Brieven en oare stikken 2019

Utgien

18-11-2019 FFU/‘Sis Tsiis’/Ûnderwiisfûns Frysk: brief oer de taalnoarm yn Afûk-útjeften

Brief fan de FFU, de Stifting ‘Sis Tsiis’, de stifting ‘Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal’ en de Jongfryske Mienskip oangeande it net konsekwint hanthavenjen fan de taalnoarm(en) fan en foar it Frysk en de sterk tekoartsjittende korreksje fan Frysktalige lêsboeken en learmiddels dy’t útjûn wurde troch de Afûk. Mei as eksimpel taheakke in beheinde list mei flaters yn de roman De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra (Afûk, 2018).

Klik op: FFU-taalnoarmbrief foar Afûk, 191118.pdf om it taalnoarmbrief te iepenjen.


04-10-2019 FFU: brief oan DS oangeande de teloarstellende gong fan saken by  it fêststellen fan de kearndoelen Frysk

FFU-brief (d.d. 4 okt. 2019) oan Deputearre Steaten fan Fryslân (DS) oer de slim teloarstellende gong fan saken by it fêststellen fan de kearndoelen foar it fak Frysk en it ferfallen fan de mooglikheid om it Frysk in mear yntegrearre plak yn it hiele Fryske ûnderwiis te jaan. Yn dat ramt stelt de FFU fiif fragen oan DS.

Klik op: FFU: brief oan DS oer kearndoelen Frysk (04-10-2019).pdf om it FFU-brief oan DS te iepenjen.


17-10-2019 FFU: BoargerAksjegroep ‘Sis Tiis’ hâldt yn Ljouwert in demonstraasje foar it Committee of Experts fan de Ried fan Europa

De FFU hat yn it ramt fan de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ (BAST) op 17 oktober 2019 op de stoepe fan it Provinsjehûs te Ljouwert demonstrearre ta gelegenheid fan in besite fan it Committee of Experts (CoE) fan de Ried fan Europa. Dy kommisje moat him ynformearje litte oer al of net it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen. Dat is foar it Frysk en de Fryske skiednis noch altiten net goed ymplemintearre en dat hat de BAST-aksjegroep oan it CoE witte litten en harren in mapke mei krityske stikken oerlange: BAST-foarkant mapke.jpg.

De ynhâld fan it mapke bestie(t) út:
1. in Ingelsktalige taspraak fan drs. Piter Dykstra (mei in Hollânsktalige oersetting) foar de kommisje (CoE): BAST-taspraak Piter Dykstra.pdf

2. in fjouwertalich struibrief (Ingelsk, Hollânsk/Nederlands, Dútsk/Deutsch, Frysk) mei ús konkrete doelen ûnder de titel ‘De stadige taalmoard op it Frysk moat ophâlde!’: BAST-fjouwertalich struibrief.pdf

3. bydrage fan FFU-foarsitter drs. Tom Dykstra en FFU-skriuwer drs. Sytze T. Hiemstra foar de CoE oer it sterk tekoartsjittende ûnderwiisbelied fan de nasjonale en provinsjale oerheid oangeande it ûnderwiis yn it Frysk en de Fryske skiednis: BAST/FFU: ûnderwiisbelied foar it Frysk en de Fryske skiednis.pdf

4. liet fan Grytsje Kingma oer ‘Frysk ûnderwiis’ dat troch de BAST-demonstranten songen is op de stoepe fan it Provinsjehûs op 17 oktober 2019 en foar de CoE: BAST-liet Frysk ûnderwis.jpg

5. BAST-struibrief ‘Frysk op Skoalle Bernerjocht’ mei de rop om lykweardigens en lykberjochtiging fan it ûnderwiis yn it Frysk en de Fryske skiednis: http://ffu-frl.eu/PDF/190626.def.struibrief.De.Haach.26.juny.2019-compressed-2.pdf

6. filmke fan it sjongen fan it liet: BAST-filmke liet


22-07-2019 FFU: reaksje op 6de rapportaazje fan Nederlân oangeande de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst

Krityske reaksje fan de FFU, ornearre foar it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), op de slim tekoartsjittende ymplemintaasje fan it Frysk yn it ûnderwiis lykas werjûn yn de sechsde rapportaazje fan Nederlân oan de Ried fan Europa (oer de perioade 2015-2018) oer de ymplemintaasje fan it European Charter for Regional or Minority Languages (Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden).

Klik op: FFU-reaksje op 6de rapportaazje fan Nederlân, 190722.pdf om de FFU-reaksje te iepenjen.


