Gearkomsten

14-06-2023, Brief oan de FFU-leden d.d. 14 juny 2023, finansjele bydrage oer 2023

Brief oan de FFU-leden d.d. 14 juny 2023 mei in fersyk fan de skathâlder om de ledebydrage oer 2023 (of earder) te beteljen. Der is in nije FFU-rekken by de RABO-bank iepene op namme fan E. Knotter: NL84 RABO 0313 8450 50. Yn it FFU-Jierferslach 2022.pdf is te lêzen dat der noch hiel wat út ’e wei set is, nettsjinsteande bestjoersferoarings.

Klik op: FFU-brief oan de leden, 14 juny 2023.pdf 


03-04-2022, Brief oan de FFU-leden d.d. 3 april 2022, finansjele bydrage oer 2022

Brief oan de FFU-leden d.d. 3 april 2022 mei in ynlieding fan de FFU-foarsitter en in fersyk om de ledebydrage oer 2022 (of earder) te beteljen. Der is gjin jiergearkomste, net allinnich fanwegen de koroanatiid, mar ek omdat dy net of amper besocht wurdt en it lytser wurdend bestjoer û.o. yn it ramt fan ‘Sis Tsiis’ en op oare wize tige drok besteld is mei aksjes nei bûten ta. Sjoch dêrfoar ek it jierferslach oer 2021 en op ús webstek. 

Klik op: FFU-brief oan de leden, 3 april 2022.pdf 


11-02-2021, Brief oan de FFU-leden d.d. 11 febr. 2021, finansjele bydrage oer 2021

Brief oan de FFU-leden d.d. 11 febr. 2021 mei in ynlieding fan de FFU-foarsitter en in fersyk om de ledebydrage oer 2021 (of earder) te beteljen. Der is gjin jiergearkomste, net allinnich fanwegen de koroanatiid, mar ek omdat dy net of amper besocht wurdt en it bestjoer û.o. yn it ramt fan ‘Sis Tsiis’ en op oare wize  tige drok besteld is mei aksjes nei bûten ta. Sjoch dêrfoar ek op ús webstek.

Klik op: FFU-brief oan de leden, 11 febr. 2021.pdf


05-02-2020, Brief oan de FFU-leden d.d. 5 febr. 2020, finansjele bydrage oer 2020

Brief oan de FFU-leden d.d. 5 febr. 2020 mei in ynlieding fan de FFU-foarsitter en in fersyk om de ledebydrage oer 2020 (of earder) te beteljen. Der is gjin jiergearkomste, omdat dy net of amper besocht wurdt en it bestjoer û.o. yn it ramt fan ‘Sis Tsiis’ tige drok besteld is mei aksjes nei bûten ta. Sjoch dêrfoar ek op ús webstek.

Klik op: FFU-brief oan de leden, 5 febr. 2020.pdf


06-05-2019, Brief oan leden d.d. 6 maaie 2019, finansjele bydrage oer 2019

Brief oan de FFU-leden d.d. 6 maaie 2019 mei in ynlieding fan de FFU-foarsitter en in fersyk om de ledebydrage oer 2019 (of earder) te beteljen. Ús skathâlder is oer 2017 en 2018 desjarzje ferliend. Der wurdt gjin jiergearkomste holden, omdat dy net of amper besocht wurdt en it bestjoer yn it ramt fan ‘Sis Tsiis’ tige drok besteld is mei aksjes nei bûten ta. Sjoch dêrfoar ek op ús webstek.

Klik op: FFU-brief oan de leden, 6 maaie 2019.pdf


04-12-2018, Twadde brief oan de FFU-leden: efterstân mei  it beteljen fan de finansjele bydrage oer 2018 (of earder)

Op ús brief oan de leden fan 16-06-2018 mei it fersyk om te ledebydrage oer 2018 (of earder) te beteljen, wie yn gâns gefallen noch net foldien. Dêrom in nij fersyk fan ús skathâlder oan de ein fan it jier.

Klik op: Twadde FFU-brief oan de leden, 4 des. 2018.pdf


16-06-2018, Brief oan de FFU-leden: gjin jiergearkomste yn 2018

Fanwegen de ornaris hast altiten tige lytse opkomst fan de leden wurdt der yn 2018 gjin jiergearkomste holden. De bestjoersleden binne boppedat drok besteld mei aksjes nei bûten ta. Sjoch dêrfoar ek op ús webstek.

Klik op: FFU-brief oan de leden, 16 juny 2018.pdf


20-03-2017, Jiergearkomste FFU op 20 maart 2017

FFU-útnûging (d.d. 16-02-2017) foar de ledegearkomste op 20 maart 2017 yn Grand Café Wouters, Sophialaan 5 te Ljouwert. Wurklist mei û.o. it ferslach fan de jiergearkomste fan 26 maaie 2014, de jierferslaggen fan 2015 en 2016, in ynlieding fan dhr. F. Weima fan Dingtiid oangeande it Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ mei oanslutend in diskusje oer in tal stellings, in besprek fan de útslach fan de FFU-enkête (fan novimber 2016) en oerlis oer de takomst fan de FFU.

