichheid en boargerskip.
b. in trijetal kennisdomeinen. Ien dêrfan is ‘taal & kultuer’, sûnder fierdere taljochting. Soe kennis fan de Fryske taal en kultuer ek bedoeld wurde?

Neffens it Platform moatte de taalfeardichheden ‘Nederlânsk’ as earste en Ingelsk as twadde taal oan de ein fan sawol it primêr as it fuortset ûnderwiis tenei sintraal toetst wurde. It Ingelsk is yn de belibbing fan de opstellers al gjin frjemde (tredde) taal mear, mar twadde. Oer it Frysk gjin wurd, hoewol’t it foar in protte ynwenners fan Fryslân de earste taal is. Wer in suver foarbyld fan steatsnasjonalistysk tinken mei in bûging foar it Ingelsk as lingua franca. It yn 1995 ratifisearre ‘Europeesk Hânfêst foar talen fan minderheden’ en it yn 2005 troch de Nederlânske oerheid oannommen ‘Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden’ skynt by it jiskefet te lizzen. Likemin is der wat werom te finen fan meartalich ûnderwiis lykas yn 1999 bepleite troch de Unesco en (ek) de Europeeske Uny. It giet dan om it brûken fan op syn minst trije talen yn it ûnderwiis, nammentlik de memmetaal, in regionale of nasjonale taal en in ynternasjonale taal. De trijetalige skoalle yn Fryslân is dêr in goed foarbyld fan. Mar yn it Platform-rapport wurdt der foar it gemak mar fan útgien dat it Hollânsk ek de ‘moedertaal’ is fan de Frysktalige bern.

Twataligens yn it ûnderwiis wie yn de 19de iuw ferbean. Bern koene net goed twa talen neistinoar leare, sa wie de teory en dan wie it mar it bêste om allinnich de ‘steats’taal oan te learen. Dat soks foar memmetaalsprekkers fan in oare taal oarsaak wêze kin foar taallearproblemen, krige gjin omtinken en waard folslein negearre. De saneamde ‘taalearmoede’ dy’t sokke bern hawwe soene, waard yn de 20ste iuw dan ek fûl bestriden troch de steatstaal op hieltiten jongere libbenstiid oan te bieden. De twatalige Frysk-Hollânske legere skoalle – mooglik makke troch de wetswiziging fan 1955 – is yn de jierren ’80 fan de foarige iuw wer ferdwûn troch befolkingsmigraasje en de druk fan it Hollânsk as ekonomyske faktor.

Om 2000 hinne feroare it Haachske ûnderwiisbelied! Ynienen waard twatalich ûnderwiis (hjoed-de-dei leaver as ‘meartalich ûnderwiis’ oantsjut) in pree en leafst sa betiid mooglik. De nije teory is dat jonge bern hiel maklik mear talen tagelyk leare kinne, mar … beliedsmjittich wurdt dat wol keppele oan it Ingelsk en nét oan it Frysk! Steatssekretaris Dekker fan OC&W is der in grut foarstander fan en Platform 2032 giet dêr hielendal yn mei.

Wat opfalt yn it Platform-advys is dat wol praat wurdt oer ‘gelijkwaardigheid’, mar dat soks útlein wurdt as ‘gelijkheid’: alle bern mei deselde taal en deselde toetsen. Wol prate oer dat learlingen ‘inzicht krijgen in hun eigen cultuur en hoe die tot uitdrukking komt in taal en kunst’, mar neat sizze oer it Frysk … Fierder falt boppedat op dat yn de literatuerlist fan it Platform 2032 net ien publikaasje ferwiist nei de Fryske situaasje. Tink bygelyks oan de trijetalige skoalle, dêr’t hjir al yn de jierren ’90 mei úteinset is.

De gearstalling fan it Platform is te finen yn taheakke 2 by it ‘Eindadvies’. Mei gjin inkelde persoan út it Fryske taalgebiet en/of ien dy’t op ’e hichte is mei de meartalige situaasje yn ús Fryske skoallen. En gjin inkeld foarbyld fan in skoalle út Fryslân mei ‘good practise’, lykas út oare provinsjes. Wol út oare lannen, sa’t de gearfetting oanjout.

Al mei al de fraach: hoe breed hat it maatskiplik debat west om te kommen ta de publikaasje fan sa’n Eindadvies? Hoewol’t it Platform in lykwicht siket tusken kennis en persoanlike ûntjouwing yn it program en it skoallen de mooglikheid jaan wol mei in eigen oanbod te kommen, kin ús konklúzje net oars wêze as dat wy te krijen hawwe mei in foar it Frysk negatyf rapport: ús taal wurdt deaswijd. Yn Fryslân is it Frysk ien fan de ferplichte fakken en dus heart it yn it kearnkurrikulum in oan it Hollânsk lykweardich plak te hawwen. As útsteld wurdt om it Hollânsk en it Ingelsk wól en it Frysk nét sintraal te toetsen, dan komme de Fryske skoallen noch fierder ûnder druk te stean om it ûnderwiis yn it Frysk net serieus te nimmen. De soarch foar eigen taal en kultuer en de kwaliteit fan it ûnderwiis yn Fryslân hawwe dan neat mear mei-inoar te krijen. Litte wy dat (wer) oer ús hinne komme?

Drs. Tom Dykstra (1942) is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) en is âld-dosint pedagogyk fan pabû De Him (Snits) en Stenden Hegeskoalle (Ljouwert)


Novimber 2015, Sjerp & Jittik (25)

Laudatio’s foar Bertus Jans Postma en Cor Jousma, lofprizing fan harren krewearjen foar Frysktalige toponimen (20 nov. 2015, It Hearrenfean)

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Risnable Postma en eale frou Postma,

Ik bin der wiis mei dat Jimme hjir beide binne. Dat hat lykwols net allinnich te krijen mei jimme reisswierrichheden. Dy binne aardich goed oplost. Mei tank oan Sjoerd Groenhof. It hat ek net sasear te krijen mei jins âldens, al sille Jo, Bertus, it mei it bertejier 1929 grif noch winne fan in oare Jongfries hjirre, want Gerben Abma is fan 1932. It jongste is der sadwaande al wat ôf, mar yn de geast binne Jo altiten in echte Jongfries bleaun.

Jo binne, Bertus, ek ien fan de libbenen hjir oan- en omsittend, dy’t Douwe Kalma noch persoanlik moete hat. En Kalma hat yn 1938 net foar neat skreaun ‘Wy roppe de libbenen’. En yn 1948 ‘Ken jim Frysk! Jo wiene doe noch gjin studint te Utert. Mar Jo wiene der al by doe’t Kalma op 23 april 1952 dêr yn it Redbad-fermidden in lêzing hold mei de titel ‘Hoe komme wy der?’ It andert is Jo net bybleaun, mar ik kin my der sels wol wat by tebinnenbringe. Grif dóé troch syn sjeny ynspirearre, hawwe Jo letter de pinne opnommen. Om fan jo striidberens foar de Frysk saak te tsjûgjen yn Lyts Frisia, it striidskrift fan de Jongfriezen.

Jo earste beide bydragen yn dat blêd steane yn it okt.-des.-nûmer fan 1986. Ien fan beide artikels late al fuort ta in oanfarring. Ien bydrage wie yn ’e earste opslach ornearre foar de Strikel en jo woene oer de tillefoan it redaksjelid Baukje Wytsma efkes te wurd. It kontakt moat likernôch sa ferrûn wêze: ‘Binne jo Baukje Wytsma? ‒ ‘Nee, de dochter’ ‒ ‘Is jim mem ek thús?’ ‒ ‘Nee’ ‒ ‘Hoe let komt se thús?’ ‒ ‘Rond tien uur’ (!). Oer dat lêste hawwe jo doe grif in tapaslike opmerking makke, want it levere noch spul op. Baukje beklage har der letter by Teake Hoekema oer ‒ doe ek samler fan Lyts Frisia ‒ , oan wa’t se besibbe wie. Wolkom yn de Fryske Beweging, soe men sa sizze kinne ...

Jo namme stie as samler neamd tusken Teake Hoekema en Gerben N. Visser. Net de minsten fan de Jongfriezen. It wie in pear jier letter, dat Teake by in moeting op de Fryske Akademy tsjin my sei: do moatst Lyts Frisia winliken lêze, want wy hawwe no ien, dy klapt deryn. Syn namme is Bertus Jans Postma. Dat spriek my o sa oan, it is dus fuort oangien en in pear letter waard ik ‘gewoan’ lid. Ik soe Bertus foar gjin goud wer misse wolle! In man dy’t op alle fronten thús wie. Taalfronten dan! Of noch better: Fryske taalfronten ...

Bertus wie in tûke tinker en in snedich sprekker en skriuwer, dat koe ik al gau merkbite. Douwe Kalma soe dêrwol tsjin my oer sein hawwe kinne: ‘Goed dat jo yn ’e talis wiene en ealgje dát!’ Kalma wie ommers in man fan kultuer-Frysk. Fan Frysk op heech nivo. Op it alderheechste nivo. No dan ...!

It fernuvere my dan ek neat dat jo promovearre wiene op in proefskrift oer it ‘ljocht’ en hoe’t dat him brekt en ferspraat. Jo tochten sels dat Jo dy dissertaasje yn it ljocht jûn hiene yn 1949, mar dat liek my wat te ier: in broekje fan 20? Alhoewol, Kalma wie der mei syn ‘Fryslân en de Wrâld’ ek al sa gau by. 1959 liek my dus in wierskynliker jiertal en it ‘WrâldWide Web’ joech my gelyk. Wer gong dat ferljochte proefskrift dan wol net oer? Ik sil de Ingelsktalige titel efkes foar jimme oplêze, oars ferslach ik deryn: ‘On the theory of refraction and scattering of light in artificially anisotropic media’. Sa, no witte jimme it allegearre moai krekt ... En oars freegje jimme Bertus aanst mar efkes om klearrigens en ferheldering. Dan giet it ljocht jimme foargoed op ...

Yn alle gefallen lieten Jo jins eigen ljocht ek skine yn Lyts Frisia. En dat gong ornaris streekrjocht ien kant op: it rjochtmjittige plak dat it Frysk takomt yn ús maatskippij. Dat liek ommers jitte altiten nei fleanen. Dêr moast fûl foar fochten wurde. Pieter de Groot sei hjoed yn syn ‘Dwers’ oer ús ‘Iuwfeest’: ‘[Wy] binne op ’t heden jonge stikelders en stokelders brek. Wol it Frysk oerlibje, dan is fan sokken krekt no ferlet’ (LC, 20 nov. 2015, ‘Freed’, s. 8). Sokken as Bertus Jans Postma, sa tocht ik dêr daliks by ... Kalma wie dêr jins ljochtbeaken en jins learmaster by. Gjin ljochtbrekking of ôfwiking te sjen, mar rjocht op jins doel ôf. Al stikeljend en stokeljend! Oant hjoed-de-dei. O, wat spriek my dat oan! En oan jo rjochterhân fansels jins oare helte, dy’t Jo alle romte joech. Wat is in man ek sûnder syn frou, DE frou?  Troch jins kostber sydsulver kin men soks folhâlde, is ’t net sa?

No tinke jo fêst, wat wól dy Sytse no krekt. My en de frou efkes in fear yn de broek stekke? Grif, mar jûn benammen omdat Jo ek ien en oar foar it ûnderwiis, it Frysktalich ûnderwiis, betsjut hawwe en noch betsjutte. En dan set ik fuortdaliks efkes de pet op fan skriuwer fan de FFU, de Feriening Frysk Ûnderwiis, dy’t jo ek finansjeel mei stypje. En dan soe ik foar Jo likernôch in ferhaal hâlde kinne lykas Tom Dykstra dat as foarsitter krekt dien hat om Cor Jousma eare takomme te litten. Dy wurden passe Jo foar in grut part likegoed. Dat doch ik dêrom mar net, mar ik sil no in soarte fan sjuery-rapport foarlêze, dat yn de rûnte fan it FFU-bestjoer fêststeld is. En dat as folget formulearre is:

Laudatio foar Bertus Jans Postma, lofprizing foar syn striid foar offisjeel Frysktalige toponimen

Útsprutsen op 20 novimber 2015 troch Sytze T. Hiemstra, skriuwer fan de FFU

It docht it bestjoer fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) goed om hjoed yn de jubileumgearkomste  fan de Jongfryske Mienskip syn sechste eare-oarkonde útrikke te kinnen oan Bertus Jans Postma út Bitgummole.

Postma makket him al in lange rige fan jierren bûtenwenstich fertsjinstlik as strider foar offisjeel Frysktalige toponimen. Oerflakkich sjoen liket dat net al te folle te krijen te hawwen mei de striid foar it ûnderwiis yn it Frysk, dêr’t de FFU him al mear as in fearnsiuw mei dwaande hâldt. Dat is neffens de FFU in grut fersin. It rekket ek it ûnderwiis yn de Fryske taal, kultuer en skiednis.

Troch it krewearjen foar Frysktalige wetter-, doarps-, steds- en gemeentenammen komme dy nammen net allinnich offisjeel op de kombuorden, op paadwizers en yn de oerheidsadministraasje telâne, mar likegoed op kaarten, yn atlassen, ensyklopedyen, wurdboeken, skoalboeken, digitale learmiddels en oare digitale media en yn kranten en tydskriften. Ien fan Postma syn grutste wapenfeiten is dat it him slagge is en kom ta offisjeel Frysktalige wetternammen yn fierwei de measte Fryske gemeenten. Wat hat er dêr net in enerzjy ynstutsen!

Troch it offisjeel fêststellen fan Frysktalige toponimen bliuwe dy ek foar de takomst bewarre. Postma leveret sadwaande in tige belangrike bydrage oan it oerdragen fan in wichtich stik Frysk kultuergoed oan hjoeddeistige en takomstige generaasjes en oan it behâld dêrfan.

Hiel wat brieven en e-postberjochten binne yn de rin fan de jierren troch Postma ferstjoerd oan gemeenten, de provinsje en de provinsjale en regionale kranten. Ek op Facebook wart Postma him tige. Gauris sit Postma op de publike tribune by de gemeenten as it om taalbelied giet of grypt er de kâns om yn te sprekken en te pleitsjen foar ús eigentalige toponimen. Jierrenlang skriuwt Postma al oer dat krewearjen yn Lyts Frisia en Nij Frisia, it blêd fan de Jongfryske Mienskip, dêr’t er ien fan de skerpsinnichste en trouste redakteuren fan is.

De Jongfryske Mienskip besiket al in iuw lang (1915-2015) it Frysk ta de earste taal yn Fryslân te meitsjen en dus ek by de oerheid, it rjocht en yn it ûnderwiis. Postma stiet yn dy sin sadwaande yn de romrofte tradysje fan syn grutte ynspirator Douwe Kalma, fan Eeltsje Boates Folkertsma, Bearend Joukes Fridsma, Wike L. Zylstra, Teake Hoekema en oaren. Postma  hat grutte fertsjinsten yn de striid tsjin de noch altiten besteande taalûnderdrukking.

De FFU winsket dat Postma syn fjochtsjen foar rjocht en gerjochtigens op dat mêd noch in hiel hoart yn sûnens dwaan mei, want it ûnrjocht dat it Frysk oandien wurdt, is noch lang net fan de baan. De striid dêrfoar is lang en dreech en freget gâns trochsettingsfermogen. Bertus Jans Postma hat bewiisd dat er dat hat en de FFU tanket him dêrfoar.
De FFU lokwinsket Postma fan herten mei de tige fertsjinne FFU-eare-oarkonde dy’t ferbûn is oan dizze laudatio en dy’t grif ek mei te tankjen is oan de trouwe stipe fan syn oare helte.

Laudatio foar Cor Jousma, lofprizing foar syn striid foar offisjeel Frysktalige toponimen

Útsprutsen op 20 novimber 2015 troch Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU

It docht it bestjoer fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) goed om hjoed yn de jubileumgearkomste fan de Jongfryske Mienskip (1915-2015) syn fyfte eare-oarkonde útrikke te kinnen oan Cor Jousma fan Feanwâlden.

Cor Jousma makket him al in lange rige fan jierren bûtengewoan fertsjinstlik yn it ramt fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân as strider foar offisjeel Frysktalige toponimen. Oerflakkich sjoen liket dat net al te folle te krijen te hawwen mei de striid foar it ûnderwiis yn it Frysk, dêr’t de FFU him al mear as in fearnsiuw mei dwaande hâldt. Dat is neffens de FFU  in grut fersin. It rekket ek it ûnderwiis yn de Fryske taal, kultuer en skiednis.

Troch it krewearjen foar Frysktalige doarps-, steds- en gemeentenammen komme dy nammen net allinnich offisjeel op de kombuorden, op paadwizers en yn de oerheidsadministraasje telâne, mar likegoed op kaarten, yn atlassen, ensyklopedyen, wurdboeken, skoalboeken, digitale learmiddels en oare digitale media en yn kranten en tydskriften.

Troch it offisjeel fêststellen fan Frysktalige toponimen bliuwe dy ek foar de takomst bewarre. Jousma leveret sadwaande in tige belangrike bydrage oan it oerdragen fan in wichtich stik Frysk kultuergoed oan hjoeddeistige en takomstige generaasjes.

Somtiden is dêr ek in gong nei de rjochter foar nedich, lykas by de gemeente Súdwest-Fryslân. Dan stiet Cor Jousma altiten oan de basis fan de stikken dy’t dêrfoar opmakke en/of ynbrocht wurde moatte. Op dat mêd hat Jousma sa njonkelytsen in grutte saakkundigens ûntwikkele en it is in tige goed ding dat de Jongfryske Mienskip, as rjochtspersoan, mei de help fan Jousma en de Topografyske Wurkgroep, dêrta hieltiten mar wer de foarstap nimt en de nedige jildmiddels dêrfoar byinoar bringt.

De Jongfryske Mienskip besiket al in iuw lang it Frysk ta de earste taal yn Fryslân te meitsjen en dus ek by de oerheid, it rjocht en yn it ûnderwiis. Jousma kin yn dy sin dus stean yn de tradysje fan Douwe Kalma, Eeltsje Boates Folkertsma, Bearend Joukes Fridsma, Wike L. Zylstra, Teake Hoekema, Bertus Jans Postma en oaren. In grutte fertsjinste yn de striid tsjin de noch altiten besteande taalûnderdrukking.

De FFU hopet dat Jousma syn krewearjen foar rjocht en gerjochtigens op dat mêd noch lang yn sûnens dwaan mei, want ek it topografyske ûnrjocht is noch net fan de kaart. De striid dêrfoar is dreech en ferget gâns trochsettingsfermogen. Cor Jousma hat bewiisd dat er dat hat en de FFU tanket him dêrfoar.

De FFU lokwinsket Jousma fan herten mei de tige fertsjinne FFU-eare-oarkonde dy’t ferbûn is oan dizze laudatio.


Novimber 2014, Sjerp & Jittik (24)

Laudatio foar Froukje de Vries, lofprizing fan har wurk foar it ûnderwiis yn it Frysk, útsprutsen op 13 novimber 2014 troch Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Froukje, it docht ús tige deugd dat wy as bestjoer fan de Feriening Frysk Underwiis dy hjoed by it 11de kongres fan de seksje Frysk fan Levende Talen ús fjirde eare-oarkonde útrikke kinne. Trije tige fertsjinstlike Friezen binne dy al foargongen. Wy binne fan betinken datsto dy oarkonde ek mear as fertsjinne hast.

Al ier bisto begûn mei it krewearjen foar ús taal. Benammen op Skoalle Lyndensteyn en as lesjouster by de Afûk. Healwei de 70’er jierren fan de foarige ieu krigesto der as fan hûs-út-Frysktalige niget oan om it Frysk ek skriftlik goed yn de macht te krijen. Do hast by de Afûk it hiele kursustrajekt foar Frysktaligen, fan leargong A oant en mei de Fryske Akte en it Didaktysk Foech, mei sukses ôfrûn. Al daliks joechst – en joust noch – mei grutte nocht, fjoer en mei entûsjasme Afûk-kursussen, benammen foar net-Frysktaligen. Dêrby bisto hiel ynventyf om it sa noflik en motivearjend mooglik foar harren te meitsjen. Dêr giet folle mear tariedingstiid ynsitten as ornaris frege wurde mei. De kursisten wurdearje dat en meie graach oer dy.

Dat jildt ek foar de learlingen fan Skoalle Lyndensteyn te Beetstersweach, in skoalle foar bern mei lichaamlike en gauris ek geastlike beheinings. Oan dy skoalle bist sûnt 1973/1976 ferbûn. Omdat de skoalle yn de rin fan de tiid twatalich waard, koest ek hiel goed ynskeakele wurde by de Fryske lessen. Mei de Afûk-akte as bewiis fan bekwamens, waardst sûnt 2001/2002 sels learkrêft Frysk op alle ôfdielings foar fuortset ûnderwiis op dy skoalle.

Yn dat ramt bisto aloan dwaande mei fernijing en ferbettering fan dyn ûnderwiis en besikesto benammen ek de iPad in folweardich plak te jaan yn dyn lessen. In hiel grut part fan dyn frije tiid giet deryn sitten om dy ta te rieden en saken op dat mêd te ûntwikkeljen. Do bist in pionier op it mêd fan it ûnderwiis yn it Frysk yn it spesjaal ûnderwiis. Op dat stik komt net ien yn Fryslân op it stuit oan dy ta.

Wa’t tinkt dat wy oerdriuwe, soe it artikel oer ‘iPads foar de Fryske les op in skoalle foar spesjaal (fuortset) ûnderwiis’ ris lêze moatte, dat ferline jier by de stúdzjedei fan de Seksje Frysk (fan de VLLT) ‘Fierder mei Frysk (10)’ útrikt is. It wiidweidige stik is (ek) oan te klikken op it webstek fan de FFU. Elts kin dan it antwurd fine op de fraach wêrom’t wy it nedich achten om dy hjoed ús eare-oarkonde út te rikken. Wy kinne dat op dit plak yn de koarte tiid dy’t ús jûn is, lang net allegearre opneame.

Sels asto thús siik op bêd leist, kinst de Fryske les mei help fan de iPad noch oan de gong hâlde en kinst thús oan de learlingen opdrachten jaan en de makke lessen neisjen. Wy fine dat bûtengewoan, ja, bjusterbaarlik. Wy hawwe grutte bewûndering foar dyn ynset en folhâlden en foar al dy frije tiid dy’tst der jierrenlang ynstutsen hast en ynstekst. Dat freget om erkenning.

Do witst dyn learlingen altiten wer yn harren eigen nije ûntwikkelingssône te bringen. Se sjogge út nei dyn lessen en roppe dy dat somtiden op de gong al ta! Dat jout dy in waarm gefoel. Dat ynspirearret dy om troch te gean mei fernijing en ferbettering fan it ûnderwiis yn de Fryske taal, kultuer en skiednis. Wat is der net allegearre mooglik yn it spesjale ûnderwiis as der ris echt kapabele, Fryskkundige lju foar de klassen kamen te stean? Oan de bern sil it dan perfoarst net lizze!

It is net te hoopjen dat wý allinnich dyn fertsjinsten opmurken hawwe, mar dat se by de provinsje en oare ynstellings dy’t wat mei kearndoelen, learplannen en learmiddels te krijen hawwe, mei gauwens likegoed dogge.

Froukje, wy hoopje datst noch in lange rige fan jierren yn sûnens foar dyn neisten, foar ús en foar it Frysk bewarre bliuwe meist. Fan herten lokwinske!


