Poadium 2015

Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.

Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.


Desimber 2015

pompeblêd Us taal, ús Omrop: mear as ea, 18-12-2015 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 8 (‘Freed’) – DWERS-kollum fan Pieter de Groot (18-12-2015) oer de FFU-eare-oarkonde dy’t troch T. Dykstra (FFU-foarsitter) en S.T. Hiemstra (FFU-skriuwer) útrikt binne oan Bertus Jans Postma en Cor Jousma fanwegen de grutte kultuer-pedagogyske betsjutting fan harren krewearjen foar it offisjeel ferfryskjen fan Hollânsktalige toponimen yn Fryslân.. Lês fierder >>
Oktober 2015

pompeblêd Us taal, ús Omrop: mear as ea, 29-10-2015 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s.  20 – Ynstjoerd stikje fan FFU-bestjoerslid Jehannes Elzinga oer it grutte belang fan Omrop Fryslân foar it learen fan Frysk troch Hollânsktaligen yn kombinaasje mei in Afûk-kursus Frysk. Lês fierder >>

Janewaris 2015

pompeblêd Tusken wet en praktyk, 16-01-2015 (P-LC)

Leeuwarder Courant, p. 8 (‘Freed’) – Pieter de Groot is yn syn kollum ‘Dwers’ (16-01-2015) fan betinken dat it Frysk yn it amtlike en offisjele ferkear fierwei in deade letter bleaun is. Mear as geveltsjefrysk wol it amper wurde. Hy stelt de fraach wat de taal de Friezen wurdich is en pleitet foar in referindum. By in plan-út ‘ja’ soe de provinsje royaalder as ea ta de ponge moatte. Lês fierder >>