Brieven en oare stikken 2017

Utgien

20-03-2017 FFU: Útslach FFU-enkête novimber 2016 en diskusje

Ein 2016 hat de FFU in enkête holden ûnder de FFU-leden mei sa’n 14 fragen oangeande de aktiviteiten en de takomst fan de FFU. De fierwei de measte reagearjende leden (sa’n tredde part) achtsje it bestean fan de FFU fan belang, mar sjogge gjin kâns om dêr in aktive rol yn te spyljen.

Klik op: FFU-enkête novimber 2016.pdf om de fragelist te iepenjen en de resultaten dêrfan te besjen.


Ynkommen

03-02-2017 Dingtiid: Advys oer Frysk yn it ûnderwiis ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’

Op 3 febr. 2017 is it dûbeltalige advys fan Dingtiid (‘Orgaan foar de Fryske taal’) ‘Meartaligens as kwaliteit en doel/Meertaligheid als kwaliteit en doel’ ferskynd en oan deputearre S. Poepjes oanbean.

Klik op: Dingtiid-Meartaligens as kwaliteit en doel.pdf om de Frysktalige wjergader fan dat rapport oan te klikken


20-01-2017 Hiemstra: It ‘Europeesk Hânfêst’ en it ûnderwiis yn it Frysk oan wjerskanten fan de steatsgrins, benammen yn ferbân mei de mooglikheid ta in oanspannen fan juridyske prosedueres

Bydrage fan drs. S.T. Hiemstra (fertsjintwurdiger fan de Seksje Frysk fan de VLLT yn it Europeesk Buro foar Lytse Talen [EBLT]) foar it EBLT en oaren oer de mooglikheden om in juridyske proseduere oan te spannen tsjin it Ryk (‘Nederland’), omdat it sintraal regear yn De Haach ûnderwiiskêst 8 fan it European Charter for Regional or Minority Languages (it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen van minderheden) net of net foldwaande neikomt (ymplemintearret).

Klik op: Hiemstra-bydrage foar EBLT e.o. oer in rjochtsgong oangeande kêst 8, Hânfêst.pdf om it stik fan Hiemstra te iepenjen.







 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html