Novimber 2013, Sjerp & Jittik (23)

Laudatio foar Liskje Flapper, lofprizing fan har wurk foar it ûnderwiis yn it Frysk, útsprutsen op 7 novimber 2013 troch Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Yn 2012 bestie de FFU 25 jier en hat doe syn earste eare-oarkonde útrikt oan Hans de Haan fan Holwert (sjoch by 1212). Yn de maitiid fan 2013 folge Klaske Straatsma-Westerhof  (22 april 2013) fan Ljouwert. En op 7 novimber 2013 waard Liskje Flapper fan Burchwert troch de FFU yn it sintsje setten fanwegens har bysûndere fertsjinsten foar it Frysk yn it ûnderwiis.

Laudatio foar Liskje Flapper
Liskje, it docht ús tige deugd dat wy dy as bestjoer fan de Feriening Frysk Underwiis hjoed by it 10de kongres fan de seksje Frysk fan Levende Talen ús tredde eare-oarkonde útrikke kinne. Twa tige fertsjinstlike Friezen binne dy al foargongen. Wy binne fan betinken datsto dy oarkonde ek mear as fertsjinne hast. Ik sil dat taljochtsje.

Al ier bisto begûn mei it krewearjen foar ús taal yn it ûnderwiis. Do hast oan de RUG skiednis studearre, it Frysk as byfak dien en dyn earstegraads-ûnderwiisfoech helle. Dyn mânske skripsje út 1983 hannele oer ûnderwiisfernijing yn Fryslân yn it begjin fan de 19de ieu. En do bist as pabû-dosinte oan de Noardlike Hegeskoalle te Ljouwert telâne kommen. Alwer yn beide fakken, skiednis en Frysk. Twa wichtige komponinten fan ús Fryske identiteit.

No is dat op himsels net foldwaande om ús eare-oarkonde te krijen. Men moat benammen yn de frije tiid hiel wat foar it Frysk út ’e wei sette. Beropsfriezen dy’t dat net dogge, binne by ús foar in lofprizing by de FFU net oan it goede adres. It moat djipper sitte mei de taal en de kultuer. En dat docht benammen bliken yn de frije jûnsoeren. Dyn ûndersyk nei bûtermeitsjende boerinnen yn de 19de ieu past dêr ek skoan by. Dat hast grif skipe doe’tst sels boerinne waardst yn Burchwert. Skieppewol kinst ek in soad fan meitsje, sa witte wy. Dêr kriget ús oarkonde lykwols net foar.

Wy tinke mear oan dyn jierrenlange krewearjen foar de Afûk as lesjouster en as foarsitster fan de Afûk-eksamenkommisje. It Frysk en de Fryske skiednis út- en oerdrage, dat is wat dy altiten foar eagen stiet. It is almeast willewurk dat in soad ynset en saakkundigens freget.

Do bist, om mear foar Fryslân en it Frysk te dwaan, ek yn de polityk gongen. Dêr falle ommers de wichtichste beslissings oer it plak en de status fan it Frysk yn it ûnderwiis. Hast foar in politike frouljuswurkgroep aktyf west, yn in ôfdielingsbestjoer sitten en 4 jier riedslid yn de gemeente Wûnseradiel west. Op provinsjaal nivo bist polityk ek aktyf en striidsto foar de wearde fan saken dy’t Fryslân unyk meitsje, lykas it lânskip, de Fryske taal en kultuer en mienskipssin. Do setst dy al in lange rige fan jierren yn foar in eigensinnich, selsbewust Fryslân.

By ûnderskate gelegenheden en op gâns plakken dy’t mei it ûnderwiis yn it Frysk te krijen hawwe, kinne wy dy treffe en dat is hast altiten frijetiidswurk. Yn dat ramt striidsto ek foar de trijetalige skoalle, want it Frysk heart net allinnich as fak oanbean te wurden, mar moat ek folweardich brûkt wurde ek as fiertaal by oare fakken. Dan sil der ynvestearre wurde moatte yn de saakkundigens fan learkrêften. Der sil in goede meartalige didaktyk ûntwikkele wurde moatte en der moatte heechweardige learmiddels yn de trije talen foar komme. Dat
is wat dy beweecht en dat sprekt ús as FFU tige oan, want dêr krewearje wy ek foar. Om dy reden bist grif al lang lid fan ús organisaasje. Wy hoopje datsto dêr noch hiel wat jierren mei trochgean meist en ús stypje by it ta stân bringen fan folweardige, yntegrale trijetalige learmiddels en it ferbetterjen fan de wetlike status fan it Frysk yn it hiele ûnderwiis.

Yn dit koarte bestek kinne wy fansels net al dyn fertsjinsten wiidweidich bylâns. Mar datsto lof fan ús fertsjinnest, dat stiet bûten kiif. Fan herten lokwinske!



Juny 2013, Sjerp & Jittik (22)

Beswieren tsjin de beswieren

Geart Tigchelaar,
FFU-bestjoerslid

Op myn stik Kom mar op mei dy standert!dat 3 juny 2013 op ensafh.nl publisearre is, is wakker reagearre. Benammen myn âld-dosint Pieter Breuker hat fan him hearre litten mei in moai tal arguminten. It binne deselde arguminten as yn it opstel fan in pear foaroansteande frisisten mei mear as hûndert ûndertekeners, dat ek op ensafh.nl publisearre is (5 juny), mei de titel Oprop oan Provinsjale Steaten, oer staveringsferoaringen en standerdisearring. Hja bringe dêryn in stikmannich beswieren tsjin sawol de stavering as destanderdisearring op it rabat. Yn ûndersteande tekst wol ik al dy beswieren bydel rinne en dêr op yngean of der sels yn meigean, mar dan wol mei kanttekenings derby.

Beswieren tsjin de beswieren tsjin de stavering
De opstellers fan ’e petysje skriuwe dat der in soad tsjin de foarstelde staveringsferoaring yn te bringen is, mar dat hja harren beheine ta fjouwer haadbeswieren. No moat ik hjir yn alle earlikheid sizze dat de staveringsferoarings myn grutste soarch net iens binne. Soe dêr net wat oan feroarje, dan hindere my dat it measte net. Mar nettsjinsteande dat wol ik al op de beswieren fan de opstellers yngean, al wie it allinnich mar foar de folsleinens.
It earste beswier fan de petysjeskriuwers is dat dergjin winsk ta feroaring is by de deistige brûkers fan it Frysk en dat in feroaring allinnich mar ûnrêst jout yn it ûnderwiis, dat no krekt ferlet hat fan rêst. Dat liket my in ferkearde ynskatting. It ûnderwiis feroaret altyd, hjoed-de-dei net folle mear as foarhinne. Dat jildt likegoed foar it ûnderwiis yn it Frysk. Dosinten en learkrêften moatte harsels altyd byspikerje om by te bliuwen. Lykas ik ek al earder útholden haw, sil dizze staveringsferoaring de stavering yn details ferienfâldigje, dus dêr soe it ûnderwiis allinnich mar grut belang by hawwe en it kin dêr net tsjin wêze.
In (terjochte) punt fan krityk op it stik Kom mar op mei dy standert! wie dat ik tefolle útgie fan studinten dy’t it Frysk noch leare moasten en dus net wend wienen oan it besteande Fryske wurdbyld. Benammen foar minsken dy’t it Frysk al machtich binne, is it in omskeakeling. It is sa dat ôfwennen fan eat ornaris dreger is as it oanwennen. Dêr bin ik it dan ek iens mei de opponinten. Lykwols bin ik fan betinken dat soks gjin halssaak is en dat ek de Frysk-skriuwer dêr gau oan wenne sil. It sil syn tiid efkes hawwe, mar mei’t de staveringsferoarings net sa’n oeribelen soad binne, haw ik dêr wol fertrouwen yn. Boppedat leit de takomst foar it fuortbestean fan it skriuwen yn it Frysk foar in grut part by nije oanwaaks en dêr soe ús soarch (ek) nei útgean moatte.
It tredde beswier fan de petysjeskriuwers is dat it útstel net altydkonsistint is en dan bin ik it folslein mei de ‘tsjinstanners’ iens. Soks soe al moatte. It foarbyld fan ‘kolbert’ en ‘synonym’ haw ik dêr earder by oanhelle. Sokke bonkjes soenen der sadwaande noch úthelle wurde moatte. Dat it ‘ik droech’ is, mar wol ‘ik haw drûgen’ slacht as in tange op in baarch en dat moat oars. Dêrom ek myn oprop dat de Akademy-mannen dêr nochris goed nei sjogge.
As lêste beswier by de staveringsfoarstellen neame hja harren twivel oan it teoretyske tinkramt fan de taalkundigen by harren stribjen nei in ‘better learbere stavering’. Minsken leare in stavering net allinnich analytysk oan, mar dogge dat ek lêzendewei. Dat is ek mar in hiel betreklik argumint. Wannear’t der boeken (learmiddels, fiksje) yn de nije stavering útkomme soenen, soe elk dat nije wurdbyld al gau yn him opnimme. Oft it no Frysk-skriuwers binne of Frysk-learders. It is in kwestje fan tiid dy’t oer te sjen is.

De opstellers hawwe lykwols ek (grutte) beswieren tsjin de taalstanderdisearring, dêr’t ik hjirûnder op yngean sil.

Beswieren tsjin de beswieren tsjin de standerdisearring
De stavering is myn grutste soarch net, mar de standerdisearring. It is fuortdaliks ek it meast prekêre en lestichste punt om in oplossing foar te finen. No’t de diskusje dochs oanfjurre is, soe ik sizze, dat wy dêr wat mei moatte. Dan soe ik my graach konformistysk opstelle wolle om in soarte fan gouden middenwei te finen, omdat de opstellers mei guon beswieren hiele wêzentlike saken oansnije. Wy moatte ús dêr oan ’e oare kant lykwols net troch ôfskrikke litte om it dan mar gewurde te litten.
De opstellers fan ’e petysje wolle sjen nei de funksje en de foarm fan it Frysk. It Frysk is sa’t wy allegearre witte almeast noch in sprutsen taal. Der soe mar 5 oant 10 persint wêze fan de Fryske befolking dy’t it Frysk goed skriuwe kinne soe. Dat soe foar my noch in argumint wêze dat de staveringsferoarings foar nije learders swierder wage as dy fan de hjoeddeiske Frysk-skriuwers, om’t dat mar in (hiel) lyts part is. Hawar, in ‘opleine’ standert (foar oerheidspersoniel, ynklusyf it ûnderwiis) soe oan it Frysk fuortdaliks net in soad feroarje, mei’t de gewoane Fryske boarger grif trochgean sil mei it praten fan dialektfoarms, sa’t er dat syn hiele libben al wend is. De opstellers wize dialektseleksje ôf: ‘Ut earder ûndersyk docht, oars as de FA stelt, ek bliken dat der ûnder de minsken dy’t it Frysk skriuwe net folle ferlet is fan dialektseleksje.’ Wêr binne de bewizen dat de lju yn grutte mearheid dialektseleksje foar it skriftlik brûken yn de amtnerij en it ûnderwiis net tastean wolle? Gjin noat of ferwizing befêstiget dy bewearing.
It earste argumint is dat der amper taalkundige ferskillen binne tusken de Fryske dialekten. En dat der sadwaande gjin oanlieding ta misbegryp is. My tinkt dat dy fêststelling no krekt fóár dialektseleksje pleitet. Om’t der gjin betizing ûntstean kin, kin men dus maklik op skrift ien foarm as standertfoarm kieze, om’t dy net fier ôfstean sil fan de fariant fan in oare brûker fan it Frysk. It is foar my ûnbegryplik dat soks as beswier oanfierd wurde kin.
Harren ponearre twadde punt sit folle mear byt oan. As men ta wol op in standert, hokfoar dialektfariant soe men dan foar kar nimme moatte om wat regaad te meitsjen yn de besteande ‘gaos’ yn learmiddels en oare teksten? Want dat is de besteande situaasje. Dêrom moat der krekt standerdisearre wurde. Dat de FA mei de opdracht fan de provinsje net oarder en regel skeppe soe, mar gaos kreëarje en dat de kwetsbere Fryske taalmienskip soks net drage kinne soe, binne fierste grutte wurden foar in saneamd ‘saaklik argumint’ sa’t Pieter Breuker yn syn reaksje (fan 4 juny) stelt. Soks is net wier te meitsjen. It skeppen fan oarder yn de besteande disoarderis op it wurdboekmêd fansels al in aardich skoft oan ’e gong. It Frysk Hânwurdboek jout eins al hieltyd in foarkarsfoarm mei mooglike farianten. De Afûk as ûnderwiisynstitút hantearret ek al langer in foarkarsfoarm of slút foarms út (net ‘ûntwikkelt’, mar ‘ûntwikkelet’; net ‘at’, mar ‘oft of ‘as’, ensfh.). It kiezen út farianten is al langer wizânsje en dêrmei sil de akseptaasje ek makliker ferrinne.
It tredde argumint fan de opstellers slút dêrby oan. Om’t der net in groep dialektsprekkers is dy’t op in sosjaal hegere trime stiet, soe der net dialektseleksje plakfine meie. Dat betsjut dat der dus net diskriminearre wurdt en sosjaal sjoen in groep minder achte wurdt as de oare. Om dy reden kin der skoan dialektseleksje plakfine, mei’t sa net ien mear as minder achte wurdt. De akseptaasje fan dialektseleksje wurdt sa allinnich mar grutter. Boppedat is it standerdisearringsproses by ús al oan de gong en de oerheid kin dat (mei) stjoere. Moat dat sels (mei)stjoere, oars bliuwt it in tizeboel yn bygelyks it ûnderwiis (lês- en learboeken en oare helpmiddels). De maatskiplike druk ta standerdisearring nimt ta en soks hat al laat ta mear ienheid fan taalgebrûk yn it rjochtsdomein (bygelyks in Juridysk Wurdboek). Dat is yn it bestjoers- en ûnderwiisdomein net oars. Oerheidsteksten (wetten, oarderings, rapporten, noata’s en brieven) en learmateriaal (ynklusyf toetsen en eksamens) freegje om in beskate ienheid yn taalgebrûk, dus om in standert. Jan Schotanus syn Te Gast (april 2011) en syn fersyk om in Grien Boekje, komt net út ’e loft fallen. En net ien komt dêrmei op in legere of hegere sosjale trime te stean.
It fjirde argumint liket my ek net sterk. Alle besteande teksten yn it Frysk soenen ynienen net mear ‘goed’ wêze, boeken, lesmateriaal, wurdboeken ensafuorthinne soenen allegearre fernijd wurde moatte. En dat soe betsjutte dat it in bulte jild kostje soe om dat te feroarjen. It liket my net wierskynlik dat alle teksten ynienen ûnbegryplik en ûnlêsber wurden binne. De measte lju sil it sels amper opfalle. Alle feroarings (of fernijings) kostje wat tiid en grif ek jild. Dat is foar dizze saak ek it gefal. Soks falt goed te stjoeren en hoecht gjin reden te wêzen om gjin wizigings troch te fieren. Dêrom pleitsje ik der nei de Provinsjale Steaten ta ek foar om net allinnich in standert yn te fieren, mar ek te ynvestearjen yn it ûnderwiis. It iene kin perfoarst net sûnder it oare! Op dy wize stelle wy it Frysk feilich foar de takomst en om it net fierder fertutearzje te litten.
Dat hat ek wer ferbining mei it fyfde argumint. Troch in Standertwurdlist soenen de taalbrûkers ferfrjemdzje fan ‘har eigen, ieuwenâlde, goefryske foarmen’. Sa soe ‘romte’ net goedwêze en ‘rûmte’ al. Lykas ik earder skreaun haw, sjoch ik net fuortdaliks yn dat de Frysk-prater ynienen de foarm ‘rûmte’ brûke sil, wylst er wend is ‘romte’ te brûken, sadree’t er dat foar it earst op skrift stean sjocht. Hy sil grif syn eigen foarm behâlde. Syn fariant bliuwt ‘Frysk’ al soe it dan gjin Standertfrysk mear wêze. Faaks seit de learkrêft yn de klasse noch ‘romte’, omdat er dat sa wend is, wylst op skrift de standertfariant brûkt wurdt. Alle mooglike farianten (dûbletten, tripletten, kwadripletten, ensafuorthinne) njonken- en trochinoar is yn de learmiddels of oare ‘offisjele’ teksten gjin oplossing, mar feroarsaket it probleem. Lykas oeral yn de wrâld as men in taal offisjeel en mear/faker brûke wol.
It lêste argumint dat hja oanhelje is in didaktysken-ien. Elke Frysktalige soe eigen wurden ôfleare moatte en ûneigene oanleare. Wat ‘ûneigen’ is, is yn it Frysk lykwols hiel betreklik. In Frysktalige soe yndied ynterferinsjesôfleare moatte en yndied standertfoarms oanleare. Neat mis mei. ‘Frjemd’ kin boppedat ‘eigen’ wurde en wurdt dat ek by elke taal en elke foarm dy’t men (derby) leart. Jins taal (talen) is (binne) gjin statysk besit, net yn beton getten, mar wurdt ûntwikkele (fan jong ta âld) en ‘ferrike’ en ‘útwreide’ as it goed is. En dan moat men dus (ek) tige ynsette op it ûnderwiis. Net standerdisearje is net realistysk as men pretinsjes hat mei it Frysk. Wy moatte ‘Grinzen oer’ om ris te ferwizen nei de nijste provinsjale taal- en ûnderwiisnoata. Dy jout de marsrûte oan foar ûnderskate domeinen, ek it ûnderwiis. En dy rûte freget ek om in taalstandert. Dêr is gjin ferwin op. Myn opponinten lykje dat paad net gean te wollen. Deputearre en Provinsjale Steaten al. Ik ek. It argumint dat wat altyd sa wie ek goed is, is ôfwaaid praat. Meitsje fan it Frysk mar in serieuze taal mei in gruttere status en mear taalmacht. Haw mar pretinsjes en ambysjes. Gean dêrby mar oer de dialektgrinzen hinne en stiigje dêrboppe út. Op dat punt wol ik hjirûnder noch wat wiidweidiger yngean.

Fryske taal boppe de dialekten út
Boppe haw ik benammen besocht om de arguminten fan myn opponinten te wjerlizzen. Hjirûnder yn it koart noch in soarte fan ferantwurding wêrom’t it fan belang is dat der (ek) in goed omskreaune standert foar it Frysk komt.
It is net slim om te begripen dat it oanlearen fan ien standertfoarm better te learen is as in rige fan dûbletten, tripletten, kwadripletten of noch slimmer (‘foarms/foarmen’; ‘earms/earmen’/ ‘hyltyd/hieltyd/hieltiid/hieltiten/hieltiden/hyltiten’; ‘allerhanne/allerhande/alderhanne/alderhande’; ‘guon/guods/guont/guodden/guonnen’). Om sljocht fan te wurden. Minsken dy’t in taal leare, hawwe ferlet fan helderheid en dúdlikens. Dat is universeel en jildt dus ek yn Fryslân. Dat Frysk-skriuwers en -praters dêrfoar (guon) foarmen/foarms ôfleare moatte en oare foarmen/foarms oanleare moatte, sil stadich gean. As men ‘hiel’ skriuwt en men seit ‘heel’, wat grif no al in protte bart, dan sil net ien dat in soad útmeitsje. Wol is it dúdlik wat men skriuwt. Dat sil ek it gefal wêze by ‘romte’ en ‘rûmte’. Foar de skriuwtaal ien foarm, wat men dêropfolgjend seit, is oan elk sels.
De Fryske taal soe oan prestiizje of status winne wannear’t wy einlings ris ienriedigens hawwe soene oer de skriuwtaalnoarm. Hjoed-de-dei is it noch hieltyd in diskusje en elk skriuwt mar sa’t er it sels it leafste hat. Soe der in standert komme, in soarte fan ABF, dan stiet de taal folle sterker. Benammen ek tsjin Hollânske ynfloeden. No wurde der noch tefolle foarmen ‘goedkard’ (mei hokfoar rjocht?), dêr’t wy ek wol in goed Frysk wurd foar hawwe (‘welke/hokfoar’; ‘sleutel/kaai’; ‘noait/nea’; ‘oast/east’). Wannear’t de standert as ûnderwiiskundich ynstrumint ynset wurdt, steane wy sterker tsjin hollânismen en anglisismen oer. Dan hat it ûnderwiis yn it Frysk, dat op hieltyd mear skoallen fan oerheidswege mear en better jûn wurde moat, in (autorisearre) ynstrumint yn hannen, kin de tiid better en effektiver brûkt wurde. Standert en goed ûnderwiis, moatst dan ris sjen wêr’t wy oer tsien jier binne! Lit mar komme dus.


Juny 2013, Sjerp & Jittik (21)

Kom mar op mei dy standert!

Geart Tigchelaar,
FFU-bestjoerslid

Stavering is suver altyd in kwestje fan emoasje, sa skriuwt ek Anne Tjerk Popkema yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante fan 10 maaie 2013. En dat de emoasjes yn de kwestje fan staveringsferoarings foar it Frysk heech opspylje, docht bliken út in lange rige fan ynstjoerde stikken en stikken dy’t op weblochs ensfh. publisearre binne.
It giet lykwols net allinne om in staveringskwestje: de Fryske Akademy komt yn opdracht fan Provinsje Fryslân ek mei in Standertwurdlist. Dat dêrmei de emoasjes noch heger oplôgje as allinnich mar ‘in’ staveringsferoarinkje is net sa nuver. It dialektysk ferskaat hawwe de measten tige heech en se wolle dat hoe dan ek bewarje. Elk fûgeltsje tsjotteret nei’t syn bek is. No sil ik net mei it safolste stik komme dat de Akademy-mannen betichtet fan yn in ivoaren toer te sitten en dat der net goed oer neitocht is. Ik wol yn it ûndersteande út ’e doeken dwaan dat sa’n standert sa gek noch net is. Alderearst sil der op de staveringsferoarings yngien wurde.

Staveringferoarings
Ik bin fan betinken dat de staveringferoarings in slach tafalle en dat yn tsjinstelling ta Henk Wolf dy’t net wol dat se bagatellisearre wurde (www.henkwolf.nl, 19 maaie 2013). Lit jimme net sa liede troch emoasje en besjoch it ris op in nofteren wize, de staveringsferoaring fan 1980 hawwe wy ek oerlibbe − al wie dat foar myn tiid. Der wurdt yn hast alle stikken rept oer it folslein feroarjende wurdbyld. André Looijenga wol sels sa fier gean en neam it ‘it fernielen fan ús wurdbyld’ (LC, 4 maaie 2013). Minsken dy’t mei muoite it Frysk leard hawwe en einlings wend binne oan it wurdbyld, moatte no aanst wer hielendal omskeakelje. Lykas oanjûn bin ik it dêr net mei iens en ik soe sokke útspraken dan ek graach nuansearje wolle. Ik wit as dosint Frysk út eigen ûnderfining hoe lestich en ferfelend oft it fûn wurdt wêrom’t it iene wurd mei in /û/ stavere wurdt en it oare mei /oe/. In maklike regel dêrby is dan om de /û/ te nimmen. Tsja, it is efkes wennen dat it dan ‘hjoed drûch waar is’. Mar oerdriuw dan yn de hite hei asjebleaft net en skriuw ek ‘hjoed’ mei in /û/, want dat hat ommers in twalûd en dat bliuwt in /oe/. Dat wy aanst net mear ‘ieu’ skriuwe, mar ‘iuw’, docht de konsistinsje ek goed.
De hjoeddeiske Frysk-skriuwer sil der efkes oan wenne moatte, mar foar de nije Frysk-learder sil it der grif makliker op wurde. Dy moat dochs al bot wenne oan it Fryske wurdbyld. In útrop as ‘wat liket dat raar’ krij ik gauris te hearren, wannear’t ik in beskaat wurd op it boerd skriuw. Wannear’t ik sis dat it stadichoan wol went, wurdt dat mar foar leaf nommen. ‘Gaos’ mei in /g/ komt de studinten earst wat frjemd oer, om mar te swijen fan in wurd as ‘taksy’ of ‘kompjûter’. Sa sil de nije Frysk-learder ek oan ‘telefyzje’ (mei in /f/dus) wenne moatte en dat grif ek gau dwaan. Oer de stavering fan frjemde wurden bin ik it oars net alhiel iens mei it foarstel. Dêr soe ik ek pleitsje wolle foar konsistinsje. Ik stel dêrom út  om wurden as ‘advokaat’ likegoed mei in /f/ te skriuwen, al kin ik de reden begripe om soks net te dwaan. Sa binne der noch wol wat dingen. Wêrom wol in wurd as ‘elitêr’ oan it Fryske wurdbyld oanpasse, mar net in wurd as ‘kolbert’, dat dan wol in /k/ kriget, mar gjin ‘êr’-útgong neffens de útspraak. As men dochs dwaande is, doch it dan fuortdaliks goed. Sa soe ik der ek foar wêze om frjemde wurden dêr’t yn it Nederlânsk in /y/ yn foarkomt, neffens de Fryske staveringsregel oan te passen. Dus ‘synonym’ moat ‘sinonym’ wurde. In Frysk-learder kin der wol sljocht fan wurde dat de earste /y/ net oanpast wurdt oan de regel fan it iepen wurdlid, mar de twadde /y/ wol oan de regel by sletten wurdlidden, allinnich mar om’t ‘synoniem’ yn it Nederlânsk de earste mei in /y/ staveret.
Ik moat guon opponinten wol gelyk jaan dat staveringsferoarings net te faak plakfine moatte en dat om dy reden de Fryske Akademisy der ris goed oer gear moatte, sadat wy nei tsien jier net wer hoege. Dêrom myn oprop om de hjirboppe neamde knyppunten der ek út te heljen.