26-06-2019 FFU: BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ (BAST hat in fiifde struibrief oer it ûnderwiisbelied foar it Frysk en in ûntwerp foar in Frysk plysje-unifoarm (‘PLYSJE’)

It fiifde struibrief fan de BoargerAksjegroep ‘ Sis Tsiis’(BAST), dêr’t ek de FFU aktyf oan meidocht. It pamflet mei op de foarkant ‘Frysk op Skoalle, BERNERJOCHT ... dáár gaat BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ de straat voor op!!’ (fan drs. P. Dykstra en drs. S.T. Hiemstra) jout op de efterkant in stikmannich grutte tekoartkommings oan fan it ûnderwiisbelied fan it Ryk en de Provinsje op it mêd fan it Frysk en de skiednis fan de Friezen. It fluchskrift wurdt brûkt foar en by demonstraasjes en manifestaasjes.

Dat wie bygelyks it gefal by in besite oan De Haach op woansdei 26 juny 2019, doe’t fandatoangeande in petysje oanbean is oan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken (Algemien Oerlis, mei minister Kajsa Ollongren). Dêrby is omtinken frege foar it systematysk efterstellen fan it Frysk. It Frysk heart oeral lykweardich brûkt te wurden en tige sichtber te wêzen. De ‘petysje’ hat de foarm krige fan in ûntwerp foar in unifoarm mei it wurd PLYSJE derop.

Klik op: BAST/FFU: fiifde struibrief ûnderwiisbelied Frysk, 2019.pdf om it fiifde struibrief fan de boargeraksjegroep te iepenjen (sjoch foar de fjouwer foargeande pamfletten by ‘Brieven, Útgien’, 2018 en 2019).

Klik op: BAST/FFU: ûntwerp PLYSJE-unifoarm, 2019.jpg om it unifoarm mei PLYSJE derop te besjen.


26-06-2019 FFU: Taljochting BAST-petysje foar it ministearje fan Ynlânske Saken en fan OCW (struibrieven nû. 6 en 7)

Taljochting fan de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ (BAST), yn gearwurking mei de FFU, foar de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en foar it ministearje fan ûnderwiis OCW (De Haach) oangeande de needsaak fan in lykweardige en lykberjochtige behanneling fan it Frysk yn it ûnderwiis. It hat de foarm krigen fan in sechsde en sânde, dûbeltalich pamflet (fan drs. P. Dykstra en drs. S.T. Hiemstra) (sjoch ek it fiifde dûbeltalige (Hollânsk/Frysk) struibrief hjirûnder (‘útgien’, d.d. 26-06-2019).

Op de efterkant steane tsien punten dy’t berikt wurde moatte: dat binne 7 fan in petysje fan de Ried fan de Fryske Beweging (18-12-2018, oan te klikken by ‘ynkommen’ 2018) en 3 oanfoljende fan ‘Sis Tsiis’.

Klik op: BAST/FFU: sechsde pamflet Ynlânske Saken, 2019.pdf om it fluchskrift foar Ynlânske Saken fan de boargeraksjegroep te iepenjen.

Klik op: BAST/FFU; sânde pamflet OCW (ûnderwiis), 2019.pdf om it fluchskrift foar OCW (ministearje fan Ûnderwiis) te iepenjen.


25-02-2019 FFU: BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) hat in fjirde struibrief en in blau festje (‘Frysk Blinder!’)

It fjirde struibrief fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST), dêr’t ek de FFU aktyf oan meidocht. It pamflet (fan drs. P. Dykstra e.o.) ropt op ta in demonstraasje op sneon, 9 maart 2019 op it Saailân te Ljouwert. It befettet in analyze fan de ferkiezingsprogramma’s fan de Fryske politike partijen (stimwizer) oangeande it ûnderwiis yn it Frysk en in wurdearring fan wat der fan harren ferwachte wurde kin op dat stik. It neamt ek fiif wichtige programmapunten fan Sis Tsiis en docht in oprop om mei te striden (sistsiis@hotmail.com). Sjoch ek ris op: www.sistsiis.frl.

Klik op: BAST/FFU: fjirde struibrief ‘Frysk op Skoalle’ (stimwizer), 2019.pdf om it fjirde struibrief fan de boargersaksjegroep te iepenjen (sjoch foar de trije foargeande by ‘Brieven 2018, Útgien’).

Der binne tagelyk ek blauwe festjes (Holl.: ‘hesjes’) makke mei as biedwurd ‘Frysk Blinder!’ (ûntwurpen troch drs. P. Dykstra e.o.) om by demonstraasjes te dragen.

