Brieven en oare stikken 2018

Utgien

01-12-2018 FFU: BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) hat oarkonden oan twa basisskoallenútrikt

Op 1 desimber 2018 hat de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) in oarkonde útrikt oan twa basisskoallen yn Ljouwert: (1) i.b.s Wynwizer en (2) IKC Franciscus, fanwegen harren krewearjen foar goed Frysk ûnderwiis.

Klik op: BAST/FFU-oarkonden (1) Wynwizer.jpg en (2)IKC Franciscus, 2018.jpg om de beide oarkonden te besjen.


16-11-2018 FFU: BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) hat in nije poster (affysje)

Nije poster (affysje) fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST) mei syn sterke man Wout Zylstra (opmaak drs. Piter Dykstra): Frysk op skoalle, bernerjocht. De FFU is ek aktyf yn dy aksjegroep.

Klik op: BAST/FFU-poster/affysje ‘Frysk op skoalle’ (mei Wout Zylstra), 2018.png om ús rút- en demonstraasjebiljet te bewûnderjen.


28-10-2018 FFU: ‘BoargerAksjegroep Sis Tsiis’ (BAST) hat in tredde pamflet

It tredde struibrief fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST), dêr’t ek de Feriening Frysk Ûnderwiis (FFU) in aktive rol yn spilet. De opmaak is fan drs. Piter Dykstra en de tekst fan drs. Piter Dykstra, drs. Tom Dykstra, drs. S.T. Hiemstra en Ed Knotter. It befettet lytse stikjes mei as kopkes: Respekt; De taal fan it hert; Iepen Mienskip; Wat der bart; Wat it doel fan taal op skoalle wie; Linich Frysk-fan-dizze-tiid; Ús eigen skiednis; Net tichterby as Wolvegea. Fierders in ferwizing nei in nij e-post-adres: sistsiis@hotmail.com, in nij webstek: www.sistsiis.frl en in oprop om mei te dwaan oan kommende aksjes.

Klik op: BAST/FFU-tredde pamflet ‘Frysk op skoalle’, 2018.pdf om it tredde struibrief fan de boargeraksjegroep te iepenjen.


20-09-2018 FFU: ‘Boargeraksjegroep Sis Tsiis (BAST) hat wer in nij fluchskrift

Wer in nij pamflet (it twadde) fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST), dêr’t ek de Feriening Frysk Ûnderwiis (FFU) aktyf oan dielnimt. Dat nije struibrief is gearstald troch drs. Piter Dykstra (opmaak), drs. Tom Dykstra (tekst) en drs. Sytze T. Hiemstra (tekst). It struibrief is foar it earst rûnparte by de konferinsje ‘Frysk yn it ûnderwiis’ fan de provinsje Fryslân op It Hearrenfean (Thialf, 20 sept. 2018). Yn it fluchskrift wurdt omtinken jûn oan de doelen fan de FFUen de Ried fan de Fryske Beweging.

Klik op: BAST/FFU-twadde struibrief ‘Frysk op skoalle’, 2018. pdf om it twadde pamflet fan de boargeraksjegroep te iepenjen.


06-09-2018 FFU: ‘BoargerAksjegroep Sis Tsiis’ (BAST) hat in nij struibrief

Nij en kleurich struibrief fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (BAST), dêr’t ek de FFU aktyf oan meidocht. It fluchskrift is gearstald troch drs. Kerst Huisman (foarkant) en drs. Piter Dykstra (efterkant en opmaak). It is foar de earste kear rûnparte op de Admiraliteitsdagen te Dokkum (6 o/m 9 sept. 2018).

Klik op: BAST/FFU-Frysk op skoalle: in bernerjocht, 2018. pdf om it pamflet fan de boargeraksjegroep te iepenjen.


24-08-2018 FFU: Makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne

Koarte lêswizer (taljochtsjend brief) foar de leden fan Provinsjale Steaten (d.d. 24-08-2018) by de wiidweidige publikaasje Makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne, in oersjoch fan hoe’t polityk (oerheid) en skoallen omgeane mei de kearndoelen Frysk foar it basisûnderwiis yn it tiidrek 1993-2017. Dy publikaasje is gearstald troch drs. Th. Dykstra, FFU-foarsitter, en útjûn yn eigen behear (Itens, desimber 2017).

Lêswizer (3 siden) en publikaasje (71 siden) binne hjirûnder oan te klikken:
Klik op: FFU-lêswizer foar de Makabere dûns.pdf om de taljochting, ornearre foar Provinsjale Steaten, te iepenjen (3 siden).
Klik op: Dykstra-Makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne.pdf om de publikaasje fan Th. Dykstra te iepenjen (71 siden).


07-06-2018 FFU: reaksje FFU op Taalplan Frysk

Wiidweidige FFU-reaksje op it provinsjale ‘Taalplan Frysk’ en koarte FFU-antwurden op trije fragen fan de kommisje-Walsweer nei oanlieding fan de 0-mjitting dy’t dien is yn it ramt fan dat taalplan.

Klik op: FFU-reaksje op Taalplan Frysk.pdf om de FFU-reaksje te iepenjen.


14-03-2018 FFU: fernijen kearndoelen Frysk troch de Provinsje

Brief fan FFU-foarsitter Tom Dykstra oan deputearre Poepjes oer it fernijen fan de kearndoelen foar Frysk troch de provinsje Fryslân (Deputearre Steaten).

Klik op: FFU-fernijen kearndoelen Frysk troch DS.pdf om it brief fan Dykstra oan deputearre Poepjes te iepenjen.