Standertwurdlist
Dan komme wy no by it faaks noch wol meast prekêre punt, dat fan in Standertwurdlist. Ik sis, soks moat altyd wêze! Wêrom? Ik sil dat yllustrearje mei foarbylden út ’e praktyk. Ik wurd suver gek - as my in lytse oerdriuwing tastien wurdt - fan it feit dat ik hieltyd mar sizze moat dat wat oars ék mooglik is. ‘Kin dat of dat ek, menear?’ - ‘Kin beide,’ antwurdzje ik dan. Wêrom moat no eins beide kinne? Wêrom net dy fariaasje útslute ta foardiel fan dúdlikens en helderens? Ik brûk it foarbyld fan ‘romte/rûmte sa’t dy hieltyd yn de (oant no ta iensidige) diskusje oanhelle wurdt. Abe de Vries sitearret fan Anne Dykstra, dy’t seit dat studinten witte wolle wat de goede foarm is en reagearret dêrop mei − de oars wol moai fûne term − taalútroegersproaza (http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2013/04/fryske-akademy-plent-leksikografyske.html, 27 april 2013). Lykwols ûnderstreekje ik Anne Dykstra syn sizzen dat it goed is dat der in standert komt. As de standert no ‘romte’ of ‘rûmte’ is, makket my earlik sein net folle út. No sis ik sels ek ‘romte’ (ek al kom ik út de Wâlden), mar ik soe dat tenearsten wol opjaan wolle foar de saak fan konsistinsje en dus ‘rûmte’ skriuwe. Fierders sil ik gewoan ‘romte’ oanhâlde yn de útspraak. En sa binne der noch gâns oare foarbylden te neamen. ‘Unmooglik’ is de skriuwwize, wylst de meast hearde útspraak ‘onmooglik’ is. En it heechfrekwinte tiidwurd ‘moatte’ dat sa faak útsprutsen wurdt as ‘matte’ of ‘mutte’. En gean sa mar troch. Op skrift in dúdlike standert, yn it sprutsen Frysk sil der genôch fariaasje bestean bliuwe. Dat sjogge wy likegoed yn it Nederlânsk. Yn Drinte prate se hiel oars as yn Brabân, yn De Haach wer hiel oars as yn Amsterdam. Mar wy hawwe wol in ABN en dat komt yn de learmiddels, toetsen en eksamens. Leau my mar dat ik ‘saterdei’ yn ’e gewoane omgong brûke sil, mar omwille fan ’e standert hoech ik dat net perfoarst te skriuwen. Lytse opoffering foar in hegere saak.
De nije standert soe ynfierd wurde moatte yn de nije learmiddels dy’t der hoe dan ek komme moatte. It Frysk sil dêrby folle serieuzer nommen wurde as der ienriedigens oer de te kiezen foarms bestiet. No komt it op jin oer as makket it net út wat men skriuwt, alderhanne njonkenfoarms binne tastien, dus skriuw mar hoe’t it jo útkomt. Lykas sein is it didaktysk folle better en as it dúdlik is wat de goede foarm is, stiet it Frysk as Standerttaal sterker tsjin ynfloed fan bûtenôf.
Ik ûnderskriuw Pieter Breuker (De Moanne, 16 maaie 2013) syn argumintaasje tsjin in Standertwurdlist: wêr moatte wy út kieze, út de Wâldske fariant of út de Klaaiske fariant? Mar dat soe ús lykwols net fan in Standertwurdlist wjerhâlde moatte. Ek al soe der ‘hiel’ stean, dan liket it my sterk dat de lju fan ’e Klaai dat ynienen ek sizze sille (tink oan ‘ûnmooglik’-‘onmooglik’). Soe dat lykwols al it gefal wêze, dan soe ik dêr noch net it measte op tsjin hawwe. Ik soe der mear op tsjin hawwe dat wy altyd noch in ‘ek goed-fariant’ hawwe, mei’t wy op sa’n wize nea ta in standert komme sille. Dan sitte wy yn it ûnderwiis noch mei it gefal fan ‘kin beide’ (of mear, tink ris oan ‘gie/gong/gyng’, ôfslutend mulwurd ‘naam/nommen/nomd’), wat didaktysk perfoarst net winsklik is. Dêr moatte wy fan ôf.

Underwiis
Spitich dat oan it feit foarby gien wurdt dat it Frysk sa al ryk genôch is, sûnder al dy ‘nuvere’ dialektyske wizen fan sizzen en skriuwen. Der bliuwt noch altyd in hiele rike taalboarne oer, dêr’t wy folop út putte kinne. Dy taalboarne kriget in stikje beskerming tsjin it Hollânsk wannear’t der in dúdlike standert komt. As dy standert goed oanleard wurdt, kinne wy better tsjin al dy ferkearde ynslûpsels (ynterferinsjes) yngean. Dêr hawwe wy as Frysk-praters en Frysk-skriuwers folle mear ferlet fan. En benammen de ûnderwiisminsken, dy’t wy noch net in soad heard hawwe (al skriuwt Abe de Vries yn it Frysk Deiblêd fan 29 maaie 2013 wol dat ûnderwizers tsjin binne, mar is dat wol sa?). Wy moatte de fijân net yn eigen lân sykje, mar dêrbûten. Fansels, no sjarzjearje ik! It ûnderwiis hat ferlet fan in standert, it is didaktysk folle handiger om te sizzen hokfoar foarm oft de goede is. Dy standert liket my dan in stap nei in ferfolch. Ynvestearje yn it ûnderwiis! Dêr moat it begjinne, skriuw nije metoaden en lear de bern (ek de net-Frysktaligen) yn sawol it basisûnderwiis as it fuortset ûnderwiis it Standertfrysk oan. Guon kritisy binne benaud dat om’t alles yn de nije stavering moat, soks tefolle jild kostje sil. Oan de Provinsje de skoandere taak om te bewizen dat it oars is!

Geart Tigchelaar is dosint Frysk oan de Pabû fan Stenden Hegeskoalle, lesjouwer by de Afûk en bestjoerslid fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU)
April 2013, Sjerp & Jittik (20)

Laudatio foar Klaske Straatsma-Westerhof (22 april 2013)

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Op 22 april 2013 hat de FFU op syn jiergearkomste by Klaske Straatsma-Westerhof (te Ljouwert) de FFU-eare-oarkonde útrikt oan Klaske sels (útsprutsen troch FFU-foarsitter Tom Dykstra). Klaske wie en is noch altiten - ek al is se al lang mei pensjoen - foar it ûnderwiis yn it Frysk en foar de FFU fan grutte betsjutting en dat woene wy ta utering bringe troch in lofprizing en in eare-oarkonde (sjoch foar mear dêroer op ús webstek by ‘Brieven, 2013’).

Laudatio foar Klaske Straatsma-Westerhof, lofprizing fan har wurk foar it ûnderwiis yn it Frysk yn it algemien en de FFU yn it bysûnder

Klaske, it docht ús deugd dat wy dy hjoed op de FFU-jiergearkomste ús twadde eare-oarkonde útrikke kinne. Want wy tinke datsto dy mear as fertsjinne hast. Ik sil dat taljochtsje.

Do witst, ferline jier hat de FFU in begjin makke mei it yn it sintsje setten fan Frysksinnige, taalbewuste Friezen dy’t gâns út ’e wei setten hawwe foar it Frysk yn it ûnderwiis, benammen yn har frije tiid. Beropsfriezen dy’t yn har eigen tiid amper wat betsjut hawwe foar it Frysk op skoalle, komme dêr net foar yn de beneaming. Wy telle net sasear it Frysk as berop, mar as ropping. En dy ropping fine wy by dy. Yn de rin fan mear as sechstich jier hasto dat sjen litten en hiel wat fan dyn tiid yn it Frysk stutsen.

Yn dyn jongere jierren hasto as ûnderwizeres, doe noch ‘skoaljuffer’, meiwurke oan in twatalige legere skoalle yn Oerterp. In boeresoan en in ôfstudearre tige Frysksinnige politikolooch mei de namme Rindert Straatsma seach dat. En hy mocht dy al gau mear as sljochtweihinne lije. De Fryske Folkshegeskoalle op Skylge hat yn dy snuorje grif ek in befoarderjende faktor west. Nei wat silerij op de Fryske marren en sa gongen jimme yn de lange hier. Foar it Frysk hat dyn bân mei Rindert fan grutte betsjutting west. Daliks joegen jimme beide al it sinjaal ôf dat jimme allinnich in Frysktalige trou-akte tekenje woene. En doe’t dat wetlik net koe, hawwe jimme sa konsekwint west om dy dan ek net te ûnderskriuwen. It wie in ‘statement’ dat de provinsjale en lanlike parse helle. It houlik koe der lokkich wol om trochgean. En yn de tiid dêrnei hasto Rindert ta grutte stipe west. Earst doe’t er provinsjaal taalbefoarderer foar it Frysk wie en letter doe’t er direkteur fan de Afûk waard. Sok wurk bringt net altiten freugde mei, mar ek frustraasjes en tsjinwurking en dan is de stipe fan in oare helte fan libbensbelang.

Do hast dy op de fierdere stúdzje fan it Frysk smiten en dyn MU-A-akte helle. Lange tiid hasto leargongen Frysk foar de Afûk fersoarge. Hiel wat net-Frysktaligen, Frysktaligen en amtners hasto ta it Frysk praten en skriuwen brocht. Nei dyn 75ste jier moast dat ophâlde, omdat soks no ienris Afûk- wizânsje wie, mar do hiest it langer dwaan kinnen. As trou-amtner yn Tytsjerksteradiel hasto gâns Friezen yn it Frysk troud. Do wiest en bist warber yn Fryske ûnderskate Fryske ferienings, organisaasjes en kommisjes en yn de FNP. Wy neame ek de Ried fan de Fryske Beweging, dêr’t jimme beide foarsitter fan west hawwe.

Mar foar de Feriening Frysk Underwiis bisto wol fan hiel bysûndere betsjutting. Doe’t Rindert, dy’t ek tige warber wie yn ús FFU-bestjoer, goed seis jier lyn spitigernôch by ús weifoel, bisto trochgongen mei it stypjen fan ús wurk. Wy kamen altiten al by jimme thús gear en do hast it goed fûn dat soks sa bleau. Yn Rindert syn geast hasto ús bystien en ús let en set. Dêr binne wy o sa wiis mei. In  foto fan Rindert op it kastke efter ús yn de keamer, brocht en bringt ús altiten wer yn it sin wêrom oft wy stride foar it Frysk yn it ûnderwiis. Trou sammelesto foar ús krante-artikels oer ûnderwiis en Frysk en do bist ús trouste besykster as it om ús jiergearkomsten giet. Do bist no yn dyn 80’ste en wy hoopje datst noch hiel lang sûn en warber bliuwe meist. Net allinnich foar ús en foar it Frysk, mar benammen ek foar dyn bern en bernsbern.

Yn dit koart bestek kinne wy fansels net al dyn fertsjinsten en krewearjen wiidweidich bylâns. Mar  wy wiene it der gau oer iens, dat as ien ús eare-oarkonde fertsjinne hat, dan bisto dat wol. Fan herten lokwinske. Wy hoopje dat er in goed plakje krije sil en datsto en dat wy der noch hiel wat jierren nei sjen meie.
Jannewaris 2013, Sjerp & Jittik (19)

Mail oan de gemeente Ljouwerteradiel (d.d. 30-01-2013) oer de Hollânsktalige promoasje op Omrop Fryslân fan in referindum oer de takomst fan de gemeente Ljouwerteradiel.

Thys van der Veen,
FFU-bestjoerslid

Bêste minsken,

Soene jim ûndersteande tekst ûnder de oandacht fan de ferantwurdliken bringe wolle, mei graach in reaksje dêrop fan jim kant.

Op 30 jannewaris 2013 wurdt by jimmes in referindum holden oer de takomst fan jimme gemeente. In goed ding om de bewenners te belûken by beslissings fan 'e gemeente. Wat ús as Feriening Frysk Underwiis lykwols steurt, is de wize fan promoasje op Omrop Fryslân oer it referindum, dy is nammentlik ientalich Hollânsk (sa as ferskillende kearen heard op snein 27 jannewaris). Wy meie oannimme dat jim gemeente net allinne út Hollânsktalige sprekkers bestiet. It komt ús foar dat jimme sa net rjocht dogge oan de Frysktalige sprekkers yn jim gemeente.

Wolle jim as gemeente jim ta jim ynwenners rjochtsje, belûk dan alle ynwenners dêryn en net in part, it soe de opkomst by it referindum te goede komme. Boppedat hawwe jim as gemeente foar de Frysktalige ynwenners ek jim ferantwurdlikheid te nimmen. Dat is no net dien.

Tenei moat soks oars. Ôfpraat?

Thys van der Veen,
 bestjoerslid Feriening Frysk Underwiis

Jannewaris 2013, Sjerp & Jittik (18)

Mailtsjes oan (1) de Werk- en Steungroep Kleuteronderwijs en (2) û.o. in Frysk Steatelid

Tom Dykstra,
foarsitter FFU

(I) Aan de Werk- en Steungroep Kleuteronderwijs (d.d. 23-01-2013)

Geachte heer/mevrouw,

Met instemming heb ik gelezen het artikel ‘Roep het toetsen van kleuters een halt toe’ van de hand van Erica Ritzema in het Friesch Dagblad (FD) van 23 -1-2013, waarin gepleit wordt tegen de eenzijdig opbrengstgerichte insteek van de rijksregering op onderwijsgebied. Het vigerende beleid staat een pedagogische aanpak van het kleuteronderwijs in de weg. Het artikel sluit bovendien goed aan bij de bijdragen van mevrouw Goorhuis-Brouwer, die met een zekere regelmaat in deze krant publiceert tegen de verschoolsing van het kleuteronderwijs en de eenzijdige aandacht voor de cognitieve ontwikkeling van de kleuters.

Waar in genoemd artikel niet over gesproken wordt, is de taal waarmee kleuters worden geconfronteerd. De bijdrage is opgenomen in het FD, een krant die voor bijna 100% in het Friese taalgebied uitkomt. De aanhoudende druk van Den Haag om kleuters op steeds jongere leeftijd - ook in de provincie Fryslân - uitsluitend met het Nederlands te confronteren (denk aan het educatieprogramma Uk & Puk) is groot. Friestalige kleuters krijgen door deze Hollandse druk om ‘best wil’ geen goede kans in hun moedertaal op te groeien met als gevolg halftaligheid. Een resultaat dat voorkomen kan worden door een verantwoorde tweetalige aanpak. Ook voor de niet-Friestalige kinderen is deze aanpak gunstig. Niet alleen leren kinderen op deze manier respect te krijgen voor elkaar, maar leren ook elkaars taal/cultuur kennen en waarderen. Culturele diversiteit is een Europees doel/ideaal, maar de Nederlandse regering in de Randstad heeft geen boodschap aan het door Nederland ondertekende Handvest van de Raad van Europa. De overheid belooft daarin o.a.  ‘een aanmerkelijk deel’ van het onderwijs op school voorafgaand onderricht te bieden in de desbetreffende streektalen (in dit geval het Fries, de tweede rijkstaal) en ook in het primair onderwijs art. 8.1, a, ii en art. 8.1, b, ii. Echter ze doet het niet.

Goed kleuteronderwijs houdt in dat kleuters ‘de wereld met hun hele wezen ontdekken’, zoals Ritzema schrijft. Daar horen geen formele toetsbatterijen bij. In de tweetalige provincie Fryslân hoort het Fries daar zeker wél bij, omdat de moedertaal tot het wezen (identiteit) van de kleuters behoort. Het laat onverlet dat kleuters er ook spelenderwijs een andere taal bij leren.

De Feriening Frysk Underwiispleit al jaren voor een taalpedagogische aanpak in het (Friese) onderwijs. Vroeg toetsen van kleuters druist in tegen principes van de kleuterjuf. De moedertaal van kleuters negeren (in dit geval het Fries) hoort eveneens geen praktijk van een kleuterjuf te zijn. Te vaak komt dit echter voor, mede onder invloed van het rigide onderwijsbeleid. Het bestuur van de Feriening steunt de Werk- en Steungroep Kleuteronderwijs en hoopt bovendien de steun van de Werkgroep te krijgen voor een tweetalige aanpak, waarbij (Friestalige) kleuters niet van hun moedertaal vervreemd worden.

Namens het bestuur van de Feriening Frysk Underwiis,
met vriendelijke groet,

Th. Dijkstra 
 
 (II)Grinzen oer’ yn de Steaten, 23 jannewaris 2013 (mail d.d. 24-01-2013)
 
Yn it Deiblêd fan 24 jannewaris 2013 stie in ferslach fan de Steategearkomste oer de ek troch de FFU besprutsen noata Grinzen oer (1ste edysje). It kranteferslach sette Annigje Toering (FNP) en Jannewytske de Vries (Deputearre) as opponinten foar inoar oer. Annigje makke kapsje op de dwersbongeligge hâlding fan it Ryk en de krante joech Jannewytske yn 'e mûle dat de Friezen sels de skouders der no ûnder sette moatte. Wetlik soe (hast) alles yn kalk en semint wêze.

Jannewytske har hâlding is deselde as earder mei deputearre Bertus Mulder. Der wurdt út in Hollânsk perspektyf wei tocht: Net fan ‘wat soe der eins barre moatte’, mar ‘wat is faaks mooglik binnen de ûngelikense taalmachtsferhâldings’. Ut dat perspektyf wei hat Jannewytske ek gelyk. Sei Obe Postma earder net, dat de Friezen wolris wat ‘keardeleftiger’ wêze koenen? Mar it is in heale wierheid en dus in leagen. De fraach wurdt net steld hoe't it dochs mooglik is dat de Friezen net better foar harren taal opkomme, wylst eins alle Friezen wiis mei harren taal binne.

 It antwurd is sa klear as in klûntsje: omdat De Haach mei alle middels alle eardere ôfspraken oan de kant leit en wetlike maatregels foar it Frysk tsjinwurket. De ynspeksje fan it ûnderwiis is ien fan de bêste bewizen dêrfan. De knoet fan it systeem fan swakke skoallen op ynternet foar rekkenjen en Hollânsk (de ferplichting fan it Frysk hoecht om harren net en wurdt ek net regulier toetst by de kwaliteitskontrôle) set alle bestjoeren en learkrêften mei de rêch nei it Frysk (op in inkelde útsûndering nei). Foar emansipaasje nei 200 jier efterstelling is dus mear nedich as de brutale opmerking dat de minsken it no sels mar dwaan moatte. 

Sok praat rint de Hollânsktaligen lykwols as lij wetter yn de earen. Der hoecht no neat te feroarjen en it Frysk moat him mar rêde. En de Friezen dan? Dy hawwe sa gau gjin wjerwurd: "Mijnheer zal wel gelijk hebben. Wij zullen ons leven beteren." De noata ‘Grinzen oer’ hâldt it dan ek binnen de troch Hollânsktaligen akseptearre grinzen en Jannewytske mei oerlis hawwe mei de koepels fan skoallen oer draachflak foar it ûnderwiis yn it Frysk. Draachflak dat se wierskynlik net krije sil as de maatskiplike ferhâldings net feroarje. Draachflak dat foar alle oaren fakken net frege wurdt, mar allinne foar it Frysk. In prachtmiddel lykwols om it Frysk út de skoalle te hâlden sûnder dat de minister de skuld krije kin dat hy/sy tsjin Frysk ûnderwiis is.
 

Mooglik sûnder dat de sjoernalist it troch hie, joech er skerp oan wat it probleem is. Besykje it Frysk yn de hoeke te pleatsen fan ‘eigen schuld dikke bult’. Sko de ferantwurdlikheid foar de takomst fan it Frysk op de Frysk-praters ôf, mar soargje der tagelyk foar dat it net slagje sil.
 
Tom Dykstra


Maaie 2012, Sjerp & Jittik (17)

Iepeningswurd fan FFU-foarsitter Tom Dykstra op de ledegearkomste fan de FFU, 23 maaie 2012

Tom Dykstra,
foarsitter FFU

Fan ’t jier bestiet de Feriening Frysk Underwiis (FFU) 25 jier: 1987-2012. In wurkgroepke,  dêr’t doe twa bestjoersleden fan no ek al diel fan útmakken, naam in fearnsieu lyn it inisjatyf.

De FFU wie net de earste feriening dy’t besocht om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis in better plak te jaan. Yn 1930 wie der al in Fryske Underrjocht LIGA. De feriening De Fryske Skoalle hat fan 1955 oant 1972 bestien. Ien en oar oer dy feriening is te finen yn it boek fan K. Zondag Lange oanrin, koarte sprong (Fryske Akademy, 2011). De  oprjochting fan ús FFU-foarrinner kaam nei oanlieding fan in wiziging fan de Lager Onderwijswet 1920 (1955) troch minister Cals. Foar it Frysk gou doe tenei ek:

Daar waar naast de Nederlandse taal de Friese taal of een streektaal in levend gebruik is, kan het leerplan bepalen, dat ten hoogste tot in het derde leerjaar de Friese taal of die streektaal mede als voertaal bij het onderwijs wordt gebezigd.

It doel fan De Fryske Skoalle wie mei te arbeidzjen oan de opbou fan in skoalle dy’t fûndearre wie op it Fryske folkslibben; de skoalle as in libben elemint yn de Fryske folksmienskip.                                                                       

Nei de oprjochting fan it Pedagogysk Advysburo yn 1959 foel it wurk fan de feriening wei. Net langer it ôfreizgjen fan âlderjûnen, mar it wurkjen oan it primêre proses yn de skoallen kaam no sintraal te stean.

De FFUis oprjochte yn 1987. Oanlieding wiene de feestlikheden oangeande it feit dat yn 1937 de Leger Underwiis-wet oanpast wie om ûnder skoaltiid ûnderwiis yn de Fryske taal te jaan:

Daar waar naast de Nederlandse taal een streektaal in levend gebruik is, kan onder lezen en Nederlandse taal enige kennis van die streektaal begrepen zijn.