Klik op: BAST/FFU: blau festje mei ‘Frysk Blinder!’, 2019.jpg om it festje te besjen.



Ynkommen

17-12-2019 Afûk: reaksje op it FFU-brief oer de taalnoarm yn Afûk-útjeften

Reaksje fan de Afûk (direkteur Alex de Jager) op in brief fan de FFU, de Stifting ‘Sis Tsiis’, de stifting ‘Ûnderwiisfûns foar de Fryske Taal’ en de Jongfryske Mienskip oangeande it net konsekwint hanthavenjen fan de taalnoarm(en) fan en foar it Frysk en de sterk tekoartsjittende korreksje fan Frysktalige lêsboeken en learmiddels dy’t útjûn wurde troch de Afûk (http://ffu-frl.eu/PDF/191117.def.FFU-.br.oan.Afuk.logo.skjin.pdf). Mei as eksimpel taheakke in beheinde list mei flaters yn de roman De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra (Afûk, 2018).

Klik op: Afûk-brief oer de taalnoarm, 191217.pdf om de reaksje fan de Afûk te iepenjen.


03-12-2019 Provinsje/Ûnderwiisynspeksje: Temarapportaazje ‘Sizzen is neat, mar dwaan is in ding’

Brief fan de Provinsje oer de ‘Temarapportaazje Frysk “Sizzen is neat, mar dwaan is in ding”’ fan de Ynspeksje fan it Ûnderwiis (rapport taheakke):

Klik op: Provinsje/Ûnderwiisynspeksje: Temarapportaazje Frysk op skoalle, 191203.pdf om it provinsjaal brief en de rapportaazje te iepenjen.

Klik ek op: https://www.onderwijsinspectie.nl/documenten/themarapporten/2019/12/05/fries-in-het-primair-en-voortgezet-onderwijs


08-10-2019 De Fryske Skoalle: ferslach fan de wurksumheden fan 17 sept. 1955 oant 1 sept. 1957

In foarrinder fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) is de feriening ‘De Fryske Skoalle’ (1955-1972). It doel fan dy feriening wie om te arbeidzjen oan ûnderwiis dat fundearre is op it Frysk folkslibben. Nei it oprjochtsjen fan it Paedagogysk Advysbureau (PAB) fan de Fryske Akademy yn 1959 ferfoel in grut part fan it wurk fan ‘De Fryske Skoalle’ (sjoch foar mear ynformaasje drs. Sytze T. Hiemstra (skriuwer FFU) yn: Nij Frisia, jrg. LXIV, nû. 4, des. 2015, s. 77-78: http://ffu-frl.eu/PDF/nijfrisia4.compressed.pdf). Yn 1972 besleaten de leden om de feriening op te heffen.

Yn 1987 is de Feriening Frysk Underwiis oprjochte, dy’t as in fuortsetting fan it wurk fan De Fryske Skoalle beskôge wurde kin, omdat fan in effektive yntegraasje fan it Frysk yn it ûnderwiis noch lang net praat wurde koe en dat is yn 2019 noch altiten sa.

In ferslach fan de wurksumheden fan ‘De Fryske Skoalle’ (fan de hân fan de skriuwster, T. Sudema-Mulder) oer it tiidrek fan 17 sept. 1955 oant 1 sept. 1957 is hjirûnder oan te klikken.

Klik op: De Fryske Skoalle: 1955-1957.pdf om it nijsgjirrige ferslach te iepenjen oer it  krewearjen foar it Frysk yn dy tiid.


25-09-2019 Sytze T. Hiemstra: It Frysk op i.b.s. ‘De Singels’ te Drachten yn 1987

Dat it mei it ûnderwiis yn it Frysk fierwei komme moat op de skoallen yn 2019 en dat it mear as tritich jier lyn (1987) likegoed heaterskjen wie, hat drs. Sytze T. Hiemstra (skriuwer FFU) ek fernimme kinnen by syn eigen bern op de i.b.s. ‘De Singels’ yn Drachten. De ferplichting om Frysk te jaan waard folslein negearre en de Drachtster ûnderwiisynspekteur (J.H. Kuindersma) hat dêr, nei wat bemiddeljen tusken âlden en skoalle, amper ferbettering yn krije kinnen.

Klik op: STH: evaluaasjepetear Frysk i.b.s. ‘De Singels’08-10-1987.pdf om it ferslach fan Hiemstra dêrfan (d.d. fan 6 oktober 1987) te iepenjen.


15-08-2019 RfdFB en EBLT: reaksje foar curriculum.nu oer nij learplan Frysk

Krityske reaksje fan de Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) en it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) op it plak fan it Frysk as fak en ynstruksjetaal yn de takomstige learplannen. De FFU wurket gear mei de RfdFB.