Klik op: FFU-Útnûging, 20 maart 2017.pdf

26-05-2014, Jiergearkomste FFU op 26 maaie 2014

FFU-útnoeging (d.d. 08-05-2014 ) foar de ledegearkomste op 26 maaie 2014 by Klaske Straatsma,  Bleekhof 55 te Ljouwert. Wurklist mei û.o. de jierstikken oer 2013 en in diskusje  oer ûnderwiis en Frysk oan de hân fan in stikmannich stellings.

Klik op: FFU-Útnûging, 26 maaie’14.pdf

22-04-2013, Jiergearkomste FFU op 22 april 2013

FFU-útnoeging (d.d. 04-04-2013) foar de ledegearkomste op 22 april 2013 by Klaske Straatsma, Bleekhof 55 te Ljouwert. Wurklist û.o.: de jierstikken oer 2012, de trijetalige pabû (Geart Tigchelaar) en yntegrale trijetalige learboeken (Tom Dykstra).

Klik op: FFU-Útnûging, 22 april’13pdf

23-05-2012, Jiergearkomste FFU op 23 maaie 2012

FFU-útnoeging (d.d. 19-04-2012) foar de ledegearkomste op 23 maaie 2012 by Klaske Straatsma, Bleekhof 55 te Ljouwert. Wurklist û.o.: de jierstikken, de Frysktalige Cito-toets Begripend Lêzen, groep 8 (Sytze T. Hiemstra) en it ‘Convenant Friese taal in het onderwijs 2011’ (Tom Dykstra).

Klik op: FFU-Útnûging, 23 maaie ’12.pdf

25-05-2011, Jiergearkomste FFU op 25 maaie 2011
FFU-útnoeging (18-04-2011) foar de ledegearkomste op 25 maaie 2011 by Klaske Straatsma, Bleekhof 55 te Ljouwert. Wurklist û.o.: jierstikken, Fryske toetsen (Hiemstra), kommisje-Hoekstra (Dykstra).
Klik op: FFU-Útnûging, 25 maaie ’11.pdf

01-04-2010, Jiergearkomste FFU op 21 april 2010
FFU-útnoeging (01-04-2010) foar de ledegearkomste op 21 april 2010 yn It Aljemint (Fryske Akademy, Doelestrjitter 8 te Ljouwert.) fan 13.15-14.00 oere.
Dêrnei kin yn It Aljemint in temagearkomste bywenne wurde fan it Pedagogyske Wurkferbân oer de kwaliteit fan it ûnderwiis en de rol fan de ynspeksje dêrby (14.00-16.30 oere): Mjitte.
Klik op: FFU-Útnûging, 21 april ’10.pdf

14-10-2009, Jiergearkomste FFU op 4 novimber 2009
FFU-útnoeging (okt. 2009) foar de ledegearkomste op 4 novimber yn sealesintrum ’t Haske op ’e Jouwer oanslutend op in Tomke-sympoasium.
Klik op: FFU-Útnûging, 4 nov. ’09.pdf

23-10-2008, Jiergearkomste FFU
FFU-útnoeging (23-10-2008) foar de ledegearkomste op 11-11-2008 yn ‘Tresoar’ te Ljouwert. Foarôfgeand is de presintaasje fan de Fryske Kanon.
Klik op: FFU-Útnûging, 23 oktober ’08.pdf

07-05-2008, Jiergearkomste FFU
FFU-brief (07-05-2008) oan de FFU-leden by it tagelyk tastjoerde jierferslach oer 2007, it ferslach fan de jiergearkomste (07-06-2007) en it finansjeel oersjoch fan de ponghâlder (allegearre oan te klikken op ús webstek). De kaskommisje hat yn juny 2008 de boekhâlding besjoen en goedkard. Us ponghâlder kin dus aanst ûntlêstge wurde. Der sil yn de twadde helte fan 2008 tiid en plak socht wurde foar ús jiergearkomste.
Klik op: FFU-Útnûging, 7 maaie ’08.doc

07-06-2007, Jiergearkomste FFU
Jiergearkomste fan de FFU op tongersdei 7 juny 2007. It húshâldlik part is fan 17.00-18.00 oere yn lokaal 039 (Hotel Wyswert, CHN). Foarôfgeand is it kongresprogramma Fierder mei Frysk V
fan de Vereniging Leraren Levende Talen, seksje Frysk (fan 9.00-16.30 oere).
Klik op: FFU-Útnûging, 7 juny. 07.pdf

01-02-2006, Jiergearkomste FFU
Jiergearkomste fan de FFU op woansdei 1 febrewaris 2006. It húshâldik part begjint om 18.45 oere en it algemiene part, yn ´e mande mei it Pedagogysk Wurkferbân en de VLLT, seksje Frysk, oer ‘In Fryske Kanon’ om 20.00 oere yn ´It Aljemint’ fan de Fryske Akademy te Ljouwert.
Klik op: FFU-Útnûging en wurklist,1 febr. 06.pdf

 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html