It Frysk waard doe (1937) allinnich in fakultatyf fak en it waard (noch) net by de namme neamd, mar dochs. Mar ek yn 1987 (7 jier nei de ferplichting fan it fak Frysk op de basisskoalle) koe dy taal wol in triuwke yn ’e  rêch hawwe. Benammen yn de gruttere plakken woe it Frysk mar min fan ’e grûn komme en hokfoar organisaasje makke him yn dy snuorje drok oer goed ûnderwiis yn it Frysk? Wêr koene Frysksinnige âlden stipe krije as it personiel op de skoalle fan harren bern it fak Frysk net serieus naam?

Yn oktober fan dat jier fûn de oprjochting plak mei it biedwurd: Wa’t fierder sjocht begjint tichterby. De namme fan de feriening -  Feriening Frysker ûnderwiis - joech in protte diskusje. De namme moast dúdlik meitsje dat ien leske Frysk wyks mooglik formeel  ynoarder wie, mar dat soks gjin hout snijt as it giet om lykweardich en ferantwurde ûnderwiis yn de twadde rykstaal. Letter is de namme lykwols feroare yn Feriening Frysk Underwiis om de tsjinstanners de wyn út de seilen te nimmen, dy’t Frysker opfetsje kinne soene as it stribjen nei ientalich Frysk ûnderwiis.

It útbrochte FFU-struibrief wol it Frysk yn it ûnderwiis fuortsterkje troch:

1. it bondeljen fan de krêften fan belanghawwenden, te witten âlden, learlingen en learaars;
2. it stimulearjen fan skoallen om optimaal gebrûk te meitsjen fan de wetlike mooglikheden;
3. it aktivearjen fan pleatslike en regionale oerheden, bestjoeren en oare organisaasjes dy’t mei ûnderwiis en Frysk te krijen hawwe.

Wat hat it krewearjen yn de ôfrûne 25 jier opsmiten?
Ad 1. It bondeljen fan krêften en it stypjen fan yndividuele âlden en learaars woe net rjocht slagje. Dy kearen dat in âlder al by it FFU-bestjoer oer de skoalle fan harren bern klage, kaam it net ta in aksje. In mem loek har, doe’t de kniper op de skine kaam, werom troch te sizzen dat se net it risiko rinne woe dat de bern der op skoalle lêst fan krije soene. Der wie beslist noed dat in direksje of in learkrêft it freegjen fan omtinken foar better Frysk ûnderwiis foar de bern net wurdearje soe. Benammen net as direksje en personiel dat ûnderwiis net nedich of sels skealik achten.                                                                                                                                             

Neist de FFU bestiet der ek de seksje Frysk fan de Vereniging van Leraren  in Levende Talen (VLLT). De learkrêften Frysk kinne der lid fan wêze en stipe krije. Faaks is dat ek de reden dat de FFU net troch leararen Frysk frege waard om juridyske of didaktyske help as se mei harren fak op de skoalle net út de fuotten koene.

Ad 2. Yn de earste jierren wurke de FFU mei pleatslike wurkgroepkes, dy’t besochten om yn harren gebiet it ûnderwiis yn it Frysk te stimulearjen. In dreech kerwei, omdat skoallen net wend binne om út harren omjouwing opmerkings oer de ynhâld fan harren ûnderwiis te krijen.  It binne sletten organisaasjes dy’t neffens wet- en regeljouwing wurkje en kontrolearre wurde troch de ûnderwiisynspeksje. De wurkgroepkes hawwe dan ek gjin lang libben hân en bliede dea.

It ûntbriek it bestjoer fan de FFU oan jild en minskkrêft om op provinsjale skaal ynfloed  op de skoallen te hawwen mei it each op ferantwurde ûnderwiis yn it Frysk. Ynsidinteel is der kontakt socht mei skoallen, lykas mei de Máxima-skoalle yn Ljouwert dy’t wol wat Spaansk jaan woe, mar winliken gjin Frysk. De meisizzenskipsried fan ‘it  Foarhûs’ yn Drachten wie ek poerlilk dat de FFU him mei it ûnderwiis op syn skoalle bemuoie doarst. It FFU-bestjoer hie reagearre op in fraachpetear yn it Frysk Deiblêd, wêryn’t de direkteur fan dy basisskoalle it ûnderwiis yn it Frysk eins as in ûndemokratyske, suver hast as in yllegale aktiviteit bestimpele (sjoch bgl. ús webstek www.ffu-frl.eu/argyf , 2005 en 2006).

Ad 3.  De measte tiid en enerzjy fan it lytse FFU-bestjoer (fan op in stuit noch twa oant op syn meast seis minsken, benammen út ûnderwiisrûnten) is stutsen yn it beynfloedzjen fan it (taal)belied fan:

- it Ryk (Ministearje fan Underwiis, Twadde Keamer)
- de provinsje (brieven mei fragen en kommentaar nei Provinsjale en Deputearre Steaten, oerlis mei politisy en amtners, bywenjen fan gearkomsten op ûnderwiismêd);
- de ûnderwiisynspeksje (oerlis mei ynspekteurs, kommentaar op ynspeksjerapporten en op wurdearringsramten oangeande de beoardieling fan de kwaliteit fan it Frysk (sjoch ek ús jierferslaggen op ús webstek).

Yn de mande mei oare Frysksinnige organisaasjes is der besocht om guon ûntwikkelings te stypjen of op gong te bringen. Sa is bygelyks mei û.o. de Fryske Akademy in ‘Oanfalsplan Frysk’ (2008) skreaun. En wy hawwe mei klam by de oerheid (Ryk en provinsje) oanstien op it ûntwikkeljen fan in kanon fan de skiednis fan Fryslân (útjûn troch de Afûk, 2008). Oant foar koart wie in bestjoerslid mei oaren aktyf om foar it Cito in Frysktalige toets foar begripend lêzen gear te stallen.

Gearfetsjend
De effektivensfan de FFU hat beskieden west. It krewearjen hat der (noch) net ta laat dat der dúdlik sprake is fan it ombûgjen fan in noch altiten Frysk-ûnderdrukkend nei in Frysk-stimulearjend belied. It Ryk wol it Frysk net echt fan ’e grûn hawwe. En de provinsje hat op ûnderwiismêd net folle macht en foech, mar slacht as  earstferantwurdlike oerheid foar it Frysk ek net mei de fûst op ’e tafel om de stadige delgong in ho ta te roppen.                                                            

In konklúzje dat 25 jier FFU omdoch west hat, kin dan ek net lutsen wurde. Mear omtinken foar it Frysk is socht en berikt.

De doelmjittigens (effisjinsje) is frij heech. Mei in bytsje jild en in pear minsken is der in protte út ’e wei set (sjoch oeral op ús webstek www.ffu-frl.eu ). Wol is it sa dat de bestjoersleden persoanlik in hege priis foar dy ynset en ynspannings betelje. Der is amper trochstreaming yn it bestjoer. Foar de bestjoersleden jilde gjin sittingsterminen en hja moatte hiel wat idealisme opbringe en tiid stekke yn it fêsthâldend opkommen foar in mienskip, dy’t mar al te gau syn taal ynroalet foar it Hollânsk.                                                                                                                       

Binne de aktiviteiten rjochtmjittich? De aktiviteiten fan de FFU geane net yn  tsjin de besteande regel- en wetjouwing. Yn in demokratyske setting komme wy yn alle iepenheid op foar it rjocht fan ús eigen taalmienskip om syn taal (en kultuer) troch te jaan oan de neikommende generaasjes en om dy fierder te ûntwikkeljen. Mar gelyk hawwe op grûn fan minskerjochten en ferdraggen wol ek yn it Nederlân fan hjoed-de-dei noch net sizze dat wy ek gelyk krije. Noch altyd hawwe wy te krijen mei tige ûngelikense (taal)machtferhâldings en mei in slim ‘kromwoeksen realiteit’.

 [sa likernôch útsprutsen op 23-05-2012]
Novimber 2011, Sjerp & Jittik (16)

It Frysk is yn De Haach net yn goede hannen en sil dat ek nea wêze

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Op 27 septimber 2011 haw ik, út namme fan de Feriening Frysk Underwiis, in brief oan de Twadde Keamer stjoerd. Ik meitsje my, mei oaren, grutte soargen oer de behanneling fan ús taal yn De Haach. Pieter de Groot hat it krekt ûnder wurden brocht doe’t er yn syn kollum ‘Ut ’e skulp’ (Dwers, 04-11-2011) opmurk: “Bûksiik waard ik bygelyks fan dy politike behanneling fan it rapport-Hoekstra yn de Twadde Keamer. De oanbefellingen út it rapport oangeande it oerheveljen fan it foech nei de provinsje waarden sûnder deugdlike ûnderbouwing fersmiten. Keamerleden, dy’t fan stoater noch moater witte, stelden de kwaliteit yn ’e kiif, nee net fan it Frysk, mar fan it ûnderwiis yn it algemien, dat algeduerigen tekoartsjitte soe neffens de ûnderwiisynspeksje.”1 Pieter wurdt der siik fan en ik bin der mislik fan. Al jierren.

It liket der dus noch lang net op dat de provinsje aanst it foech kriget, om te dwaan wat De Haach al mear as in ieu neilit: it Frysk op syn minst allikens behannelje as it Hollânsk, net allinnich yn de wet- en regeljouwing, mar ek yn de praktyk fan al den dei. De Fryske ûnderwiiskoepels, de bestjoerlike koepelorganisaasjes fan de skoallen yn Fryslân, hawwe yn De Haach har bêst dien om dat te kearen. Sa te merkbiten, mei sukses. Faaks wurdt it, 60 jier nei Kneppelfreed, wer ris tiid om in fûst te meitsjen en ienriedich út Fryslân wei ús natuerlike rjochten op te easkjen. As De Haach net keppelje wol, dan sil der wer aksje komme moatte, oars wurdt it nea wat mei it Frysk yn it ûnderwiis, yn it iepenbier bestjoer, by it rjocht, yn de media en oare maatskiplike domeinen. It keallet allegearre fierstente swier.
Wy kinne ús as FFU blau skriuwe, mar wy wurde yn De Haach, as it om ûnderwiis giet, almeast fan de bok op ’e ezel stjoerd. Of negearre. Sûnt de oprjochting fan ús feriening yn 1987 giet it iene brief nei it oare de kant fan Ljouwert (provinsjaal bestjoer) en fan De Haach (it Ryk) út. En tink mar net dat it in sprút helpt. Alteast net by it Ryk. Ljouwert is op it stuit in oar ferhaal. It Frysk is foar ús fierstente wichtich om dat oer te litten oan de ûnwil en ûnkunde fan it Ryk.

As pensjonado’s, en as ‘mastodonten’ fan de FFU, sa’t Pieter de Groot ús wol ris neamd hat, kinne wy dat net allinnich. Dêr hat er gelyk oan. Dêr hawwe wy de hiele Fryske beweging (ynklusyf de Frysksinnige steateleden) foar nedich. Wêr bliuwe de Fryske skriuwers? En wêr de berops-Friezen? Loai of nayf? Dat ferbettering fan de ûnderwiissituaasje sûnder taalstriid kin, lykas De Groot ek liket te tinken, is in fersin.2 Allinnich keppeljen en flagjen is net genôch. Beweging, beweech! De findels foar!

Al ús krewearjen foar in lykweardige en lykberjochtige wet- en regeljouwing is sûnt 2004 troch alleman oan te klikken op ús FFU-webstek www.ffu-frl.eu.3

It Haachske steatsnasjonalisme keart de ûntjouwing fan it Frysk op

Dat komt derfan as men allegeduerigen, dei út dei yn, te krijen hat mei in oermacht oan Hollânsktalige steatsnasjonalisten yn de Haachske amtnerij (de ministearjes) en yn it parlemint (sjoch ek noat 1). Dy meitsje de tsjinst út yn dit lân en binne spoekbenaud dat har dierber Hollânsk oantaast wurdt of ek mar in lyts fearke litte moat. Se hawwe ommers ‘neat’ mei it Frysk. It is har taal net. Wat sil har dan bewege? Allinnich it Hollânsk, har eigen taal, dêr rinne se waarm foar. Wy wurde bestjoerd troch grutte egoïsten, dy’t net passe yn it meartalige Europa.
 ‘Demokrasy’ dêre is de almacht fan dy Hollânsktalige mearderheid, dy’t net graach har greep op de regio’s bûten de Rânestêd ferlieze wol. It is tefolle muoite om (erkende) taalminderheden as de Fryske harren rjochten yn te skikken. Wat stelt it begryp ‘demokrasy’ noch foar as de rjochten fan sokke minderheden dêr net de kearn fan útmeitsje? Rjochten dy’t út soarte ferbûn binne mei plichten. Dat soe dochs it wêzen fan ‘demokrasy’ wêze moatte? En net de diktatuer fan in Hollânsktalige mearderheid út de Rânestêd en omkriten. Aloan hinget de Haachske foet boppe of op de rem. Oan dat gebongel moat in ein komme! Net allinnich de learaars Frysk moatte út ’e skulp krûpe en fan har hearre litte, it hiele Fryske folk soe yn ferset komme moatte. De takomst fan ús taal stiet op it spul. En it (hiele!) ûnderwiis foarmet dêr in kearndomein by.

Dus suver tsjin better witten yn haw ik as FFU-skriuwer de Twadde Keamer wer it safolste, Hollânsktalige brief takomme litte. Hollânsktalich, oars kinne of wolle se it dêre net lêze fansels. In pear wike letter haw ik op oanstean fan Onno Falkena fan it EBLT (it Europeesk Buro foar Lytse Talen), in Ingelsktalige wjergader as ôfskrift nei Straatsboarch (Rie fan Europa) en Brussel (Europeesk Parlemint) stjoerd. Dat wol noch wolris wat helpe. Alteast dat hopet men dan mar. Ik haw it brief no ek yn it Frysk oersetten.4

Brief oan de Twadde Keamer

Oan:
De leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
benammen: de fêste Kommisje OKW
Postbus 20018
2500 EA De Haach

Underwerpen: (1) tapassing Europeesk Hânfêst; (2) finansiering fan in learlingfolchsysteem en tusken- en eintoetsen Frysk; (3) de ynspeksjekontrôle op it ûnderwiis yn it Frysk (fak en fiertaal)

Drachten/Itens, 27 sept. 2011

Rju achte leden fan de Twadde Keamer,

1. Us korrespondinsje mei de Ryksoerheid oangeande it tapassen fan it Europeeske Hânfêst
Op 24 aug. 2009 hawwe wy ús út namme fan û.o. de Feriening Frysk Underwiis ta te Twadde Keamer rjochte oangeande de oant dan ta net tarikkende tapassing fan it troch Nederlân ûndertekene European Charter for Regional or Minority Languages (1992) op de Fryske taal (koarwei: Europeesk Hânfêst). Dat wie in ferfolchbrief op ús brief fan 15 sept. 2008 (ynklusyf in wiidweidige bylage oer it m.b.û [middelber beropsûndewiis] dy’t op 10 sept. 2009 behannele is yn de fêste kommisje foar Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn in prosedueregearkomste (skaaimerken brieven resp. 008Z02602-2008D07244 en 2009Z15487/2009D41373). De kommisje sei ta: ‘Na ontvangst van de reactie van de ministers [OCW, BZ] zal de commissie u laten weten of zij nog nadere stappen wil ondernemen en zo ja, welke’. In reaksje fan de kommisje oangeande ‘nadere stappen’ is oant no ta útbleaun.

Wy hawwe allinnich op 18 des. 2008 in reaksje fan de steatssekretaris fan OKW, mefr. Sharon A.M. Dijksma, op ús brief fan 15 sept. 2008 krige (skaaimerk PO/O&O/77989), omdat it ûnderwiis yn it Frysk yn har portefúlje siet. Dêr waard bgl. net troch mefr. Dijksma yn oankundige dat der in wetlike ferplichting komt foar it ûnderwiis yn it Frysk as fier- en ynstruksjetaal op de skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis. Dat is yn striid mei it Europeesk Hânfêst. De kêsten 8 (1) a. ii; b. ii; c. ii en iii; d. ii en iii (ynklusyf foarskoalsk ûnderwiis, spesjaal [fuortset] ûnderwiis en it beropsûnderwiis) soene ûnfermindere yn Nederlânske wetjouwing omsetten wurde moatte.5 Allinnich dat kin en sil derta liede dat op de oanbelangjende skoallen in oanmerklik part (‘aanmerkelijk deel’) fan it ûnderrjocht yn de Fryske taal jûn wurdt.

De lykweardigens fan it Frysk oan it Nederlânsk (as fak, as ynstruksjetaal en as ferplichte eksamenfak) foar de Fryske learlingen freget der likegoed om. It is needsaaklik om it Frysk as kultuertaal fan de iennichste erkende Nederlânske nasjonale minderheid (‘Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden, 1995’) in goede takomst te jaan.

Deputearre Steaten fan Fryslân stribje dernei, sa’t bliken docht út it hokkerlêsten sletten koalysje-akkoart, dat yn de (nije) taalwet (‘Wet gebruik Friese taal’) it Nederlânsk en it Frysk yn de provinsje Fryslân as lykweardige en lykberjochtige talen jilde yn alle sosjale domeinen. Dat betsjut ek dat der foar it Frysk yn it ûnderwiis in trochgeande line wêze moat oant en mei it akademysk ûnderwiis. Dan kin op termyn it Frysk as eksamenfak yn Fryslân yn it hiele fuortset ûnderwiis deselde (ferplichte) wetlike status foar de learlingen krije as it (ferplichte) Nederlânsk as eksamenfak.

Ut de advizen fan de ‘stuurgroep decentralisatie Friese taal van Rijk naar de provincie Fryslân’ (de saneamde Kommisje-Hoekstra) in syn rapport ‘Fries in het onderwijs; meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân’ (Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, aug. 2010) en de kabinetsreaksje (d.d. 30 juny 2011) dêrop (û.o. yn de paragraaf “It moat better! It kin better!’6) docht net bliken dat dat ferplichtingsfoech tenei by de provinsje Fryslân lizze moatte soe. It kin en moat dus noch folle better. Dat betsjut neffens ús dat De Haach, salang’t it foech ta ferplichtsjen net oan de provinsje Fryslân oerdroegen is, syn ferantwurdlikens foar it ûnderwiis yn it Frysk fandatoangeande nimme moat.

2. In learlingfolchsysteem en metoade-ûnôfhinklike toetsing foar it fak Frysk en de rol fan de ynspeksje
Underwilens is der ferline jier wer in rapport fan de Ynspeksje fan it Underwiis oer de kwaliteit fan it fak Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis ferskynd: Tussen wens en werkelijkheid/Tusken winsk en wurklikheid (okt. 2010). De ynspeksje konstatearret dat de kearndoelen foar it fak Frysk ûnfoldwaande oersetten binne yn behearskingsdoelen foar ferskillende groepen en dat de behearsking fan Fryske taalfeardichheden sadwaande net fêst te stellen is. De ynspeksje hat oanjûn dat er de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk net ûndersykje kin en wol as der foar it basis- en fuortset ûnderwiis gjin noarmearre toets- of learlingsfolchsysteem ûntwikkele is.

De yn paragraaf 9.3 (s. 57) fan it ynspeksjerapport opnommen oanbefelling om it Frysk yn it earstoan net te ynspektearjen is om twa reden ûnwinsklik. Foarst is de ynspeksje dêr op grûn fan it boppeneamd Europeesk Hânfêst ta ferplichte. De Ynspeksje fan it Underwiis moat dus effektyf tafersjoch hâlde op it ûnderwiis yn it fak Frysk. Dat mei gjin behindering wêze foar it sa gau mooglik ûntwikkeljen fan in goed funksjonearjend learlingfolchsysteem en in metoade-ûnôfhinklike toetsing. Twads sil dy oanbefelling troch de skoallen yn Fryslân opfette wurde as in sinjaal dat it fak Frysk der net langer ta docht. De oanbefelling om it Frysk foarearst net te ynspektearjen sil sa in net winsklike situaasje yn ’e hân wurkje en de kwaliteit fan it fak Frysk fierder skea dwaan.

It liket der ûnderwilens op dat it kabinet, sa’t bliken docht út syn stânpunt fan 30 juny 2011 oangeande it rapport fan de ûnderwiisynspeksje en it rapport fan de stjoergroep-Hoekstra ynvestearje wol yn it brûken fan toetsen foar it Frysk.

Mei it each op it boppesteande moat der dêrom foar it Frysk sa gau mooglik in falide, objektyf en betrouber learlingfolchsysteem mei metoade-ûnôfhinklike tusken- en eintoetsen foar it basis- en it (hiele) fuortset ûnderwiis ûntwikkele wurde.

Sokke toetsen sille net troch de ‘merk’ ta stân brocht wurde kinne. Dy is der fierstente lyts foar en kommersjeel net wichtich genôch. De stjoergroep-Hoekstra hat dat ek opmurken en advisearret dat de oerheid dêr (oars as by oare fakken) yn foarsjen moatte sil.

Wy steane der dan ek mei klam by de Twadde Keamer op oan dat de Ryksoerheid wat dat oanbelanget syn ferantwurdlikens nimt en foldwaande finansjele middels ta beskikking stelt.

Mei rju achtinge, foar de Feriening Frysk Underwiis
drs. T. Dykstra, foars. FFU

drs. S.T. Hiemstra, skr. FFU

Noaten
1 Ferl. ‘Geen extra taalbevoegdheid naar provincie. Kamer: Fries valt onder ministerie’ (Leeuwarder Courant, 30-09-2011, s. 17). En Pieter de Groot, ‘Ut ’e skulp’ (Leeuwarder Courant, Dwers, 04-11-2011, s. 8).
2  Ferl. Pieter de Groot, ‘Krûp út ’e skulp’, ynlieding foar it kongres (stúdzjemiddei) ‘Fierder mei Frysk 8’ fan de seksje Frysk fan de Vereniging van Leraren  in Levende Talen (VLLT) op 3 nov. 2011 te Drachten.
3 Klik op www.ffu-frl.eu en sykje dan by ‘argyf’ en by ‘aktiviteiten & brieven’.
4 De oarspronklike Hollânsktalige en Ingelsktalige brieven binne oan te klikken op www.ffu-frl.eu by ‘brieven 2011’, útgien 27-09-2011.
5 It giet ús benammen om it omsetten yn Nederlânske wetten fan de neikommende kêsten út it Europeesk  Hânfêst foar streektalen of talen fan minderheden (Tractatenblad van het Koninkrijk der Nederlanden, jrg. 1993, nr. 199), Straatsboarch, 5 nov. 1992)’.

Oersjoch fan de oanbefellings yn haadstik III fan it Hânfêst foar regionale talen of  talen fan minderheden dy’t troch it Nederlânske regear ûnderskreaun binne. De oersetting ‘streektalen’ út it Tractatenblad is letter ferbettere ta ‘regionale talen’.