De Ried fan de Fryske Beweging hat ferline wike reagearre op de foarriedige útstellen foar in nij nasjonaal learplan. Al mear as in jier wurdt troch skoallieders en leararen wurke oan foarstellen om de ynhâld fan it skoalprogramma te fernijen. Op 10 oktober [2019] sille de foarstellen oanbean wurde oan de minister, mar earst koe elkenien oan begjin augustus ta noch reagearje op www.curriculum.nu.

Omdat it foech foar it fak Frysk sûnt 2014 by de provinsje Fryslân leit, is yn juny ferline jier in parallel projekt úteinset, dat www.kurrikulum.frl hjit. It idee wie dat der sa ôfstimd wurde kin tusken de Fryske en de Nederlânske foarstellen. Ommers, it belied fan de minister en dat fan de Provinsje sille úteinlik beide op de Fryske skoallen har gerak krije moatte. It is lykwols tige spitich dat it Fryske projekt al sûnt april stil leit omdat it ‘troch de Provinsje toetst wurdt oan Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing’, sa’t op de projektwebside skreaun wurdt.

De Ried hat noed dat troch dizze fertraging dy ôfstimming tusken it Frysk en it Nederlânsk der net komt. Fierder hat de Ried yn syn reaksje dúdlik makke dat men binnen Fryslân rekken hâlde moat mei in meartalige situaasje wêryn’t de twa mienskipstalen in lykweardich plak fertsjinje op skoalle en dêr’t it Frysk ek de ynstruksjetaal by oare fakken yn wêze kin, njonken it Nederlânsk. Dy situaasje ferskilt gâns fan dy wêr’t de opstellers fan de nasjonale foarstellen foar it leargebiet Nederlânsk fanút gongen binne.

Link [skeakel]:
De bydrage fan de Ried fan de Fryske Beweging oan de konsultaasje fan curriculum.nu:
https://consultatie.curriculum.nu/pdf/5b16bf4a4f528/42730/

Klik op: RfdFB-reaksje foar curriculum.nu oer it Frysk, 190815.pdf om de reaksje fan de RfdFB te iepenjen.

Klik op: EBLT-reaksje foar curriculum.nu oer Frysk, 190815.pdf om de reaksje fan it EBLT te iepenjen.


23-07-2019 Provinsje Fryslân: bestjoersakkoart 2019-2023 ‘Fernije yn betrouwen: Lok op 1’

Sûnt in goed moanne is der in nij bestjoersakkoart en in nij provinsjaal bestjoer. It akkoart telt  68 siden en yn haadstik 8 (‘Fryslân 2028’) komme de ambysjes foar ús ‘Taal’ oan de oarder, mei trije alinea’s en twa nei te stribjen resultaten’ (s. 45-46).
Resultaat 55: wy stribje dernei om de ynspeksje foar it Frysk fan it Ryk oer te nimmen.
Resultaat 56: it gebrûk fan it Frysk troch ynwenners, Fryske organisaasjes en yn de iepenbiere romte is sichtber en mjitber omheech gien.

Klik op: Provinsje Fryslân: bestjoersakkoart 2019-2013: ‘Lok op 1’.pdf om it hiele dokumint te iepenjen.


26-06-2019 Min. fan Ynlânske Saken: Ferslach ‘Algemien Oerlis’ fan de Twadde Keamerkommisje oer de BFTK

Net korrizjearre stenogram (wurdlik ferslach) fan it ‘Algemien Oerlis’ (AO) fan de fêste kommisje foar Ynlânske Saken fan fiif Twadde Keamerleden (mefr. Den Boer [D66], dhr. Futselaar [SP], Harry van der Molen [CDA; foars.], mefr. Özütok [Groen Links] en Aukje de Vries [VVD]) mei minister Kajsa Ollongren (Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes) op 26 juny 2019 yn De Haach (gebou Twadde Keamer) oangeande de Bestjoersoerienkomst Fryske taal en kultuer (BFTK).

Dêrby wie ek omtinken foar de petysje fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) oer de sichtberens  fan it Frysk. De aksjegroep, dêr’t de FFU ek oan meidocht, hat foarôfgeande oan de gearkomste in petysje(mei in struibrief) oanbean oan kommisjefoarsitter Van der Molen yn de foarm fan in plysje-unifoarm mei it wurd PLYSJE derop (sjoch ek by ‘útgien’ d.d. 26-06-2019).

