Poadium 2019-2017

Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.

Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.


2019-2018

pompeblêd Sichtberens Frysk is ek in saak fan it ryk, 24-06-2019 (P-LC)

Leeuwarder Courant, 24-06-2019, s. 15 (‘Podium’) – Artikel fan Pier Bergsma (foars. Ried fan de Fryske Beweging), Aant Mulder (bestjoerslid RfdFB) en Piter Dykstra (BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’) oer de tekoartsjittende bestjoersoerienkomsten fan Ryk en Provinsje, de minne sichtberens fan it Frysk yn ús provinsje en it analfabetisme yn de eigen taal, omdat de skoallen amper wat oan it Frysk dogge. Op 26 juny 2019 biedt de aksjegroep ‘Sis Tsiis’, de Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Frysk Underwiis (FFU) yn De Haach de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (wer) in petysje oan oer it systematysk efterstellen fan ús taal (û.o. troch it oanbieden fan in plysje-unifoarm mei PLYSJE derop). De Ried fan de Fryske Beweging hie op 18 desimber 2018 ek al in petysje oanbean. Lês fierder >>


pompeblêd Ynspiraasje troch Warns te betinken, 13-10-2018 (P-LC)

Leeuwarder Courant, 13-10-2018, s. 14 (‘Podium’)  – Reaksje fan Piter Dykstra (ek aktyf yn de BoargerAksjegroep Sis Tsiis en behelle by de FFU) op in anty-Fryske ‘Te Gast’ fan âld-LC-haadredakteur Rimmer Mulder oangeande Mulder syn krityk op de ‘Warnsbetinking’. Dykstra ornearret dat de betinking fan belang is foar it Frysk, dat noch altiten slim ferwaarleazge wurdt, likegoed yn it ûnderwiis. Dykstra ferwiist yn dat ramt nei twa publikaasjes dêr’t de FFU mei ferantwurdlik foar is, ntl. Tom Dykstra (FFU-foars.) syn Makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne (2018)en it Oanfalsplan Frysk  (2008). Beide publikaasjes binne oan te klikken op ús webstek by ‘Aktiviteiten & Brieven’ (yn resp. 2018 en 2008). Lês fierder >>


pompeblêd Stribje nei Fryske ynspeksje op skoalle, 25-09-2018 (P-LC)

Leeuwarder Courant, 25-09-2018, s. 18 – Pleit fan Piter Dykstra (ek aktyf yn de BoargerAksjegroep Sis Tsiis en behelle by it wurk fan de FFU) foar in eigen Frysk ûnderwiisministearje, lykas yn de Dútske dielsteaten en de Switserske kantons. Allinnich dan kin it Frysk yn en by alle oare fakken en leargebieten (yn it hiele ûnderwiis!) yn de takomst in lykweardich en lykberjochtige plak krije. De ‘Hollânske ynspeksje’, mei syn arrogante ynspekteur-generaal Monique Vogelzang, hat al lang it fertrouwen ferspile wat de kontrôle op it Frysk oanbelanget en hat in te ‘Haachsk’ tinkramt. Lês fierder >>


pompeblêd ‘Tsjin ’e  stream’, mar de FFU en de BoargerAksjegroep Sis Tsiis jouwe gjin belies, 21-09-2018 (P-LC)

Leeuwarder Courant, 21-09-2018, s. 8 (‘Freed’) – Kollum fan Pieter de Groot (DWERS) ûnder de kop ‘Tsjin ’e stream; foar de wet gelyk, mar net yn ’e praktyk’, dêr’t er ek omtinken yn jout oan de striid foar it ûnderwiis yn it Frysk en it krewearjen op dat mêd fan de Feriening Frysk Ûnderwiis (FFU) en de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST), dêr’t de FFU ek aktyf yn is. De Groot skriuwt dêroer:
‘Yn 2030 sil it draachflak sa provinsjebreed wêze moatte, dat gjin skoalle mear ûntheffing kriget, is de foarsizzing. Mar wat hyt ‘draachflak’? Salang’t de skoallen – en de âlden – dat draachflak bepale meie, komt der neat fan op ’e hispel. Lês de brosjuere ‘De makabere dûns om de kearndoelen hinne’ fan Thom Dykstra, foarsitter fan de Feriening foar Frysk Underwiis (FFU). Dy dûns is al sawat tritich jier geande en de posysje fan it Frysk op skoalle is allinne mar swakker wurden, stelt er mismoedich fêst. Mar hoe pessimistysk Dykstra en syn FFU-striders ek binne, se hearre ta de klup fan oanhâlders.

Ek de manlju en froulju fan BAST, de Boarger Aksjegroep Sis Tsiis, jouwe gjin belies en hawwe har aksje – it Frysk is in bernerjocht – nij libben ynblaasd. Hast twa jier nei de fakkeloptocht op kryst-keapjûn troch Ljouwert stinne se op in noch gruttere demonstraasje.’ Lês fierder >>


2017

pompeblêd De wetlike posysje fan it Frysk wurdt yn it ûnderwiis hieltyd mear útholle, 09-09-2017 (P-FD)

Friesch Dagblad, 09-09-2017, s. 26 – Geart Tigchelaar, bestjoerslid fan de FFU en lid fan de aksjegroep Sis Tsiis, skriuwt ûnder de kop ‘De wetlike posysje fan it Frysk wurdt yn it ûnderwiis hieltiten mear útholle’ oer it feit dat it de skoallen makliker makke wurdt om in dielûntheffing oan te freegjen foar it Frysk. Dat is de deastek foar it Frysk as der neat feroaret. Lês fierder >>

pompeblêd Gjin oprop, mar needgjalp, 27-04-2017 (P-LC)

Leeuwarder Courant, 27-04-2017, s. 20 – Út namme fan de FFU as Te Gast skreaun artikel fan Geart Tigchelaar (bestjoerslid FFU) ûnder de kop ‘Gjin oprop, mar needgjalp’ oer de beskamsume situaasje dat der noch frijwillige lesjouwers socht wurde moatte foar it Frysk yn de ûnderbou. Lês fierder >>