Artikel 8, Onderwijs:
1. Met betrekking tot het onderwijs verplichten de Partijen zich ertoe, binnen het grondgebied waar deze talen worden gebruikt, overeenkomstig de situatie van elk van deze talen en zonder afbreuk te doen aan het onderwijs in de officiële taal of talen van de Staat:
- a. ii. een aanmerkelijk deel van het aan het onderwijs op school voorafgaand onderricht te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [d.w.s. it Frysk; ûnderskreaun troch Nederlân, mar wurdt net goed útfierd];
- b. ii. een aanmerkelijk deel van het primair onderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [d.w.s. it Frysk; dy ferplichting (!) is troch Nederlân ûnderskreaun, mar wurdt net útfierd en ôftwongen];
- c. ii. een aanmerkelijk deel van het voortgezet onderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [nét troch Nederlân ûnderskreaun; dit kêst hat sterk myn foarkar en jout in goede grûnslach foar it trijetalich ûnderwiis, resp. de trijetalige skoalle, mei in folweardich plak foar likegoed it ferplichte Frysk as it Nederlânsk en it Ingelsk as fak en as ynstruksjetaal]: of
- c. iii. binnen het voortgezet onderwijs te voorzien in het onderwijzen van de desbetreffende streektalen of talen van minderheden als integrerend deel van het leerplan [wól troch Nederlân ûnderskreaun, mar net goed útfierd; liket my minder gaadlik om ta goed trijetalich ûnderwiis te kommen; liedt oant no ta net ta in trochgeande learline];
- d. ii. een aanmerkelijk deel van het technisch onderwijs en beroepsonderwijs te bieden in de desbetreffende streektalen of talen van minderheden [d.w.s it Frysk; nét troch Nederlân ûnderskreaun; is bûtenwenstich wichtich foar de taalbehearsking fan it meartal fan de Fryske learlingen en dus foar de takomst fan it Frysk; dit kêst hat myn foarkar as basis foar goed trijetalich ûnderwiis]; of
- d. iii. binnen het technisch onderwijs en het beroepsonderwijs te voorzien in het onderwijzen van de desbetreffende streektalen of talen van minderheden als integrerend deel van het leerplan [d.w.s. it Frysk; nét troch Nederlân ûnderskreaun; it kêst liket my minder gaadlik as basis foar goed trijetalich beropsûnderwiis];
- e. ii. voorzieningen te verschaffen voor de bestudering van deze talen als vak in het universitair of hoger onderwijs [d.w.s it  Frysk; troch Nederlân ûnderskreaun]; 
- f. i. in het kader van volwassenenonderwijs en permanente educatie cursussen te bieden die voornamelijk of geheel in de streektalen of talen van minderheden worden gegeven [d.w.s. it Frysk; troch Nederlân ûnderskreaun];
 - g. regelingen te treffen om het onderwijs in de geschiedenis en cultuur die in de streektaal of de taal van een minderheid haar weerspiegeling vindt, te waarborgen [troch Nederlân ûnderskreaun, mar net of net goed útfierd; hjir giet it my dus om it ferplichte en foldwaande jaan fan Fryske skiednis yn it basis- en fuortset ûnderwiis, ynklusyf de kanon fan de skiednis fan Fryslân]; 
- h. te voorzien in de basisopleiding en bijscholing van docenten die nodig zijn voor de toepassing van die leden uit lid a tot en met g die door de Partij zijn aanvaard [troch Nederlân ûnderskreaun].
 6 Ferl. ek it kommentaar fan FFU-foarsitter Tom Dykstra op de kabinetsreaksje ‘Komt it no klear mei it Frysk yn it (basis)ûnderwiis?’, Swingel, nû. 31, sept. 2011, s. 14-16); ek oan te klikken op: www.fryskebeweging.nl/Swingel.

Maaie 2011, Sjerp & Jittik (15)

Op nei mear en bettere Frysktalige toetsen en testen

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Der binne yn de rin fan de jierren op oanstean fan de wurkgroep Frysk & Logopedy, dy’t ûnder de paraplu fan de Fryske Akademy operearret en dêr’t ik sûnt de oprjochting ek lid fan bin, al hiel wat logopedyske helpmiddels ûntwikkele. Om inkelde foarbylden te neamen:

1. Frysk artikulaasje-ûndersyk. Diagnoazemiddel foar artikulaasje-ûnderwysk by Frysktalige jonge bern, hânlieding en plaatsjesboek. Ljouwert: Afûk, 2004;
2. Fryske UCO, Observaasjeynstrumint foar Frysktalige afasypasjinten. Ljouwert: Afûk, 2004 (oanfolling op besteande UCO [Utrechts Communicatie Onderzoek]);
3. J.E. Dijkstra, F-TARSP: Fryske Taal Analyze Remediearring en Screening Proseduere. Ljouwert: FA/Afûk, 2008.

Yn ûntwikkeling binne in nije ‘taalbegryps- en produksjetest’ en in Fryske ‘Lexiconlijst’.

Fryske toetsen en testen
Yn 2010 haw ik in nije wurkgroep, Fryske toetsen en testen, oprjochte mei Edwin Klinkenberg  fan de Fryske Akademy (leden Reitze Jonkman, Alex Riemersma, Edwin Klinkenberg, Hester Deelstra, Jan Oudeboon, Sikko de Jong, Sytze T. Hiemstra), ek wer ûnder de paraplu fan de Fryske Akademy, om as tinktank foar Frysktalige toetsings- en oare hifkingsmiddels foar it hiele reguliere Fryske ûnderwiis te operearjen.

Wy binne fan betinken dat it better ynplemintearjen fan it Frysk yn it ûnderwiis freget om oerlis oer en aktiviteiten op it mêd fan:
- it op ’en nij formulearjen fan kearndoelen foar it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis;
- it tawurkjen op in realistysk, objektyf, falide en betrouber learlingsfolchsysteem foar Frysk, parallel oan dat fan Nederlânsk;
- in eintoets Frysk basisûnderwiis en in ôfslutende toets Frysk ûnderbou fuortset ûnderwiis, allebeide op twa nivo’s; de toetsen moatte alle kearndoelen omfiemje (en bgl. net allinnich begripend lêzen). Der Cito-toets begripend lêzen is in moai begjin, mar lang net genôch (sjoch it ynspeksje-rapport 2010);
- hokfoar foech oft de ynspeksje (!) hawwe moat en hoe’t  harren wurdearringsramt der útsjen moat.

Desintralisaasje fan foech
Soks freget om mear desintralisaasje fan foech. Dat liket der oan te kommen. Ut it rapport Devolvement of Legislative Power (2009) docht bliken dat regio’s mei desintralisearre foech aktiver (wurden) binne.

It gearstallen fan goede Frysktalige toetsen en testen rekket ek de korpusplenning en it standerdisearringsproses fan ús taal. Wy binne fan betinken dat it foech fan de Provinsje Fryslân oangeande it fêststellen fan de stavering (1969) parallel wêze moat oan dat foar de Nederlânske ‘spelling’. De Ned. Taalunie hat foar it ‘Nederlands/Hollânsk’ it foech en hat in kommisje dy’t om de 10 jier de stavering op ’en nij besjocht.

It Nederlânsk is in bettere standerdisearre taal as it Frysk. It Frysk moat likegoed better standerdisearre wurde (bgl. foar de learmiddels en toetsingsmiddels yn it ûnderwiis en foar brieven/noata’s/rapporten en oare offisjele stikken dy’t in rol spylje yn it amtlik en juridysk ferkear, ensfh.). Der soe útsteld wurde kinne/moatte dat de Fryske Akademy en de Afûk in opdracht ta advys kriget (foar de Steaten) oer in trochgeand standerdisearringsproses foar stavering en wurdskat.

Nei in folslein Frysk toetsingssysteem
Wat in Frysk learlingfolchsysteem oanbelanget, besteane foar it reguliere ûnderwiis:
a. in Twa-Minute-Toets (Cito/Cedin) foar technysk lêzen (hantlieding 1998; yn de oanfolling 2007 binne DLE-skalen opnommen: Didactisch LeeftijdEquivalent, om  learefterstannen by yndikaasjestelling mei fêst te stellen).

Healwei 2011 is ek in Skoalfeardigens Toets Technysk Lêzen reekommen (en op alle punten troch de Cotan-sertifisearring kommen), dy’t (mei) ûntwikkele is troch it Taalsintrum Frysk/Cedin (û.l.f. Teije de Vos, earder útjouwer fan Eduforce) en Boom-uitgevers.

b. In toets foar begripend lêzen (Cito), groep 8 (B8, M8), is yn tarieding (de teksten binne oanlevere en ferbettere; de ‘standaardbepaling’ is yn sept. 2011).

De fraach is wat der aanst noch mear komme moat. Wat strunen op www.cito.nl by primêr en fuortset ûnderwiis kin stipe jaan as wy sjogge wat der foar lêzen en taal foar it Hollânsk beskikber is. In dat is in soad!

Middels foar pjutteboartersplakken en basisûnderwiis
Myn (grif net folsleine) opsomming foar pjutten oant en mei basisskoallelearlingen folget hjirûnder. Hiel wichtich is fansels de:
1. Eindtoets Basisonderwijs, foar groep 8, befettet opjeften op it mêd fan ‘Taal’ (en dat is neffens guon itselde as ‘Nederlands’!). Doel: advys foar ferfolchûnderwiis, mar skoallen wurde der troch de ynspeksje ek wol op ‘ôfrekkene’ as it om de kwaliteit (‘opbrengst’) fan de skoalle sels giet. Dêr soene foar Fryslân alle jierren opjeften foar Frysk yn kinne.
2. Taal voor peuters, foar bern op de pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen: passive wurdskat, definysjefeardigens, kritysk harkjen en aktive wurdskat; yndividueel ôf te nimmen.
De is ek in ‘Hulpprogramma Peutersvolgsysteem’ om ferhelpûnderwiis te bieden. Fryske wjergaders ûntwikkelje?
3. Taal voor kleuters, foar groep 1 en 2 (foar regulier basisûnderwiis en spesjaal basisûnderwiis): passive wurdskat, kritysk harkjen; foar de âldste beukers opdrachten oer klank en rym, earste en lêste wurd hearre, skriftoriïntaasje en auditive synteze; yndividueel of yn lytse groepkes ôf te nimmen, tiid 20 à 30 min.; der is in oanslutend ‘Observatie- en hulpprogramma Taalplezier’ om ferhelpûnderwiis te jaan. Fryske wjergaders?
4. Begrijpend lezen, foar groep 3 oant en met 8: mearkaropjeften foar teksttypen en tekstsjenres; it wat en hoe fan de tekst; startmodule, dan maklike module Vervolg 1 of slimmere module Vervolg 2; oant mei groep 6 hat eltse module 25 opjeften, tiid 40 min. de module; fan groep 7 ôf besteane de ferfolchmodulen út 30 opjeften, tiid 50 min. de module. Der is no in toets foar Frysk begripend lêzen, groep 8, yn ûntwikkeling. Ek foar de oare learjierren winsklik?
5. Drie-Minuten-Toets en AVI (kaarten), technysk lêzen foar groep 3 oant en mei 8; trije lêskaarten: 1. klanksuvere wurden; 2. wurden mei ien wurdlid; 3. wurden mei twa- of mear wurdlidden. It giet om de flottens fan it ferklankjen. Wy hawwe no foar it Frysk in Twa-Minute-Toets. Fryske technysk-lêstoetsen foar de groepen 3 o/m 8 ûntwikkelje litte?
6. Entreetoets, foar groep 6, groep 7, befettet ek in ûnderdiel ‘taal’ (njonken rekkenjen/wiskunde en stúdzjefeardichheden). Mei de ‘Eindtoets Basisonderwijs’ en it ‘Cito Volgsysteem primair onderwijs’ (LOVS) foarmje se in folslein folchsysteem. In Frysk oanpart ûntwikkelje litte?
7. Luisteren, foar groep 3 oant en  mei 8; Luisteren 1: tekst foarlêze en in fraach stelle; krekte antwurd wurdt troch de learling opskreaun yn in learlingeboekje mei alternativen; Luisteren 2 en 3: ferhalen, berjochten en petearen mei fragen (4 mooglikheden yn learlingeboekje/op antwurdblêd); it ûnderdiel 45 min; helpboeken Luisteren (ferbettering harkhâlding swakke harkers). In Fryske wjergader?
8. Me2!Engels, foar groep 7 en 8; mearkarfragen; trije ûnderdielen: Leesvaardigheid (20 koarte teksten mei fragen oer de ynhâld); Luistervaardigheid (tv-rapportaazje en audiofragminten), fragen beänderje; 20 opjeften; Woordenschat, auditive en skriftlike toetsing; 40 auditive fragen oer in realistyske taalsituaasje yn byld; 40 opjeften om de betsjutting fan skreaune wurden werom te kennen, mearkar; 60 min. it ûnderdiel. Ek fan belang foar in Fryske wjergader?
9. Taaltoets Alle kinderen, foar groep 1 oant en mei 4; 10 reseptive en (re)produktive taken: klankûnderskieding, klankartikulaasje, sinbegryp 1: funksjewurden, sinbegryp 2, sinpatroanen, sinfoarming, passive wurdskat, wurdomskriuwing, wurdfoarming, ferteltaak (1 en 2) en tekstbegryp: 4 dielfeardichheden: klanken, wurden, sinnen en teksten. In Fryske wjergader?
10. Technisch lezen, foar groep 3 oant en met 8; krektens en flottens neigean; is in fernijing fan de besteande toets Leestechniek & Leestempo; as groep ôf te nimmen; groep 3, tekening-plus-grûnwurd-plus-ôflieders, it grûnwurd is it goede antwurd en wurdt werjûn yn de tekening, de ôflieders binne 4 ferkearde antwurdalternativen; tiid 6 min.; fan groep 4 ôf tekst mei kar út trije wurden; tiid 8 min.; AVI-nivo en AVI-oersjoch. In  Fryske wjergader?
11. Woordenschat, foar groep 3 oant en mei 8; opjefteboekjes of opjeftekaarten; it lêzen fan fetprinte wurden en dan út 4 alternativen it wurd kieze mei deselde betsjutting; foar eltse groep it learjier twa toetsen; groep 3 en 4 besteane út twa dielen fan elts 25 opjeften, 30/35 min. toetsen groep 5 en 6, wer twa dielen, elts 35 opjeften, 45 min. In Fryske wjergader?
12. Spelling, foar groep 3 oant en mei 8; diktees en mearkaropjeften oer mei-inoar 50 ferskillende staveringskategoryen (op grûn fan in metoade-analyze); eltse toets bestiet út 3 modulen: mienskiplike startmodule, maklike(r) module Vervolg 1 en slimme(re) module Vervolg 2. Oant en mei groep 5 bestiet eltse module út 25 opjeften; fan groep 6 ôf út 30 opjeften; tiid 30 min.; fan groep 7 ôf wurdt boppedat de tiidwurdstavering opnommen (3 modulen fan elts 25 opjeften, tiid 30 min.); opjefteboekjes of kopiearbere antwurdblêden.
Foar it spesjaal ûnderwiis en it spesjaal basisûnderwiis is de útjefte: Spelling voor speciale leerlingen foar de funksjonearringsnivo’s groep 3 oant en mei groep 5 (toetsen op papier en digitaal), mar dy is ek gaadlike foar learlingen út it reguliere basisûnderwiis mei in stadige ûntjouwing en in spesifike steuring (sokke toetsen foar 6 o/m 8 komme yn 2011/2012). In Fryske staveringstoets soe ik heech op de urginsjelist sette. Foar hokfoar groepen?

Middels foar it fuortset ûnderwiis
1. Toelatingstoets, foar lwoo en pro; befettet de wetlike foarskreaune ûnderdielen fan  it didaktyske part fan de fereaske toetsing: begripend lêzen (3 taken); technysk lêzen (1 taak); stavering (2 taken); rekkenjen mei ynsjoch (2 taken); begripend lêzen en stavering hawwe allinnich mearkarfragen; klassikaal ôf te nimmen; tiid de taak 20 min; techn. lêzen 6 min. Hiele toets: 2½ oere; posityf beoardiele troch de Cotan (Commissie Testaangelegenheden van het Nederlands Instituut van Psychologen (NIP)), alle relevante punten oardiel: goed; basearre op wiidweidich en kwalitatyf heechsteand ûndersyk neffens Cotan.
2. Toets 0, begjin skoaljier, foar vmbo, havo en vwo; toetsing fan kearnfeardichheden begjin fuortset ûnderwiis: Nederlands leesvaardigheid, taalverzorging, rekenen/wiskunde, Engels leesvaardigheid en Engelse woordenschat. It is dus in begjinmjitting foar it folgjen yn it fû. Taak 1: Nederlands leesvaardigheid; Taak 2: Nederlands leesvaardigheid 2; Taak 3: Rekenen/wiskunde; taak 4: Rekenen/wiskunde; Taak 5: Engels 1; Taak 6: Engels 2; taak 7: Taalverzorging; Taak 8: Nederlands woordenschat; toets 0 is der foar 3 nivo’s: vmbo BB, vmbo KB/GT en havo/vwo; foar dyslektyske learlingen binne der gruttere toetsboekjes en in ynsprutsen toets. Eltse taak 45 min., totaal 8 lesoeren. Fryske ûnderdielen ûntwikkelje litte?
3. Toets 1, april-july, foar vmbo, havo en vwo; op it stuit binne der noch 9 taken, ferlykber mei Toets 0, mar ‘Studievaardigheden komt derby; Toets 1 is der foar de trije nivo’s: vmbo BB, vmbo KB/GT en havo/vwo. Eltse taak 45 min., totaal 9 lesoeren. Frysk oanpart?
4. Toets 2, febr.-maaie, foar vmbo, havo en vwo; taken ferlykber mei Toets 1; tiid de taak 45 min.; hiele toets dus 8 lesoeren. Toets 2 is der foar trije  nivo’s: vmbo BB, vmbo KG/VGT en havo/vwo. In seleksje kin ek. Frysk oanpart?
5. Toets 3, ein tredde jier, foar vmbo, havo, vwo; 7 taken: Nederlands 1 en 2, wiskunde 1 en 2, Engels leesvaardigheid 1 en 2, studievaardigheden. Toets 3 is foar trije nivo’s: vmbo BB, vmbo KB/GT en havo/vwo. Eltse taak 45 min., mei-inoar 7 lesoeren. Frysk oanpart?
6. Taaltoetsen by it Europeesk Referinsjeramt
De Ried fan Europa hat in Europeesk Referinsjeramt (ERR; Holl.: ERK) ûntwikkele foar it ûnderwiis yn de moderne frjemde talen. It Cito hat hark-, skriuw- en praattoetsen ûntwikkele foar de talen Dútsk, Ingelsk en Frânsk op ferskillende ERR/ERK-nivo’s. De maklikste opjeften kinne al brûkt wurde yn de brêgeklasse. De slimste binne foar de eineksamenlearlingen fan it vwo noch in útdaging:
 
1. TaalstERK Lezen en Luisteren; 2. ERK-schrijftoetsen; 3. ERK-oefentoetsen spreekvaardigheid; 4. ERK-spreektoetsen:
(1) TaalstERK Lezen en Luisteren, foar ûnderbou o/m de eksamenklasse foar Dútsk, Ingelsk en Frânsk op nivo A1 o/m B2. In sertifikaat kin útrikt wurde. Dat sertifikaat is erkend troch de Ried fan Europa (kin ek yn it bûtenlân toand wurde). Toets is ek nuttich/brûkber foar mbû/mbo en hbû/hbo. Frysk?
(2) ERK-schrijftoetsen, foar ûnderbou o/m eksamenklasse, twa ferzjes, ornearre foar:
a. ûnder- en boppebou vmbo, ûnderbou havo en vwo (nivo A1 en A2);
b. boppebou havo en vwo (nivo B1 en B2);
befoarderet it yn kaart bringen fan de trochgeande learline, kin yn in portfolio. Frysk?
(3) ERK-spreektoetsen, op 4 ferskillende nivo’s, fan de brêgeklasse ôf kin men de trochrinnende learline neigean:
a. ûnder- en boppebou vmbo, ûnderbou havo en vwo (nivo A1 en A2);
b. boppebou havo en vwo (nivo B1 en B2);
opjeften binne identyk yn de trije frjemde talen. By eltse opjefte heart in audiofragmint. Frysk?

By alle ERR/ERK-toetsen kinne ek ferlykbere Frysktalige ûnderdielen betocht wurde (foar learlingen dy’t as net-Frysktalige begjinne?).

Ofsluting
Wy soene besjen kinne fan hokfoar boppeneamde toetsen (de opsomming grif net folslein) oft it goed en winsklik is om Frysktalige ekwivalinten te ûntwikkeljen en in prioriteit oanbringe. En dan komt it subsydzjeferhaal! It sil gâns jild kostje moatte.
Maaie 2011, Sjerp & Jittik (14)

It Fryske Gea en it Frysk!

Hoe kin der in ein makke wurde oan de anty-Fryske taalpolityk fan dy feriening?

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

It liket derop dat it taalbelied fan It Fryske Gea hieltiten Frysk-ûnfreonliker wurdt. Op de jiergearkomste fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) (25 maaie 2011) brocht ús Haachsk lid Lútsen Bakker in earnstige klacht oer de taalpolityk fan dy feriening op it aljemint. Dat wie foar him oanlieding om syn lidmaatskip fan It Fryske Gea op te sizzen. De FFU bringt syn klacht hjir op it aljemint.

Hjirûnder sa likernôch de mail dy’t Bakker yn maaie 2011 oan It Fryske Gea stjoerd hat. Hy foeget der yn in e-post-berjocht oan de FFU oan ta: “Ik haw in jier of tsien ferlyn in brief skreaun oan deselde ynstânsje, dêr't ik in selde klacht yn utere. Noch op it brief noch op de e-mail haw ik in reaksje krige” (berjocht oan de FFU, 26-05-2011).

 Lútsen Bakker syn mail oan It Fryske Gea

Eala,

Lâns dizze wei wol ik myn lidmaatskip by jimme feriening opsizze. De reden is dat ik in protte argewaasje haw fan it taalbelied dat jimme fiere yn jim ferieningsblêd. It foarwurd dat eartiids altyd yn it Frysk wie, is no wer yn it Hollânsk; de nammen fan fûgels en oare dieren, dy't foarhinne dûbeltalich wiene, binne no wer inkeld Hollânsktalich. Mar wat my wol it measte yn it krop stiket is, dat jimme de jongerein yn KidsGea ûnderrjochtsje oer de natoer - nota bene it meast direkte fermidden - yn inkeld it Hollânsk; dat in skries in grutto is, in hynder in paard en in skiep in schaap, as woene jimme sizze: sa heart it. Jimme miene dat jim om it Frysk hinne kinne, mar mei de him ûntjaande emansipaasje fan ús taal sil jim dat net langer slagje. As jimme sa maklik omlizze foar minsken dy't driigje mei opsizzen, omdat hja fine dat der tefolle Frysk brûkt wurdt, dan sis ik: it kin ek oarsom. Ik haw der net langer nocht oan om jimme te stypjen.

Mei achtinge,

Lútsen Bakker

 As It Fryske Gea net gau weromkomt op dat belied, dan liket ús in aksje needsaaklik. It Hollânsk slacht suver allinnich foar master op yn it blêd fan dy organisaasje. De ynfloed fan Hollânsktaligen dy’t neat mei it Frysk te krijen hawwe wolle, liket tige grut. En it Frysk is it slachtoffer fan harren taalmacht.

Sa’n op it Hollânsk rjochte machtspolityk en taalterreur as it om it Frysk giet, soe it bêste ôfstraft wurde kinne mei in massaal opsizzen fan it lidmaatskip fan It Fryske Gea troch alle leden dy’t it Frysk in waarm hert tadrage. It tydlik net beteljen fan it ledejild, oant der feroaring komt, liket ús wol it minste. Jin as organisaasje wol ynspanne foar it Fryske lânskip as natuerwearde en tagelyk meiwurkje oan it ferdwine litten fan it Frysk as kultuerwearde en sosjaal-kommunikatyf medium, dat flokt mei-inoar en is foar eltse goefries net akseptabel. Soks raast oan de protters, om fan de ‘spreeuwen’ mar te swijen!