Klik op: MYSK: Algemien Oerlis BFTK, BAST-petysje, 26-06-2019 om it ferslach te iepenjen


26-06-2019 SPLIKA/SBS6/FvD: filmkes oer it oanbieden fan in BAST-petysje yn De Haach 

Inkelde filmkes makke op 26 juny 2019 oer de taal- en ûnderwiisaktiviteiten fan de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ (BAST), dêr’t de FFU ek in rol yn spilet.

1. Filmkes fan Natasja Gibbs oer de beskerming fan it Frysk en it Papiamintsk makke yn De Haach op 26-06-2019: https://caribischnetwerk.ntr.nl/2019/06/27/bescherming-papiaments-we-kunnen-veel-van-de-friezen-leren/

Ek oan de klikken op: https://youtu.be/IMMxjjrZzO4 en https://youtu.be/ljR7JmuSu8o

2. Filmke fan Forum voor Democratie (mei mr. Theo Hiddema) oer it belang fan it Frysk, opnommen by gelegenheid fan it oanbieden fan in BAST-petysje yn De Haach (26-06-2019): https://youtu.be/l_abII6pUkw

3. Filmke fan SBS6, dêr’t nei likernôch 16.15 minuten in fragmint yn foarkomt oer de striid foar it Frysk en it oanbieden fan in BAST-petysje yn De Haach (26-06-2019): https://www.kijk.nl/sbs6/hartvannederland/videos/NOlf3u1c0al/hart-van-nederland-laat

Sjoch op ús webstek by ‘Utgien 2019’ (d.d. 26-06-2019) foar mear ynformaasje oer inkelde relevante BAST-struibrieven (nrs. 5, 6 en 7) en in ûntwerp foar in plysje-unifoarm mei PLYSJE derop.


12-06-2019 DINGtiid: brief oan it Ryk en de Provinsje oer it Frysk yn it spesjaal ûnderwiis (WEC)

Brief fan it advysorgaan DINGtiid oan de kontaktpersoanen fan de ministearjes fan OCW, Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân oer de minne situaasje fan it Frysk yn it spesjaal ûnderwiis (Wet op de Expertisecentra). Dêryn is opnommen in e-postberjocht fan S.T. Hiemstra (12 maart 2019) en in brief (reaksje) fan minister Van der Hoeven (fan 7 juny 2004) oer deselde kwestje.

Op 13-06-2019 krigen DINGtiid en de FFU berjocht fan de provinsje Fryslân (dhr. Harmen Akerboom), dy’t skriuwt:
‘Tank foar jo brief wêrmei't jo de soarch fan de FFU oangeande it fak Frysk yn it spesjaal ûnderwiis by ús ûnder de oandacht bringe. Dy berjochten + achtergrûnynformaasje binne by ús lykwols hiel goed bekend. Op 22 jannewaris en 6 febrewaris fan dit jier hat de hear Hiemstra dat noch yn bestjoerlik oerlizzen mei deputearre Poepjes oan de oarder steld. Mar ek yn de jierren dêrfoar is it mei har besprutsen yn oerlizzen mei Sis Tsiis. Yn de BFTK 2019-2023 [bestjoersoerienkomst tusken Ryk en Provinsje] binne ûnder paragraaf 2.5 ôfspraken opnaam oangeande it Frysk by skoallen dy’t ûnder de WEC falle. Dat is de opdracht dêr’t wy op it stuit oan wurkje. Yn de BFTK is dêrby ek de ôfspraak makke dat dit yn de earste helte fan dizze BFTK-perioade syn beslach hawwe sil. As de útkomsten dêrfan bekend binne, sille dy mei de FFU en DINGtiid dield wurde.’

Klik op: DINGtiid-brief oan OCW, Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân oer it Frysk yn spesjaal ûnderwiis (WEC), 12-06-2019, pdf om it DINGtiid-brief mei twa bylagen (fan S.T. Hiemstra en minister Maria van der Hoeven) te iepenjen.


31-01-2019 Min. Ynl. Saken: Alternative bestjoersoerienkomst BFTK (RfdFB)

Reaksje (d.d. 31-01-2019) fan de minister fan Ynlânske Saken (drs. K.H. Ollogren) oan de Twadde Keamer op de alternative Skaadbestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019- 2023 (‘Dúdlike doelen foar in Fryske takomst’, juny 2018) fan de Ried fan de Fryske Beweging (sj. by: Ynkommen Brieven, 27-06-2018) of klik op: http://ffu-frl.eu/PDF/180628.RFFB-BFTK.pdf).

Klik op: MYS-Alternative skaad-BFTK.pdf om it brief fan minister Ollogren te iepenjen.



 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html