31-02-2018 FFU: it Frysk yn de digitale doarpe- en stêdekanon

FFU-brief oan de Stichting FrieslandWonderland mei de fraach oft it inisjatyf om ta in Fryske doarpe- en stêdekanon te kommen (it stribjen is om  422 kanon gear te stallen) en dy op in webstek (‘site’) fan de stifting te setten, der ek ta liedt dat dy (ek) yn it Frysk útbrocht wurde. De FFU achtet dat fan belang, omdat it oer de skiednis fan it eigen gea giet en dêr heart it Frysk by. Bern kinne dy kanons dan yn de eigen taal lêze en boppedat kinne se yn it ûnderwiis brûkt wurde.

Klik op: FFU-Fryske doarpekanon.pdf om it FFU-brief te iepenjen.


Ynkommen

18-12-2018 RfdFB: petysje BFTK 2019-2023

Petysje fan de Ried fan de Fryske Beweging (mei in preämbule en in gearfetting fan de ‘Skaad-BFTK’), op 18 des. 2018 oanbean oan leden fan de Twadde Keamer. De petysje is in reaksje op de tekoartsjittende (en troch it Ryk en de provinsje al ôfsletten) Bestjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer 2019-2023. De RfdFB fersiket om earnstich rekken te hâlden mei syn krityk op dy oerienkomst (klik foar it hiele Riedsrapport (Skaad-BFTK) op: http://ffu-frl.eu/PDF/180628.RFFB-BFTK.pdf). Ek de FFU (foars. drs. T. Dykstra) hat behelle west by it opstellen fan de petysje.

Klik op: RfdFB-Petysje BFTK 2019-20123.pdf om de Riedspetysje mei taljochting te iepenjen.


19-11-2018 Fryske Rie: bydrage Ramtferdrach Beskerming Nasjonale Minderheden

Bydrage fan de Fryske Rie (bestjoerslid drs. S.T. Hiemstra) by de moeting mei de leden fan it ‘Advisory Committee’ fan de Ried fan Europa oangeande it útfieren fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (‘Framework Convention for the Protection of National Minorities’) op moandei, 19 nov. 2018 yn it Provinsjehûs te Ljouwert.

Yn dy bydrage komme fiif winsken op it aljemint om de gearwurking fan ús (Westerlauwersk) Fryslân mei East- en Noard-Fryslân (yn Dútslân) te fersterkjen, bgl. op it mêd fan it ûnderwiis yn de mienskiplike skiednis (de skiednis fan de Friezen), it gearstallen yntegraal meartalige learmiddels mei in grut oanpart fan it Frysk, it oprjochtsjen in ynter-Frysk kultuerparlemint en fan in telefyzjestjoerder foar autochtoane Europeeske (taal)minderheden mei programma’s mei Frysktalige ûndertiteling.

Klik op: Fryske Rie-bydrage Ramtferdrach Nasjonale Minderheden.pdf om de bydrage fan Hiemstra (Fryske Rie) te iepenjen


01-11-2018 FNP: Fryslân sels oan it roer!

Fryslân sels oan it roer! (sept. 2018; 82 siden) is in publikaasje fan de FNP en in fierdere útwurking fan in earder dokumint oer de ‘Takomst fan Fryslân’. Bygeand oan te klikken dokumint hannelet oer it rjocht op selsbeskikking fan de Friezen (haadstik 2) en de oerdracht fan taken fan it Ryk nei Fryslân. Soks rekket ek it foech oer de Fryske taal en kultuer (bgl. yn par. 3.5., s. 18) en dus likegoed it ûnderwiis yn it Frysk (bgl. yn par. 5.5.4. ‘Befoarderjen fan it Frysk folslein yn Fryske hannen’, s. 39-40). It is in tige wichtige publikaasje.

Klik op: FNP: Fryslân sels oan it roer!, sept. 2018, pdf. om de FNP-publikaasje te iepenjen.


27-06-2018 Ried fan de Fryske Beweging: skaad-BFTK

Skaad-Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 (skaad-BFTK)gearstald troch de Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) en oanbean oan deputearre  Sietske Poepjes (op 27-06-2018), noch foardat de ‘echte’ BFTK 2019-2023 ree is. Mei dúdlike Rieds-doelen foar in Fryske takomst.

De Ried hat noed dat de definitive en offisjele BFTK aanst te min oplevere sil foar ús taal en kultuer en hat dêrom opskreaun wat der winliken yn stean moatte soe. Tige de muoite wurdich om te rieplachtsjen.

Klik op: RfdFB-Skaad-BFTK.pdf om it Rieds-rapport te iepenjen.


27-03-2018 DINGtiid: reaksje op FFU-brief oer Dingtiid-advys ‘Meartaligens’

Reaksje (d.d. 27-03-2018) fan Dingtiid (‘Orgaan foar de Fryske taal’) op de FFU-kanttekenings (d.d.25-07-2017; sj. ek by ‘útgien’ 2017: FFU: kanttekenings by Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, 25-07-17.pdf) by har Dingtiid-advys ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’ en ús fersyk om ta mear gearwurking te kommen. 

Dingtiid sprekt syn grutte wurdearring út foar ús saakkundigens en befleinens en wol it petear fierder mei ús en oaren oangean, û.o. op 19 sept. 2018, om dêrmei ek de provinsje wer fan ‘ynput’ te foarsjen foar de nije ‘Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer’ (perioade oant en mei 2023).

Klik op: Dingtiid-Gearwurking mei FFU.pdf om it DINGtiid-brief te iepenjen.

 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html