Graach ideeën foar in fûleindige aksje. De feriening heart de bern (en folwoeksenen) net te yndoktrinearjen mei Hollânske bistenammen op kosten fan it Frysk. Sa’n destruktive ‘taaldidaktyk’ wol de FFU fûl bestride!

Soks kin men dochs net gewurde litte? Bakker syn ‘mei achtinge’ is tefolle eare nei sa’n behanneling! Fan him en fan it Frysk. En dat ‘eala’ moat earst ek wer fertsjinne wurde. Wa folget him yn syn aksje? Lit It Fryske Gea fan jimme hearre!
Novimber 2010, Sjerp & Jittik (13)

Friezen (net) grutsk op eigen taal?

Tom Dykstra,
foarsitter FFU

Yn it Friesch Dagblad fan 23 novimber 2010 wurdt it ynspeksjerapport Tusken winsk en wurklikheid (2010) oanhelle en - lykas yn eardere rapporten - werjûn dat it mei it Frysk yn basis- en fuortset ûnderwiis noch altiten net goed liket. Dy konstatearring wurdt  folge troch in opmerking dat soks de skuld fan de Friezen sels is: learlingen, âlden en bestjoeren soene net grutsk op de eigen taal wêze en der soe te min draachflak wêze foar ferbettering fan de posysje fan it Frysk yn de skoallen. Ik moast daliks oan in anekdoate tinke yn ferbân mei  it prachtige skilderij Guernica (1937), dat Picasso makke hat nei oanlieding fan it modelbombardemint op it stedsje Guernica troch Dútske fleanmasinen. In Dútser frege de skilder: “Hawwe Jo dat makke?” “Nee,” antwurde Picasso, “Sie haben das gemacht.”

Fansels soene de Friezen wat better foar har taal opkomme moatte. Mar wat hat de ynspeksje as systeem, as each en ear fan de minister fan ûnderwiis, oant no ta sels dien om de twadde rykstaal nei de ferplichting fan 1980 yn de skoallen te stypjen en posityf omtinken te jaan oan wat skandlik ieuwen ferwaarleaze is? As rykstaak is de ynspeksje oprjochte yn de Frânske tiid troch it ynstellen fan in Agent van de Nationale opvoeding. Yn de ynstruksje stiet û.o.: “[...] de Nederduitsche taal [it Hollânsk dus, TD] zuiveren en beschaven”. De schoolopzieners, sa as se earst  neamd waarden, hawwe yn de 19de en 20ste ieu alle war dien om yn de nije ienheidssteat it Hollânsk, letter wol it Algemeen Beschaafd  Nederlands neamd, foar hiel it folk dertroch te krijen. It Frysk is doe formeel net ferbean. Allinnich it Hollânsk wie ferplichte en it soe better foar alles wêze - ek foar jins posysje yn de maatskippij - om gjin lêst fan it ‘dialekt’ te hawwen. Sa waard yn 1816 yn de ‘Raadgevingen’ fan in ûnderwiisalmenak foar Fryslân oan de ûnderwizers op it plattelân de rie jûn “om toch vooral in de scholen het vriesch boersch niet te gedogen”. En is der no nei sa’n 200 jier wat feroare?  It efterstellen fan it Frysk yn de skoallen anno 2010 is noch like aktueel as doe yn de Frânske tiid.

De ynspeksje hat yn it foarste plak de taak om nei te gean oft it (subsidiearre) ûnderwiis oan de wetlike easken foldocht: de ferplichte fakken (dus ek it Frysk). Mar dy taak wurdt troch de ynspeksje de lêste tiid fersmelle ta ‘taal en rekenen’ en taal wer ta ‘Nederlandse taal’ en gjin Frysk. Skoallen wurde dan ferlike mei lanlike CITO-noarmen en men kin dan it stimpel swak of tige swak krije. Wa’t mei learkrêften praat, heart dan hoe’t oare fakken dêr ûnder lije. No is goed taalûnderwiis (it soe eins meartalich wêze moatte ) hiel wichtich, mar de ynspeksje makket hjoed-de-dei in iensidige kar foar 2 fakken, in kar dy’t perfoarst net frij fan taalpolitike en pedagogysk-kulturele krityk is. Wetlik bestiet der gjin rangoarder yn de fakken. De ‘meten is weten-ideology’ slacht troch, mar de eangst fan learkrêften en skoalbestjoeren is sa grut dat protest op goede grûnen net oandoard wurdt. It docht dan ek gjin nij dat yn de ‘Evaluatienotitie Boppeslach’ oan Deputearre Steaten (oanbean 3 nov. 2010) opmurken wurdt dat “er toch nogal wat scholen zijn die minder oog hebben voor ‘de kansen en rijkdom’ van meertaligheid”. Skoallen jouwe oan dat earst it Hollânsk op peil moat. Krekt as soe dat didaktysk en de taalpolityk in ferantwurde oanpak wêze.                                                                                                                                                                                                                                                                           

Fansels binne Friezen grutsk op harren eigen taal. Allinnich yn it ûnderwiis en ek yn de maatskiplike romte wurdt soks lang net altiten op priis steld en in protte Friezen dogge der dan ek it swijen ta. It moat net te fernimmen wêze dat jo Fries (Frysktalich) binne. It ûnderwiis besocht en besiket de bern ‘Trots op Nederland’ - om mei Rita Verdonk te sprekken - wêze te litten.  De Agent van Nationale Opvoeding  krige yn it begjin fan de 19de ieu al de taak om ta te sjen op it ‘wekken van  vaderlandsliefde’ en dat hie neat mei de Fryske skiednis te krijen.

Neat gjin respekt foar de Fryske taal en kultuer. Yn de iepenbiere romte hearre jo boppedat fatsoenlik Hollânsk te praten as der oarstaligen yn ’e buert binne, sa as Pennewaard fan de Ljouwerter Krante ús okkerdeis wer leare woe. We leven toch in Nederland niet waar? Is it dan frjemd dat âlden net opkomme doare foar ûnderwiis yn de eigen taal foar harren bern? Har ûnderwiistiid wie ek in Hollânsk(talich) tiidrek.

It bestjoer fan de Feriening Frysk Underwiis hat klachten fan âlden oer it minne ûnderwiis yn it Frysk mei de oanbelangjende skoallen beprate wollen, mar as it safier wie, luts de heit/mem de klacht wer yn, benaud dat de learkrêften harren bern om it Frysk negatyf behannelje soene. Yn dat ferbân is it learsum om op side 47 fan it ynspeksje-ûndersyk út 2006 te lêzen dat 70% fan de âlden yn it basisûnderwiis it goed achtet dat der omtinken is foar de taal, 12% fynt dat der mear barre moat en 18% fynt it Frysk net wichtich. De direksjes ûnderskatte yn it ûndersyk op deselde punten it belang dat âlden oan de taal takenne: 65% (is 70%), 1% (is 12%) en 34% (is 18%). 

It is wier dat it krekt liket oft it grutste part fan de Friezen taalgrutskens mist. Mar de ynspeksje as oerheidsynstelling is sels mei ferantwurdlik foar de taal-yntimidaasje yn de praktyk fan it ûnderwiis. No’t de ynspeksje wer yn  Ljouwert sit, is in petear mei dy amtners dan ek op syn plak om de Hânfêst-bepalings oer de Fryske taal en kultuer ris mei-inoar te bepraten en de ynspekteurs der op te fergjen dy ek yn praktyk te bringen. Moat der in aparte Fryske ynspeksje komme? Kin de ynspekteur wol safolle dwaan? Ien ding is wis. It is net oan de ynspeksje in om in kar foar it Hollânsk of it Frysk te meitsjen. In ynspekteur moat der wetlik op tasjen dat it ûnderwiis yn it Frysk de fuotten ûnder it gat kriget.

25-11-2010
Febrewaris 2010, Sjerp & Jittik (12)

Omrop Fryslân Hollânsktalich?, dat is in ramp

Germ Gerbrandy,
bestjoerslid FFU

Sûnt de ‘ramp’ yn Dronryp is der in diskusje geande oft Omrop Fryslân, ús regionale rampestjoerder, noch wol de earste rykstaal yn Fryslân, it Frysk, brûke mei. Sokke fragen stelle raast oan de protters. Hoe krije se it yn de plasse!

De Omrop is grut wurden doe’t er yn de winter fan 1979 ferslach die fan de oerlêst dy’t minsken yn Fryslân hiene fan de bulten snie dy’t doe yn ús provinsje it iepenbiere libben stilleine. It wie doe noch gjin rampestjoerder, dochs rekke elts suver ferbûn mei dat medium. Men sette graach de radio oan om mei te fielen wat der barde. Omrop Fryslân koe net mear stikken. Der ûntstie suver in bân tusken folk en radio. Yn de tritich jier dêrnei hawwe der nea klachten west dat de lju ús taal net benei komme koene en dat der hiele folksstammen útsletten, ja sels diskriminearre waarden!

Dat wie doe. De wrâld is feroare, sil de reaksje wêze. Ja, yn in hiel soad saken wol, mar net yn it ferstean fan it Frysk. De lêste ûndersiken meitsje dúdlik dat der tsjintwurdich mear minsken binne dy’t it Frysk fersteane as doe: goed 94%. De Omrop hat yn syn karbrief stean dat it Frysk de fiertaal is. Us Omrop hat mear as trijetûzen freonen, dy’t har dêr foaral om dy taal, de sfear en it Frysk-eigene mei ferbûn fiele. Soe OF no net mear yn it Frysk de rampen oankundigje kinne?

Watfoar minsken harkje nei OF? Binne dat foaral de Nederlânsktaligen? Soene dat dy lêste Hollânsktalige Friezen wêze dy’t gjin Frysk fersteane, mar as in soarte fan masogistyske hâlding dochs hiele dagen de Fryske stjoerder derfoar hawwe? Omkoalen?

Eelke Lok, sûnt de foarige ieu it boechbyld fan ús omrop, begjint it ek al yn ’e broek te dwaan. Bang foar GPTV, dy’t mei in tige krap budzjet televyzje meitsje kin. Wês net benaud, en brûk de tiid om goede programma’s te meitsjen!

Guon sizze dat it medium radio gjin taalbefoarderer is. Dat is wier, dêr is OF ek net foar oprjochte, mar der is dochs neat mis mei it goed brûken fan jins taal? Dat dogge alle omroppen oeral op ’e wrâld. As men by Omrop Fryslân wurket, dan is in treflike behearsking fan it Frysk dus in funksje-eask!

As Omrop Fryslân net by himsels bliuwt en net besiket om syn wêzen yn stân te hâlden, dan soe it spitigernôch gjin ramp wêze dat er ferdwynt.
Febrewaris 2010, Sjerp & Jittik (11)

Gedrachssaakkundigen en it Frysk

Thys van der Veen,
bestjoerlid FFU

Katten binne ornaris nijsgjirrige bisten. Dy fan uzes nammers ek. It toetseboerd en it skermke fan ’e laptop hawwe syn foarkar. Sûnder euvelmoed mept er de taal- en rekkentoetsen dêr’t skoalbern har flyt op dien hawwe, fan ’e tafel. Foarkar foar it iene of oare kin him net oanwreaun wurde. Arrogânsje noch minder. Dochs fertink ik him der wolris fan dat er mei de smoarge poaten fan bûten graach syn stimpel sette wol op it papieren harsenswurk fan bern en grutten. Der komt by him net in besteklik wurd út, it bliuwt by it ús sa bewende kattelûd.
Soe ús kat de bek opdwaan en freegje: ‘Watfoar kul hast no ûnder eagen?’, ik soe my besauwe. 

Besauwe doch ik my al lang net mear oer it healwize wrotten en dwaan fan ’e minsken. It rekket my amper. Doch kin de galle jin noch wolris oerrinne. Yn de ûnderwiisrûnten dêr’t ik my beweech, komt it petear gauris op it hâlden en dragen fan skoalbern dat net oanpast is oan it regel- en noarmsysteem fan ’e skoalle. Leararen sitte mei de hannen yn ’t hier oer it ôfwikende gedrach fan learlingen, mar de need kin sa heech net wêze of saakkundigen steane har by. Mei ried en died en yn wurd en skrift. In nommel stribjen, dêr’t net folle fan te sizzen falt. Of dochs?

Men soe guon fan sokken in better ynsjoch yn it fielen en tinken fan bern tawinskje wolle. Wat moatte Frysktalige bern dy’t yn ’e knoei sitte en dêr’t de emoasjes fan oan it oerflak lizze, fan Hollânskpratende gedrachskundigen ferwachtsje? In taal mei in jargon dat dy bern net eigen is. Wurden dy’t it bern yn it Hollânsk oanrikt wurde om situaasjes mei te ûnderkennen en te beneamen. It is as in dûmny dy’t de gemeente yn it Latyn oansprekt. Sa ek it ûnderwiis, dêr’t de taal fan it Fryske bern ûntkend wurdt.

Us kat hat ien deuntsje op syn repertoire. Dochs hearre Hollânsktalige saakkundigen dy’t har bemuoie mei it ûnderwiis en de opfieding fan Frysktalige bern, dat foarbyld net nei te folgjen. It bist kin nammers byneed in toan heger sjonge. Wurdt it net tiid dat it ûnderwiisfjild der ek in toan by leart. In toan mei Fryske ynslach wol te ferstean. Letterlik: te ferstean.
Desimber 2007, Sjerp & Jittik (10)

Lobby Frysk yn De Haach

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Foar de kommende provinsjale beliedsperioade moatte de krêften bondele wurde om yn de rjochting fan De Haach in mienskiplik lûd hearre te litten, benammen as it giet om de Fryske taal en kultuer, seit it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

It kolleezje sjocht de neikommende ûnderwerpen as wichtige spearpunten fan syn belied en sinjalearret ek de tûkelteammen dy’t dêrmei anneks wêze kinne:

1. In nije gearwurkingsoerienkomst (nei 2010) tusken Provinsje en Ryk oer de Fryske taal en kultuer op grûn fan ratifikaasje fan diel III fan it Europeeske Hânfêst en it Ramtferdrach Beskerming Nasjonale Minderheden

Tûkelteam: Yn it ramt fan ‘centraal wat moet, decentraal wat kan’ wol it Ryk him sa min mooglik bine oan ôfspraken oer de Fryske taal en kultuer.

2. De Fryske taal yn de Grûnwet

Tûkelteam: Hoe wurdt it de Keamerleden dúdlik dat it Frysk net lyksteld wurde mei oan de oare autochtoane streektalen, lykas it Leechsaksysk en it Limboarchsk (presedintwurking)?

3. In alsidige en folsleine programmearring fan Omrop Fryslân yn de twadde rykstaal

Tûkelteam: De presedintwurking foar de oare 12 omroppen ropt de fraach op hoe’t de Keamerleden derfan oertsjûge reitsje dat Omrop Fryslân net mear as in regionale omrop sjoen wurde mei, mar as in omrop dy’t as iennichste yn de twadde rykstaal – dus yn de oare taal – útstjoert?

4. Mear foech foar it Frysk yn it ûnderwiis foar de provinsje Fryslân op grûn fan it ferkenningsrapport fan de Minister fan Ynlânske Saken ‘De toekomst van het decentrale bestuur, het decentrale bestuur van de toekomst’ fan desimber 2006

Tûkelteam: De presedintwurking yn de rjochting fan oare provinsjes.

Wêr soe de Provinsje it foech oer hawwe moatte?

It moat in foech wurdeom:
- skoallen foar te skriuwen dat syn yntegraal belied formulearje en yn ’e praktyk bringe;
- yn ’e mande mei de Ynspeksje en skoalbestjoeren it taalbelied fan de skoallen te ynspektearjen, te hifkjen en te fisitearjen;
- skoallen te fasilitearjen foar it opsetten en útfieren fan har yntegraal taalbelied;
- skoallen op grûn fan prestaasjes op it mêd fan har taalbelied te beleanjen, op har ferantwurdlikens oan te sprekken en om passende maatregels te treffen om de situaasje op in sa’n koart mooglike termyn te ferbetterjen;
- de ynhâld en nivo fan learare-opliedings fêst te stellen.

5. De taaltoets fan pjutten

Tûkelteam: As der in taaltoets ynfierd wurdt foar pjutten, dan moat net de behearsking fan de Nederlânske taal hifke wurde, mar de (mjitte fan) taalbehearsking fan it bern; dat freget ‘maatwerk’ foar de Fryske situaasje yn Fryslân.

Oan it harsenskraabjen oer dy fiif spearpunten punten dogge mei fertsjintwurdigers fan de Steatefraksjes, de Politike Kommisje fan de Ried fan de Fryske Beweging (Kobus Walsma, Arno Brok, Annet van der Hoek, Gerben Gerbrandy), it Konsultatyf Orgaan (Gerrit Ybema Sippy van der Meer), de Provinsje Fryslân (Jannewietske de Vries , deputearre; Siem Akkerman, ôfdielingshaad kultuer, taal en ûnderwiis, Theo Willemsen, senior beliedsmeiwurker ûnderwiis, Egbert de Vries, beliedsmeiwurker taal en media, en in direksjelid fan Omrop Fryslân.

It binne alle fiif tige wichtige punten. Ek foar de FFU. Wy hoopje dat it oerlis (earste gearkomste: 19 novimber 2007) fertuten dwaan sil en wy sille de ûntjouwings mei gâns niget folgje.
Oktober 2007, Sjerp & Jittik (9)

Aksje Politike Kommisje fan de Ried fan de Fryske Beweging

Germ Gerbrandy,
wethâlder FNP en bestjoerslid FFU

De Ried fan de Fryske Beweging hat in Politike Kommisje dy’t bestiet út 4 persoanen, te witten: boargemaster Arno Brok fan Snits, Annet van der Hoek, earder Twadde Keamerlid fan de PvdA út Frjentsjer, Kobus Walsma, earder Earste Keamerlid fan it CDA en âld-deputearre út Hurdergaryp, en Gerben Gerbrandy wethâlder fan de FNP fan Wymbritseradiel út Gau. Dy kommisje komt allinnich yn aksje as der út de Ried wei in fraach steld wurdt. De lêste kear krigen wy de fraach oft wy ús ynsette woene om fan Omrop Fryslân in folweardige stjoerder te meitsjen.

De kommisje is sûnt dy tiid wer wekker wurden en hat dy fraach yngeand besprutsen. It hat laat ta in oantal aksjes. Wy wiene fan betinken dat der kontakt socht wurde moast mei de Haachske polityk, om’t dêr it mediabelied makke wurdt. Wy ornearren ek dat as wy (1) in pleit hâlde woene foar de Fryske stjoerder, it eins yn in bredere kontekst stean moast. Wy tinke nammentlik dat de Omrop net op himsels stiet, mar dat it in soad te krijen hat mei de hâlding fan it ryksregear foar it Frysk oer.

Dêrom mienden wy dat wy tagelyk ek yn ’e pleit gean moasten (2) om it Frysk yn de Grûnwet te krijen, (3) dat der mear foech oer taal, kultuer en ûnderwiis nei Fryslân moast, (4) dat alle basisskoallen yn Fryslân trijetalich wêze moasten en (5) dat der in Frysk-Haachske kommisje komme moast om de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar 2010 ta te rieden.

Sadwaande binne wy op 28 maart 2007 nei De Haach tein om mei safolle mooglik Twadde Keamerleden te praten dy’t bannen  mei Fryslân hawwe. Utnoege wiene: Atsma (CDA),  Jacobi (PvdA), Zijlstra (VVD), Snijder (VVD), Anker (CU), Kortenhorst (CDA), Tichelaar (PvdA), De Rouwe (CDA). De earste fjouwer wiene ek oanwêzich. It hat in goed petear west. Ofpraat is dat de ferskillende partijen fragen oan de minister stelle soene. Dat is ek bard.

De fragen oan en antwurden fan steatssekretaris Dijksma binne op ús FFU-webstek ek te lêzen (‘Aktueel 2007’, 24-08-2007). Wy binne net tefreden, mar der is in oanset jûn. It hat ek laat ta ferfolchaksjes. Wy sille op koarte termyn mei deputearre Jannewietske de Vries prate oer ús stânpunten. Hja is it op ’e foarhân mei ús iens oer boppesteande ûnderwerpen en is ek fan betinken ek dat der in mienskiplike stratezjy fan alle aktoaren oangeande Fryske saken wêze moat (sjoch by ‘Aktueel 2007’, 13-9-07, LC). Dêrnei wolle wy mei it Konsultatyf Orgaan, de Ried fan de Fryske Beweging, de kommisje Fryskút Provinsjale Steaten en It Berie foar it Frysk wer in ûnderhâld hawwe mei de deputearre om dy stratezjy fêst te stellen. Letter sille de Keamerleden lykas hjirboppe neamd en de ferskillende wurdfierders ek oanskowe. Wy wolle dat der sa in krêftich en ienriedich lûd út Fryslân klinkt om klear te krijen wat hjirboppe beskreaun is.

FFU: Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Gedeputeerde wil sterkere lobby Fries, 13-09-2007 (A-LC); Geen besluit over Fries in Grondwet, 24-08-2007 (A-LC) (mei de fragen oan [26-06-2007] en de antwurden [21-08-2007] fan de steatssekretaris).
Maaie 2007, Sjerp & Jittik (8)

De FFU freget om help

Underwiis is in wichtich, mooglik wol it wichtichste, maatskiplik ynstitút foar de kultueroerdracht en de kulturele ûntjouwing. Om de eigen en oare talen op nivo leare te brûken en jong en âld yn ’e kunde te bringen mei it mienskiplike kultuerbesit.

Underwiis yn it Frysk is foar it bestean fan de Fryske taal en kultuer fan libbensbelang. Troch de druk fan de Hollânsktalige mearderheid yn Nederlân wurdt it rjocht op ûnderwiis yn eigen taal lykwols al sûnt de Frânske tiid systematysk ûntkend as ‘net goed foar jo bern’. Of as ‘ûnfatsoenlik’ en ‘onvaderlandslievend’. In hiel grut part fan de skoalbestjoeren, fan de masters en juffers hat gjin wjerwurd en folget sokke opfettings noch altiten slaafsk. Of tinkt it te drok te hawwen mei ‘oare’ saken. De ieuwenlange yndoktrinaasje troch oplieding en ynspeksje hat djippe wûnen slein.

Dêr hawwe wy noch alle dagen slim lêst fan. Nettsjinsteande alle wetlike maatregels dy’t der foar it Frysk al binne. Wetlike maatregels dy’t boppedat noch lang net foldwaande binne, benammen net yn it fuortset en it spesjaal  ûnderwiis. It kommen ta goede wet- en regeljouwing is by ús sadwaande in spearpunt. Op ús webstek kinne jo dêr folle mear oer lêze: www.fryskebeweging.nl, oanklikke Feriening Frysk Underwiis.

De Feriening Frysk Underwiis is sûnt 1987 warber om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen. Untstien út in ploechje Fryske âlden dat tige ûntefreden wie mei de kwantiteit en de kwaliteit fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer op ús skoallen.

Wy binne der wiis mei dat de FFU dat dwaan kin as in ûnôfhinklike organisaasje, ek finansjeel. Wy hoege dus net ien nei de mûle te praten. Wy dogge dat troch op te arbeidzjen mei oare Frysksinnige organisaasjes, oerlis te hawwen mei politike partijen en it provinsjaal bestjoer en troch gebrûk te meitsjen fan ynsprekmooglikheden. Mar ek troch it bekommentariearjen fan noata’s en it dwaan fan ferbetteringsútstellen, it stjoeren fan brieven en oare stikken nei oanlieding fan foarnommen en útfierd belied op ûnderwiismêd. Yn guon gefallen wurdt der ek kontakt socht mei yndividuele skoallen, de ynspeksje en guon âlden.

As bestjoer fan fiif man (en noch gjin frou) kinne wy sels lykwols net alles neikomme. Wy hawwe der suver in deitaak oan. Lju dy’t niget hawwe oan wet- en regeljouwing en meitinke kinne en wolle oer it Europeesk, steatsnasjonaal, provinsjaal en gemeentlik taal- en ûnderwiisbelied soene wy wiis mei wêze. Mar ek lju dy’t bygelyks yn in klokliedersgroepke meidraaie wolle om misstannen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer yn de skoallen te sinjalearjen en dêr mei ús wurk fan te meitsjen.

Faaks fiele guon nei in skoftke wol wat foar in plak yn ús bestjoer. Mar ek lju dy’t oare, mear losse putsjes foar ús dwaan wolle, hawwe wy ferlet fan. Miskien hawwe jo sels ek wol in idee wat dat lêste ynhâlde moatte soe. Fertel it ús.

Wy wolle dus sa sterk en manmachtich mooglik wurde. Wa mei it hert op it goede Fryske plak is ree om lid te wurden fan de FFU (€ 10,00 jiers)? En wa soe wol graach wat dwaan wolle, as jo mar wisten hoe?

Hoefolle âlden hawwe harren yn de rin fan de tiid net lulk makke, omdat se machteleas stiene foar de lieding fan de skoalle fan de bern oer as it gong om it jaan fan goed en genôch Frysktalich ûnderwiis?

Ut grutte argewaasje binne wy yn 1987 begûn en hawwe de skouders derûnder setten. Wa folget ús? Lid wurde? Graach! Wat dwaan? Noch leaver! It is foar it Frysk ‘now or never’!

T. Dykstra, foarsitter, 0515-331868
S.T. Hiemstra, skriuwer, 0512- 518927
Ed Knotter, ponghâlder, 0512-381447

e-post: ffupost@hotmail.com

Klik op: De FFU freget om help

19-03-2007
April 2007, Sjerp & Jittik (7)

Taalbelied

Thys van der Veen,
bestjoerslid FFU

Skoallen dogge op oanstean fan de ynspeksje in soad oan befoardering fan it  Nederlânsk: wurdskatûntwikkeling, it oantugen fan spesifike metoaden, taalprojekten en it byhâlden en fêstlizzen fan toetsresultaten. Lêsboeken wurde yndield neffens (AVI-)nivo en foarderings tuskentiids toetst. Ein groep 6 (bern fan 10 jier) moat eins AVI-nivo 9 helle wêze. Bern dy’t dat nivo net helje, krije ekstra tiid om dochs op in sa heech mooglik nivo te kommen.

Foar it Frysk lizze de doelen gâns leger. De nije metoade Studio F is neffens opset foar 75% in ynteraktive metoade, d.w.s. de learlingen dogge de oefenings efter de kompjûter, en foar 25% wurdt der wat mei-elkoar dien. Njonken dy metoade kin de skoalle mei de learlingen lêze of op in oare wize mei it Frysk dwaande wêze. Oft sokt bart, is fansels mar de fraach.

Der bestiet al in hiel hoart in Twa-minutetoets (CITO/MSU) foar technysk Frysk lêzen. Foar it neist wurdt dy net faak brûkt. De ynspeksje stiet der net op oan en stelt it net as eask om de taalûntwikkeling, dy’t net bûn is oan metoaden (lesboekjes) by te hâlden. En wurde de Frysktalige boeken ek yndield yn nivo’s, te ferlykjen mei de AVI-nivo’s?

It Cedin (de skoalbegelieding) set alle jierren in tal projekten op foar alle skoallen yn Fryslân: de berneboekewike, de berneboekesjuery, foarlêsprojekten ensfh. Skoallen kinne dêroan meidwaan en in stikmannich skoallen dogge dat yndie. Mar hoefolle?

Foar it Frysk is it winsklik dat der in ferplichtsjend taalbelied ûntwikkele wurdt, te ferlykjen mei dat foar it Nederlânsk: mei in twingend advys fan de ynspeksje, mei (fuort)gongstoetsen en eindoelen. Dêrnjonken sille de skoallen omtinken jaan moatte oan harren kultuerpedagogyske opdracht: de oerdracht fan de Fryske kultuer en skiednis.

Fierder moatte (!) de skoallen it Frysk sichtber meitsje yn wurd en benammen op skrift. It Frysk moat fan syn útsûnderingsposysje ôf.
April 2007, Sjerp & Jittik (6)

Wetterskip Fryslân en Frysk taalbelied: hoe’t slûpendewei ús taal ûnderstek dien wurdt

Tom Dykstra,
foarsitter FFU

As it oer de swakke posysje fan it Frysk as gebrûkstaal giet, dan kin men gauris hearre dat soks benammen komt troch de sloppe taalhâlding fan de Friezen sels. No is dêr grif wat fan wier, al moat fansels wol de fraach steld wurde hoe’t soks komt. It taalgedrach fan de measte Frysktaligen wurdt ommers sterk beynfloede troch de taalmacht fan it Hollânsk. Lang net altiten is men yn ús provinsje frij om it Frysk te brûken en dan is it brûken fan it Hollânsk de feilichste wei, ek al soe dat hielendal net needsaaklik wêze. Mar ek as men de rêch rjocht hâlde wol, kin men yn in frjemde situaasje bedarje. Sa is skaalfergrutting by Wetterskip Fryslân in behindering foar Frysk taalgebrûk.
 
De situaasje
Yn 2006 skille ik mei de ôfdieling belesting fan it Wetterskip Fryslân om mear ynformaasje en mooglik oerlis oer in beskaat gefal. Nei’t ik trochferbûn wie mei in meiwurkster en myn ferhaal die, waard ik ûnderbrutsen mei de fraach oft ik op it Hollânsk oergean woe, omdat sy it Frysk net (goed) ferstie. Ik woe it earst hast net leauwe, dat in wurknimmer fan Wetterskip Fryslân yn in balyfunksje gjin Frysk ferstie en my freonlik ‘twong’ om op it Hollânsk oer te stappen. It wetterskip, dat woartele is yn dizze provinsje en syn wurk docht op kosten fan en foar de feiligens fan de Fryske mienskip!

Nei’t ik ynearsten wegere om my samar te ferbrekken, begûn ik har út te lizzen wêrom’t ik fan betinken wie dat sa’n fraach der eins by troch wie en dat sy it Frysk op syn minsten passyf behearskje moatte soe. It frommeske frege doe oft it net better wie dat sy immen oars fan de ôfdieling dy’t it Frysk wol yn ’e macht hie, freegje soe om my te wurd te stean.

Analyze
Op it earste gesicht liket soks in moaie oplossing, mar dat is it net fansels. As dy wurknimster net daliks beslút om in kursus Frysk te folgjen - en dy garânsje joech se my net -, dan sil yn in folgjend tillefoanpetear mei in Frysktalige in selde situaasje ûntstean fan ‘it Frysk net ferstean kinne’. Har earste fraach oan my wie net, oft se immen oars freegje soe, mar se frege my om fan taal te switsjen. Pas letter, nei’t ik beswier makke hie tsjin har útstel om op it Hollânsk oer te gean, woe se in kollega freegje om it petear mei my fuort te setten.

Nei’t ik by it wetterskip op grûn fan de klachteregeling beswier makke hie, kamen de pipen  út de sek: it wetterskip hie it beänderjen fan tillefoanyske reaksjes útbestege oan in belsintrum yn Alphen aan de Rijn! Net yn Fryslân dus, hoewol’t it adres fan de tsjinst yn it brief in plak binnen ús provinsjegrinzen oanjoech. Ik miende mei ien fan it wetterskip yn Stiens te skiljen, mar ik krige immen yn Súd-Hollân oan de tillefoan.

No wie it Frysk net hielendal fergetten, sa as it wetterskip my letter yn de reaksje op myn klacht meidielde. De ôfspraak wie makke dat der op syn minst ien meiwurker oanwêzich wêze moast dy’t it Frysk (passyf) behearske. Noch ôfsjoen fan it feit oft yn ús taalgebiet net sokke belsintra binne, witte wy dat Frysktaligen har mar al te maklik ferbrekke, benammen yn situaasjes fan ôfhinklikens sa as dizze. De twatalige lost it ‘probleem’ op en de ientalige (yn ús gefal immen dy’t it Frysk net behearsket) sjocht dan gjin needsaak om it Frysk te learen. Boppedat jilde de ôfspraken oer it brûken fan it Frysk allinnich binnen ús provinsje en net yn Súd-Hollân.

Dit taalkonflikt makket wer dúdlik dat yn in tiid fan fierdere skaalfergrutting eins alle ynwenners fan Nederlân de twadde rykstaal (it Frysk) op syn minst passyf yn ’e macht hawwe moatte soene om foar te kommen dat dy taal net brûkt wurde kin. Op syn minst moatte alle meiwurkers fan it belsintrum yn Alphen aan de Rijn it Frysk passyf behearskje. (Oarsom wurdt der fan Frysktaligen nochal wat mear frege: it Hollânsk net allinnich passyf, mar ek aktyf behearskje, sawol mûnling as skriftlik.)

Troch in belsintrum yn Alpen aan de Rijn yn te skeakeljen - en ek noch sûnder dat de belder soks yn ’e rekken hat - is in lang besteande Fryske organisaasje as it wetterskip in Frysk-ûnderdrukkende ynstelling wurden. Mooglik net as beliedsdoel, mar wol as in feit. De reaksje fan de meiwurker fan it belsintrum yn Alphen aan de Rijn om in kollega te freegjen it petear oer te nimmen, kaam te let. It wetterskip joech dat yn syn skriflike reaksje op myn klacht ek ta.

Hoe soe it oars moatte?
Yn de Tredde bestjoersôfspraak Friese taal en kultuer 2001-2010 wurdt oanjûn dat de Algemene wet bestuursrecht (1995) it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear regelet. De provinsje Fryslân hat yn de maitiid fan 1996 in modeloardering opsteld foar gemeenten en wetterskippen. Yn de ambysjeformulearring oant 2004 fan de neamde bestjoersôfspraak is opnommen dat ryk en provinsje harren ynspanne sille, dat personielsleden mei in balyfunksje, wurksum by in (semy)oerheidsynstelling yn de provinsje Fryslân lykas in wetterskip, kursussen Frysk oanbean krije om de aktive kennis fan de Fryske taal te fergrutsjen.

Posityf dus, mar is dat ek op de meiwurkers yn Alphen aan de Rijn fan tapassing? Neffens it wetterskip net: as der mar ien oanwêzich is dy’t it Frysk ferstean kin, dan is it al goed. In lapmiddel, want it is net praktysk om hieltiten in tillefoanyske reaksje nei dy kollega trochspylje te moatten. Yn myn gefal waard dat earst ek net dien. Pas doe’t ik op prinsipiële en ek praktyske grûnen beswier makke, waard it útstel dien om in oaren-ien it petear fuortsette te litten.

Konklúzje
De konklúzje kin net oars wêze as dat dizze wurknimster - salang’t it Frysk net behearske wurdt - by it wetterskip gjin balyfunksje hawwe kin. It is ek de fraach oft it útbesteegjen fan tillefoanyske kontakten mei syn klanten oan in belsintrum yn Súd-Hollân mei mar ien wurknimmer dy’t Frysk ferstiet, net yn striid is mei wat ôfsprutsen is yn de tredde bestjoersôfspraak. Troch de klanten yn it ûnwisse te litten oer de taalfeardigens fan balymeiwurkers, fiert it wetterskip Fryslân in taalbelied dat yn ’e praktyk delkomt op in slûpend proses fan tsjingean of opkearen fan it brûken fan it Frysk.

Yn de evaluaasje fan de tredde bestjoersôfspraak soe dit gefal oan de oarder komme moatte, omdat soks struktureel net ynoarder is en yn striid mei wat der earder ôfpraat is.
Maart 2007, Sjerp & Jittik (5)

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

‘Min Frysk’ yn de Leeuwarder Courant
Yn de Ljouwerter Krante is folle mear ‘Min/gjin Frysk’ te lêzen as ‘Min Hollânsk’. It kin wêze dat de kranteman it Fryske taalûnrant letterlik oernimt fan de lju dy’t oanhelle wurde, mar ik haw ek gauris it idee dat de krantelju sels net goed witte hoe’t it moat. Yn De Stipe, in taaleigenboekje dat al sûnt 1982, dus mear as in fearnsieu, diel útmakket fan Leargong A fan de Afûk, wurdt bygelyks leard dat men rikke en rikje of merk en merke net trochinoar helje moat. De wurdsjes lykje tige opinoar, mar de betsjutting is tige ferskillend.

As men it ûnderskied net meitsje kin, jout dat rare ‘fersprekkings’ en ‘ferskriuwings’. Sjoernalisten soene dochs op syn minst it nivo en de kennis fan Fryslân A hawwe moatte, al soe it taalnivo fan de Afûk-Akte harren better passe. Goede taalnoarmbewuste korrektors is ek tige ferlet fan, mar de krante sil harren wol te djoer fine. Taalkwaliteit kostet ommers sinten.

Spitich, in redaksje soe bygelyks in Jetske Bilker tsjin harsels yn beskerming nimme kinne. Har literêre kritiken sitte stiiffol mei taaltúch. Ien dy’t sok min Frysk skriuwt, sil ek wol net in bêst literêr oardiel hawwe (halo-effekt). De teannen steane my ornaris sa krom, dat ik oan de ynhâld fan har stikjes net mear takom. Of se hat it Frysk net yn ’e macht of se wol dat net skine litte. “It [...] bliuwt my yn ’e besnijing hâlden [...]”, skriuwt se yn de LC fan 30-03-2007. Ien fan de tsientallen foarbylden dêr’t men oan sjen kin, dat it earste it gefal wêze moat.

Fryslân hie en hat hiel wat kundige kritisy (fan Wadman oant en mei Wind) dy’t ek noch geef Frysk skriuwe koene en kinne. Dan is it in ôfknapper en in tramtaasje om opskipe te wurden mei Jetske har stikjes. Har taalgebrûk docht jin sear oan ’e eagen en in oanslach op jins taalgefoel. Fan al har flaters binne hiel wat  ynterferinsjeleskes gear te stallen. Dat kin doch net de bedoeling wêze? Of hawwe se dat by de Ljouwerter net (mear) yn ’e rekken?

Ek by stikjes fan oaren as frou Bilker rint de grize jin somtiden sa oar de grouwe(l) dat it wol in ynstjoerd stikje wurdich is. Ek al is de toan koartswilich, der falt winliken neat te laitsjen. Eins stjoer ik sokke stikjes út argewaasje en mei in skriemend herte digitaal nei de Ljouwerter. Twa eksimpels.

Rikke hân
“Ik haw foar, tidens en nei de ferkiezings neat oars dien as de PvdA de hân rikke”, zegt CDA’er Galema , “mar dat wurdt noch net bot beäntwurde.” (LC, 12-03-2007).

Blinder, de deale, net bêst! Gjin wûnder mei sa’n hân. Wêrom dan net daliks in rikkewoarst fan dat berikke PvdA-lichemsdielmakke. Dan hat men ek gjin lêst fan de bonkjes. En men berikt jins doel ommers folle earder as de oare partij in nuveraardige hendikep hat. (Leeuwarder Courant, 20-03-2007, s. 7)

It HBÛ en it ferlet fan de merke
Henk Pijlman fan de Hanzehogeschool sjocht, oars as syn kollega’s, net safolle yn twajierrige hbû-opliedings (‘associate degrees’). “Hat de merke dêr wol ferlet fan? Dat is my noch net dúdlik”, sa freget er him ôf (LC, 17-03-2007). Ik bin net minder as Pijlman benijd nei it andert.

Moat it pleatst wurde ‘in die afschuwelijke allesbeheersende leukcultuur’ (Kees Fens, Op weg naar het schavot, 2007, s. 8), dy’t al jierrenlang it ûnderwiis teheisteret? Oerdriuwe syn kollega’s de merk net as se harren heil ek al op ’e merke sykje wolle?

Alhiel nij docht my dat eachweid lykwols net. Yn in delrinnende ûnderwiismerk sil wol neat te mâl wêze om sa’n twajierrige oplieding yn folksfermaaklikheden oan ’e merk te bringen. It wol my wol oan dat it gâns jongfolk lûkt. En skoallen moatte hjoed de dei ommers hiel wat ûndernimme om de heechste merk teheljen.

Mar hat de merke der wier-wier ferlet fan? Dy fraach wynt my noch altiten raar yn ’e holle om. Hawar, de merken komme aanst wer oan mei it moaie waar. Ik sil der hinne. As it sa min liket as Pijlman syn maten tinke, dan kinne wy ús altiten noch ferhingje litte. Dan wankt wierliken it skavot ... (Leeuwarder Courant, 31-03-2007, s. 9)

As provinsjes tegearre it debat oangean?
It iennichste dat de provinsjes bûten de Rânestêd noch dwaan kinne, is om druk út te oefenjen op kultuerminister Plasterk om it kultuerjild better te ferdielen oer alle provinsjes. Benammen Amterdam, de haadstêd fan de Rânestêd, kriget fierste folle: “Omliggende provincies komen er bekaaid af”, seit ferslachjouster Kirsten van Santen yn de LC (18-04-2007). En dan leit se ús eigen deputearre Mulder, as er it oer dy skandlike ferdieling hat, yn de mûle: “Wy moatte tegearre it debat oangean, midden yn de Haachske arena.” Hat er dat letterlik sa sein? Dan doart er wol ...

Mar, binne der bûten de Rânestêd hjoed de dei wier noch mar twa provinsjes oer? Ut myn skoaljierren heucht my dat der folle mear wiene. Of is Nederlân de lêste jierren nochal krompen bûten Hollân en Utert?

As dat lêste net it gefal is, soene dy provinsjes dan net better mei-inoar de striid fiere kinne yn dat fiere De Haach? En moat Mulder of moat Kirsten dan in Frysk wurdboek meinimme om de tel net kwyt te reitsjen? Skrandere lju hawwe my ferdútst dat der sa’n wurdboek bestiet. En ek dat provinsjes mei-inoar gauris sterker steane as tegearre.  Oan ‘de gearstelling en beminsking fan de fondsen’ kin dan tagelyk wat dien wurde. Grif kin datselde wurdboek dêr ek noch by helpe ... (sa wie it ynstjoerd by de Ljouwerter Krante, mar sa is it der net ynkommen op 25-04-2007)

Behalven dat de skeanprinte, fette wurden diskear troch de redaksje fan de LC net oernommen wiene yn it ynstjoerd stikje en der oare koppen boppe set wiene: Kultuerjild en Mei-inoar sterker, wie oan de ein ek de sin: “Oan ’e gearstelling en beminsking fan de fondsen’ kin dan tagelyks wat dien wurde”, weilitten. Ik moat hast wol konkludearje dat de redaksje tocht dat it my echt om it ferdielen fan ‘kultuerjild’ gong en net yn de rekken hie dat it oer ‘min/gjin Frysk’ yn de Ljouwerter Krante hannele. Foarm en ynhâld wurde maklik ferwiksele. It moat fier weikomme ...
Maart 2007, Sjerp & Jittik (4)

Nei in Oanfalsplan Frysk’

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Wy kinne ús de teloarstelling fan de jongerein oer de bydrage fan de provinsjale politisy oan de ferkiezingsjûn fan de Ried fan de Fryske Beweging (16-02-2007) goed begripe.1 Elisabeth Hietkamp hie gelyk doe’t se tsjin  ferslachjouster Marscha van de Vlies opmurk, dat der in soad praat by wie dat der tsien jier ferlyn ek al wie (LC, 17-02-2007). Aldfrinzich geëamel dus.

Wy hawwe ús dêr, lykas sy, oer besaud. In protte fan wat guon fan ús politisy te sizzen hiene, wie en is syn hâldberheidsdatum al lang foarby. Sa as it romantyske idee dat jo de lju op frijwillige basis liede moatte nei it ‘moaie fan it Frysk’ en dat it dan wol klear komt.

Dierbere, naive dweperij, liket ús ta. Mar hie ús jongerein dochs net better fiks op de tromme slaan kinnen om guon fan dy heal sliepende, slûge en sleauwe politisy ris echt wekker te roffeljen? Der moat ommers hiel wat mear barre as it fieren fan in taalpolityk dy’t rjochte is op in nocht-en-wille-promoasje. Dat helpt amper.

Om de fraach te beänderjen hoe’t it dan wol moat, moatte wy wol earst de woartel yn it lid reitsje. De oarsaak fan it minne plak fan it Frysk yn maatskiplike domeinen as ûnderwiis, de oerheid, it rjocht, de soarch, de media, de ekonomy ensfh. leit him ommers yn it foarste plak oan it te min oan taalmacht as gefolch fan in ieuwenlange diskriminaasje fan it Frysk. De hjoeddeistige taalmachtsferhâldings binne troch de polityk-maatskiplike omstannichheden foarme. De hearskjende maatskiplike boppelaach is, ek yn Fryslân, almeast Hollânsktalich en stelt syn eigen Hollânske ‘taalregels’. De taal fan de hearskers is de hearskjende taal. Dy lju út dy laach hawwe net de ferplichting om it Frysk aktyf yn ’e macht te hawwen. Guon fan harren nimme hjoed de dei sels net iens mear de muoite om yn Fryslân te wenjen en reizgje jûns wer nei har ‘moaie’ Rânestêd.

In protte Friezen lykje sokke ferhâldings nei twahûndert jier taalûnderdrukking suver ‘fanselssprekkend’ te finen. Ja, se identifisearje har dêr sels mei. It is in net ûnbekend ferskynsel dat diskriminaasje liede kin ta selsdiskriminaasje en sadwaande ta it beskiten fan it eigen nêst. As de ynkorporaasje fan ûnlykweardige taalferhâldings mar lang genôch duorret, dan wit men nei ferrin fan tiid net better en kin dêr hiel maklik identifikaasje mei ûntstean. It liket dan as wie it troch in rjochtfeardige, hege, suver godlike macht sa beskikt en dus ‘goed’ en ‘normaal’.

De ChristenUnie yn Dantumadiel liet koartlyn wer in ‘moai’ staaltsje fan sok tinken sjen. It hoegde yn dy gemeente neffens dy partij net oars mei it belied foar it Frysk. ‘Offisjeel’ Frysk, ek as it om strjit- en plaknammebuorden giet, kostet ommers sinten en dat hat dy partij der net foar oer. Sels in partij mei lju dy’t de mûle fol hawwe fan hege noarmen en wearden, lit materialistyske en anty-emansipatoaryske wearden prevalearje as it om it Frysk giet. En dan is it fansels prachtich om sokke brike ferhâldings ek nochris troch in referindum befêstigje te litten. Sokken tinke sels dat it begryp ‘demokrasy’ dan fan tapassing is.

Kromwoeksen ferhâldings noarmearje dus it yndividuele hâlden en dragen fan gâns Friezen. En dêr hearre ek in protte politisy ta. It skynt net ta te fallen en sjoch it ûnrjocht dat yn de besteande machtsferhâldings besletten leit. It skynt al hielendal slim te wêzen ta om sterk yn jins skuon te stean en de moed te hawwen om sokke ferhâldings oan te taasten. En om in ein te meitsjen oan de stille en iepentlike, de heale en hiele yndoktrinaasje dy’t der sa lang al west hat.

Slûpende wei is troch de hearskjende boppelaach in byld kreëarre dat ús eigen taal, kultuer en skiednis net folle foarstelt en ek nea wat foarstelle sil. Sels in wêzentlik oanpart yn in steatsnasjonale kanon is hjoed de dei noch net foar ús weilein. Alle romte dy’t yn twa ieuwen beskrept is foar ús eigen taal en kultuer, moast almeast foar de Haachske en Ljouwerter helsdoarren weisleept wurde. Swier befochten yn de mear as oardel ieu dat der in organisearre Fryske beweging bestiet. En noch altiten behannelet de Haachske oerheid it Frysk as in ‘stjonkende murd’ om in Frysk provinsjaal CDA-politikus oan te heljen.

Dochs sil der ienris rjocht dien wurde moatte. Net heal en tuike-tuike, mar folsein en mei foarsje. En wa moatte en kinne dat oars dwaan as ús politisy? Dy moatte ommers echt effektive regels en wetten oannimme en soargje foar in werklike effektive útfiering. En dan kin it net oars of se sille derfoar stride moatte dat it Frysk yn ús eigen provinsje de earste taal (mei tastean fan oare talen) wurdt yn alderhanne domeinen. Mei rjochten dy’t ek ôf te twingen plichten meibringe. In rjocht is ommers earst werklik in rjocht as it in plicht is foar jinsels en foar oaren. Plichten om ús taal te learen en dy ek te brûken. En net heal en ferbastere, mar goed en geef.

Dat kin net oars betsjutte of it Frysk praten en skriuwen moat rûnom in funksje- en beneamingseask wurde. Dat is neffens ús de iennichst goede ynfolling fan fûnemintele begripen as ‘lykberjochtiging’ en ‘lykweardigens’. Dat is hielendal net nuver of bespotlik, sa’t party lju noch altiten tinke. De Friezen hawwe ek net frijwillich it Hollânsk leard. It is ús net frege doe’t wy nei skoalle moasten en letter yn ús eigen provinsje ús wurk sochten. De fraach nei de bespotlikens fan it ferplichte Hollânsk waard net iens steld.

It is noch slimmer. Sûnt de Napoleontyske tiid is der besocht om de Friezen har eigen taal ôf te learen. Sa joegen skoalopsichters ús skoalmasters de ‘goedrie’ om it Frysk op skoalle net langer ta te stean. De steatsnasjonale oerheid fan it Keninkryk Holland en syn opfolgers - dat as ienheidssteat grif by fersin de namme ‘Nederland’ krige hat om de Hollânske en Hollânsktalige oermacht te bemanteljen - hat it Hollânsk as iennichste taal foarskreaun en oplein, al mear as twa ieuwen lang. Yn alle formele en offisjele domeinen en sektoaren: by it leger en de marine, by it ûnderwiis, it rjocht en de amtnerij. En it by de graasje taskikte fakultative twatalich ûnderwiis yn de jierren ’50 wie der net foar it Frysk, mar as opstap om better Hollânsk te learen.

Twa ieuwen fan taalûnderdrukking, diskriminaasje en yndoktrinaasje hawwe wy efter de rêch. De trochgeande driging dêrfan, dy’t it ûngewoane ‘gewoan’ en it ûnbehoarlike ‘behoarlik’ makke, is noch altiten net ta in ein kommen. It hat djippe spoaren neilitten yn it tinken en it hâlden en dragen fan de Friezen en har politisy. Dat hat it Frysk yn de nederklits holpen.

Politisy tinke sadwaande dat der fan it Frysk gjin driging útgean mei. Der moat benammen neat oplein wurde. It mei gjin machtsbasis ûntwikkelje. Sa’n basis is allinnich foarbeholden oan it Hollânsk. It moat net fierder gean as sjen te litten hoe ‘moai’ oft  it Frysk wol net is, om sa de minsken ‘mei te nimmen’ (GrienLinks). Sa’n fyzje en hâlding sil de deastek foar ús taal wêze. Faaks hoopje guon dat ek wol. Dan is it probleem ‘oplost’.

Net foar ús. Wy achtsje in machtsbasis foar it Frysk needsaaklik. Yn alle maatskiplike domeinen en sektoaren. De basis foar mear Frysk leit dus net allinnich en benammen yn it ûnderwiis, sa’t guon politisy tinke. En fansels, it ûnderwiis is wichtich. Hoe moat men oars goed Frysk leare? Mar it sukses en de effektiviteit fan dat ûnderwiis sil folle grutter wurde as it Frysk ek oeral en rûnom easke wurdt. Der bestiet gjin sterkere eksterne motivaasje en driuw. It ûnderwiis folget almeast de polityk-maatskiplike krêften en rint net út himsels foarop. Basil Bernstein syn “School cannot compensate for society” jildt likegoed foar de Fryske maatskiplike taal(machts-)ferhâldings. As it Frysk in funksje- en beneamingseask wurdt foar in hiele protte banen en beroppen yn alle domeinen en sektoaren, dan sil it ûnderwiis net oars kinne en gean dêr folslein yn mei. En sil it Frysk kwantitatyf en kwalitatyf wat begjinne foar te stellen.

Befoardering fan it Frysk freget dus om in brede(ere) ekonomyske needsaak. Fryske taalpolityk moat der sadwaande yn it foarste plak foar soargje dat it Frysk gjin frijbliuwende saak bliuwt, dat men sûnder in goede, aktive mûnlinge en skriftlike behearsking net (fêst) beneamd wurde kin yn it ûnderwiis, by de provinsje en gemeenten, it rjocht, de dekonsintrearre rykstsjinsten, de soarch en de subsidiearre kulturele ynstellings. Dat is suver it iennichste dat echt helpt. Dan sil it Frysk yn mingdtalige húshâldings wer oerdroegen wurde. 

Dat it sa moat, kinne wy sjen oan bûtenlânske foarbylden. Kataloanje, in Spaanske regio mei inkelde miljoenen Katalaansk-praters, hat de eigen taal ta earste taal fan de eigen regio makke. En it giet goed mei dy taal. En de 27.000 ynwenners fan de Finske Åland-eilannen, hawwe datselde berikt troch it Sweedsk ta de iennichste offisjele bestjoerstaal te meitsjen yn de eigen provinsje, by de rykstsjinsten en yn de lokalen distrikten. Alle ynwenners binne dêr ferplichte om goed Sweedsk te learen. De Ålanners meie sels wetten oannimme op it mêd fan it ûnderwiis, de kultuer en it materieel erfgoed. En ek op it stik fan de sûnenssoarch, it befoarderjen fan de yndustry, it eigen ferfier, it lokale bestjoer, de feiligens, de postferbinings en de media (radio en televyzje). En yn har paspoart stiet net Finlân, mar Åland.

Soene ús politisy dêr net fan leare kinne en harren ûntwrakselje oan it âlde, bewende tinken? Kinne se as Karl Friedrich Hieronymus, Baron Von Münchhausen harsels net oan it eigen hier befrije út de sompe fan de kromwoeksen taalmachtsferhâldings? En harren ‘vrijheids-blijheids-ideology’ in farwol taroppe?

It like der neffens ús net op dy jûnes. Us provinsjale politisy skine harren noch altiten net goed bewust te wêzen fan de gearhing dy’t der is tusken it (Frysk) ûnderwiis en de (Fryske) maatskippij. Oars soene se alle heil net fan it ûnderwiis ferwachtsje, al hoe wichtich ek. Har fertrouwen op promoasje fan it Frysk as in elemint fan ‘fun’ (wêr hawwe wy dat wurd faker heard?) yn de nocht-en-wille-sfear hat gjin fêste grûn. Der moat in breed ‘oanfals-’of ‘deltaplan’ komme dat echt wurket. It like ús ta dat de FNP dat noch bêste yn de rekken hie. De oare partijen binne noch net sa fier.2

Us eigen taal sil dus, krekt as yn Kataloanje en Åland, earste taal wurde moatte en de provinsje ‘meiwetjouwer’. Dat lêste hat lykwols allinnich kâns fan slagjen as ús politisy de moed hawwe om it tradisjonele tinken oer de groeide taalmachtsferhâldings los te litten en wurden as plicht en ferplichting as it om it Frysk as funksje- en beneamingseask giet, net langer besmet te ferklearjen. En dêr hearre fanselssprekkend ek sanksjes by. Dan hat it Frysk in goede takomst.

Dat freget om in oanfalsplan foar de Fryske taal dat him net allinnich rjochtet op boppeneamde mêden, mar it moat ek de ekonomy, romtlike oardering, folkshúsfesting, yndustrialisaasje en ymmigraasje oant en mei it miljeu-, plysje- en drugsbelied beslaan. Op al dy beliedsmêden sil it Frysk effektyf yntegrearre wurde moatte.

Is ús folk syn kriich ûntstoarn? Wekker wurde, de findels foar!3

Noaten
1 Sjoch ek by ‘Aktueel 2007’: Zoeken naar de beste promotie van het Fries, 17-02-2007 (A-LC).
2 In oanhaal út de Provinciale  Verkiezingskrant Fryslân fan it CDA (febrewaris 2007) as yllustraasje fan de frijbliuwende nocht-en-wille-stratezjy:
Benedictus: “Wy as CDA Fryslân wolle de Fryske taal, as belangryk stik fan ús kultuer flink stimulearje. Mar de praktyk wiist út, dat je dat better net dwaan kinne, troch it tefolle fan boppen ôf op te lizzen. Stimulearje en fasilitearje is och sa goed, mar ferplichtsjen wurket averjochts”. Kroes: “Dêr bin ik it hielendal mei iens. En lokkich kin Fryske taal en kultuer ek hiel leuk makke wurde. Nim no bygelyks it Berne-iepenloftspul hjir tichtby yn Easterwierrum. Bern fine dat prachtich en dogge graach mei oan dy audysjes. Sa stimulearje je de Fryske taal op in prachtige manier”. Benedictus: “Of sjoch nei Tryater dy’t pakkende Fryske foarstellings makket, sa as bygelyks ‘Liuwehert’, en ek skoallen besiket mei ‘It húske dat ferhuze’.” (s. 7)
3 Ferlykje Fedde Schurer syn liet: ‘War dy!’

Novimber 2006, Sjerp & Jittik (3)

07-11-2006, Fiersichten op it Frysk

Ed Knotter,
ponghâlder FFU

Op de ynspraak- en diskusjejûn yn it ramt fan de Fryske Fiersichten wiene der op tiisdei 7 novimber yn Drachten inkelde opfallende mominten wat it Frysk oanbelanget. By it begryp ‘takomst’ krije de measte minsken blykber futuristyske bylden foar eagen op it mêd fan lânskip, wentebou, toerisme, ferfier, produksjemetoaden ensafuorthinne. Mei it each op dat soarte fan technyske fernijings wurde hielwat plannen foar de takomst betocht.

De takomst fan de Fryske taal en kultuer kriget ek wol omtinken, mar spektakulêre ideeën wurde net neamd. It raketplan fan Abold Bobeldijk en Welmoed Kuiper mei de tsjerke fan Boksum as ‘verdiepingscentrum’ moat ynspirearje ta revolúsjonêre ideeën. En ja, “yn 2030 prate wy hjir ek noch altyd Frysk, hear!” ferdútst Welmoed de oanwêzigen. Mear Frysk kaam der net út ’e mûlen fan de ynlieders. Fan dy Boksumers net, fan foarsitter Ed Nijpels (fansels) net en fan Wim de Ridder allikemin. Dy sprekker joech yn syn ynlieding mei ien sin oan dat de Fryske taal en kultuer der yn de takomst ek noch wol wêze soe, mar nei dy iene útspraak stapte er fuort wer oer op de geweldige ekonomyske en technyske ûntjouwings yn de wrâld, dêr’t Fryslân yn meigean soe.

By de ynventarisaasje fan ideeën en plannen, dy’t op grutte stikken papier optekene waarden, wie der wol belangstelling foar it ûnderwerp Fryske taal en kultuer. In protte ynwenners fan Fryslân achtsje de kulturele indentiteit fan harren provinsje ek foar de takomst fan belang, mar dat skynt mear in winsk of in dream te wêzen as dat der wêzentlik wat foar út ’e wei set wurdt.

De FFU hat wichtige punten út syn doelstellings opskriuwe litten en ek op papier ynlevere. It ynfieren fan in goede taalwetjouwing, mear foech foar de provinsje as it giet om it Frysk, benammen yn it ûnderwiis, in gruttere rol foar it Frysk yn de media, de sichtberens fan de taal yn it iepenbiere libben, binne wichtige dingen dy’t (om’t se noch hieltyd net berikt binne) foar de takomst neistribbe wurde moatte.* Foar de flapoer fan Taal en Kultuer koene de besikers fan de diskusjejûn it dêr wol mei lykfine. Yn de gearfetting troch Wim de Ridder waarden de punten efkes fluch neamd, sûnder kommentaar en/of diskusje.

Inkelde plannemakkers krigen fan Ed Nijpels de mikrofoan ûnder de noas om harren idee ta te ljochtsjen of te ferdigenjen. Sa ek de Grinzer studint Egbert Douma, dy’t (lykas de measte oaren) syn ferhaal yn it Hollânsk die, alteast foar in part. Sa giet dat as jo fan de kommissaris fan ’e Keninginne ynienen in mikrofoan foar de noas krije. Soe de kommissaris him net bewust wêze fan dat effekt? Mar nei inkelde sinnen sei de jongeman: Och hea, ik kin ek wol Frysk prate fansels. Hy ferbettere him en skeakele oer op syn eigen taal. Hiel goed Egbert, lit dy net troch pommeranten op ’e doele bringe. Dat wie in opfallend momint.Wy meie wiis wêze mei jonge minsken mei in bewust taalgedrach.

De rol fan in foarsitter, sa die dus wer bliken op dy diskusjejûn, is beskiedend foar de taalkar fan de dielnimmers. It is moai dat in studint fan Bernlef dat meganisme bewust trochbrekke koe en wy hoopje dat it de oanwêzigen opfallen is, net yn it lêste plak de foarsitter sels.

* Sjoch ek by ‘Brieven 2006, útgien’: 07-11-2006 > Provinsjaal debat ‘Fryske Fiersichten 2030’: De Fryske taal en kultuer en it ûnderwiis of klik op: FFU-Fryske Fiersichten.pdf. En fierders by ‘Poadium’, 13-10-2006, Fryske fiersichten, Hollânske fiertaal.
Novimber 2006, Sjerp & Jittik (2)

05-11-2006, Taalbehearsking sikeweinpersoniel

Thys van der Veen,
bestjoerslid FFU

Op 5 novimber falt in frou fan harsels yn ’e mennistetsjerke oan ’e Legewei te Dokkum. 112 wurdt belle en yn in omsjoch is it sikeweinpersoniel te plak. It hanneljen fan ’e minsken kin alle besjen lije. Oant de frou seit:  ‘Ik bin sa wurch.’ ‘Wat zegt u mevrouw’, ik versta u niet’. Dêr sit him de oast. Yn in libbensbedriigjende sitewaasje kin de pasjint net dúdlik meitsje hoe’t sy har fielt. Al it sike-autopersoniel behearske it Frysk net (passyf), dêr komme ûngelokken fan. Soks kin net en mei net. Ek yn ’e sûnenssoarch moat it Frysk syn rjochtmjittich plak hawwe.
Novimber 2006, Sjerp & Jittik (1)

De FFU, 1987-2007, earder en hjoed

Sytze T. Hiemstra,
skriuwer FFU

Nommele stalkes! Wêrom is der eins in Feriening Frysk Underwiis? Dy moast dochs hielendal net nedich wêze? Wêrom haw ik dy mei oaren oprjochte yn 1987? Dat kin moai yn ús nije kollum ‘Sjerp & Jittik’ ferdútst wurde. As  bestjoersleden fan de FFU kinne wy dêr tenei ús persoanlike ûnderfinings mei it Frysk yn kwyt. En sizze wat ús dêrfan tinkt! De iene kear sille wy de sjerpkwaste yn de sjerpkanne dippe as it rint sa’t it moat. De oare kear sille wy út it jittikfet skeppe, as it ús net nei’t sin giet. Fansels, der is hjoed de dei, nei jierren fan stilstân en efterútgong, in lyts bytsje beweging oan it Fryske ûnderwiisfront. Dat is wier. En dan komt de sjerppôt, hiel yn de fierte, yn sicht. Mar in organisaasje dy’t de ûntwikkelings kritysk folget en minsken en ynstânsje as it nedich is ek hjitfolget, dy is noch lang net oer en tefolle.

Wêrom haw ik mei oaren ús feriening oprjochte? It antwurd leit yn de tachtiger jierren. It Frysk wie doe wetlik al ferplichte. Earst op de legere, letter op de basisskoallen yn Fryslân. Mar bakten se der ek wat fan op dy skoallen? No nee, op in stikmannich útsûnderings nei fansels. En as heit fan trije bern hie ik ek sa myn persoanlike ûnderfinings mei de basisskoalle fan ús bern, ‘De Singels’ yn Drachten.

Thús hiene ús bern fan heit en mem al aardich wat Frysk leard. Sels it skriuwen fan sinteklaasgedichtsjes yn it Frysk wie wizânsje  wurden. Mar tink mar net dat dêr op skoalle wat mei dien waard. It wie begrutlik, mar de stakkerts fan ûnderwizers fan ús skoalle misten ein tachtiger jierren it yntellekt of de wil om it begryp ‘ononderbroken ontwikkelingsproces’ sa’t dat yn de Wet op it Basisûnderwiis stie, ek op de thústaal  fan ús bern ta te passen. Mear as ien kear brocht ik soks op it rabat. En mar drave, fan de bok op de ezel. En fan de ezel op de bok. Petearen mei de direkteur, Wiebe Wynalda, mei guon klasselearkrêften, mei de âlderried en mei ynspekteur Jaap Kuindersma. Alles yn ’e hope dat learkrêften ek echt learber wêze soene. Op it stik fan it Frysk dan fansels.

Ik liet harren de ‘Taaltwirre’ sjen. In systematyske taalmetoade foar stavering en idioom. Soene se dat asjebleaft foar ús bern ek brûke wolle yn de healoere (!) Fryske les dy’t alle wiken ‘echt’ jûn wurde moast. En sadwaande op it roaster stie. Frysk praten en lêzen hie ’k ús bern sels ommers al leard.

Ik moast der wat muoite foar dwaan, mar ja, earlik is earlik, fan ynspeksjekant krige ik stipe foar de ‘Taaltwirre’. Mar, sa tocht de skoalle, it moast wol in ‘eksperimint’ bliuwe. Earst mar ris sjen oft dat wol koe. Oan de ein fan it learjier soe it dan ‘hifke’ wurde. En oft ik yn de tuskentiid mar net wer lestich wêze woe. Dat soe de boel mar yn ‘ûnstjoer’ bringe. De  learkrêften moasten earst mar ris oan ‘it wurk’.

Dat ‘net wer lestich falle’ hat my wol wat muoite koste. Fuort nei ús lêste petear (03-02-1987) koe ik mar net de yndruk krije dat der wat ferbettere. En dan moatte jo fansels in ‘dossier’ oanlizze. Oars stiet men letter mei lege hannen. In skoftke, fan de peaskefakânsje oant de simmerfakânsje yn 1987, haw ik ús beide famkes frege wat der fan de Fryske lessen terjochte kaam yn groep 4/5 en yn groep 6/7. En dat trou notulearre. Fan dy oantekens koe ik net fleurich wurde. It kaam stiiffol te stean mei it wurdsje ‘ferfallen’. No ja, ien útsûndering. Op in kear is der troch ien fan ús famkes wurke mei in staveringskaart.

Om koart te kriemen: yn de iene klasse waard der yn in folslein fearnsjier amper twa oeren ‘wat’ oan it Frysk dien en yn de oare klasse amper ien oere! Yn de ‘ferfallen tiid’ hiene de learlingen en harren masters fansels in protte oare wichtige ‘learaktiviteiten’ by ’en ein. Of hiene de bern frij omdat it personiel nei gearkomsten moast. Fansels altiten gearkomsten om it ûnderwiis better te meitsjen. Ferlerne tiid?

In lytse opsomming fan al dy oare nuttige saken dy’t yn de healoere foar Frysk op it aljemint kamen:  ‘prachtige’ Hollânsktalige projekten, ‘bûnte’ Hollânsktalige middeis, oefenjen foar in Hollânsktalige musical, nifeljen, borduerwurk, plak- en knipaktiviteiten, ferkear, in skoalreiske, rekkenjen, master syn jierdei moast fierd wurde, de kaarten foar it dokumintaasjesintrum moasten útsocht wurde, der wie in sportdei. No sa!

Ik haw ûnder it evaluaasjepetear (06-10-1987) de skoalle dêr fansels mei konfrontearre. En de ynspeksje op de hichte brocht. Wie in skoalle der ommers net foar om goed ûnderwiis te jaan en de ynspeksje net om dat te kontrolearjen? En hearde it Frysk dêr ek net by? Foar de wissichheid hie ik myn fragen en problemen op skrift steld oan de hân fan in resint ynspeksjerapport 1. Yn ’e hope dat  soks yndruk makke. Ik haw in fraach steld oer it brûken fan it Frysk troch de masters yn de klasse, leafst ‘geef  Frysk’. En in fraach oer de taalkwaliteit fan it ‘kollektyf’ optochte dielskoalwurkplan Frysk. Want dêr wie oan ôf te lêzen dat de masters en juffers sèls better op Fryske les gean koene. Dat liek my better ta as dat reizgjen nei gearkomsten oer de ferbetterings fan it ûnderwiis ûnder de Fryske les. In  resinte learplanpublikaasje kaam op it aljemint 2, de trochgeande line foar Frysk, it lytse, suver te ferwaarleazgjen tal Frysktalige boeken yn de skoalbibleteek en de oerfloed oan Hollânsktalich lêsmateriaal. En de winsklikens om foar ús bern te differinsjearjen yn lêzen en skriuwen,

Ik liet trochskine dat ik nei myn evaluaasje no wol tige benijd wie nei wat se aanst dwaan soene yn de tiid oant de krystfakânsje. En ek dêrnei, fierderop yn de tiid, oan de simmerfakânsje ta. Soe it net nuttich wêze om wat konkrete doelen op te skriuwen dy’t yn dy perioade berikt wurde moasten? En hokfoar materialen oft derby brûkt wurde soene? En hoe’t der toetst wurde soe om te sjen oft dy doelen ek werklik berikt wiene? Soe it net goed wêze om nei te gean wannear’t der klassikaal wurke wurde koe en wannear’t der differinsjearre wurde moast? En wie it ek mooglik dat it âlde skoalwurkplan Frysk, dat al jierrenlang op in planke yn de kast lei, oanpast waard oan de easken fan de wet op it basisûnderwiis? Of wiene dat rare, ûnfatsoenlike ûnderwiiskundige fragen. En koe ik asjebleaft ek in antwurd krije? Soe dat mooglik wêze?

No nee! Dat wie net it gefal. Myn fan-ûnderen-op-aksje hat neat opsmiten. De antwurden binne net kommen, it ûnderwiis yn it Frysk is net ferbettere en de skriftlike taalbehearsking fan de learkrêften is net tanommen. En de ynspeksje? ‘Die stond erbij en keek ernaar’, of faaks wol de oare kant op en koe blykber net oars. Sa lei it lân derhinne. Yn 1987. By de skoalle en de ynspeksje wie ik oan it ferkearde adres. Tiid dus foar mear en effektivere fan-boppen-ôf-maatregels.

Wie der in bettere reden foar my om ús feriening mei op te rjochtsjen? En om yn dit earste, wat soere stikje út it jittikfet te skeppen? It muoit my tige, it koe net oars. Mei jo help moat der aanst mear sjerpslikke en sjerpstrutsen wurde. Lid wurde is dus wol it minste dat jo dwaan kinne ...3

1 ‘Het onderwijs in het Fries nader bekeken; een kwantitatief Inspectie-onderzoek naar het onderwijs in het Fries op de kleuter- en lagere scholen in Friesland, gehouden in april 1985’
2
‘Naar een schoolwerkplan Fries’, fan Theun Meestringa (SLO, 1985)
3 e-post: ffupost@hotmail.com