Brieven en oare stikken 2015

Utgien

20-11-2015 FFU: útrikking eare-oarkonden oan Bertus Jans Postma en Cor Jousma

Útrikking (mei in laudatio) fan de 5de en 6de FFU-eare-oarkonde oan  Bertus Jans Postma en Cor Jousma (20-11-2015, It Hearrenfean) fanwegen harren bysûnder fertsjinsten foar it Frysk yn it ûnderwiis (sjoch ek by Sjerp & Jittik foar foto’s en in taspraak).

Klik op: FFU-oarkonde Bertus Jans Postma, 151120.jpg om de FFU-oarkonde foar Bertus Jans Postma te iepenjen.

Klik op: FFU-laudatio foar Bertus Jans Postma, 151120.pdf om FFU-lofprizing foar Bertus Jans Postma te iepenjen.

Klik op: FFU-oarkonde Cor Jousma, 151120.jpg om de FFU-oarkonde foar Cor Jousma te iepenjen.

Klik op: FFU-laudatio foar Cor Jousma, 151120.jpg om FFU-lofprizing foar Cor Jousma te iepenjen.


19-03-2015 FFU: brief foar de gemeente De Fryske Marren oer de taalnoata ‘Frysk as it heal kin …’
Ynspraakstik (brief)  fan de FFU mei kanttekenings, opmerkings en suggestjes om ta ferbettering te kommen fan it konsept fan de taalbeliedsnoata ‘Frysk as it heal kin …’. De klam leit deryn benammen op de mooglikheden en winsklikheden op it stik fan it ûnderwiis yn it Frysk.

Klik op: FFU-brief oan De Fryske Marren oer taalnoata Frysk, 150319.pdf om de FFU-bydrage te iepenjen.


Ynkommen

06-03-2015 EBLT: ‘position paper’ foar de Rie fan Europa oangeande it Europeesk Hânfêst en Ramtferdrach
De FFU makket diel út fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT)en is der wiis mei dat dy organisaasje in stik skreaun hat foar de Rie fan Europa (yn twa talen oan te klikken).

It EBLT sit tige yn noed oer de hâlding fan it Nederlânske regear oangeande de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ECRML) en it Ramtferdrach fan ’e Rie fan Europa foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (FCNM) yn Nederlân.

Nederlân hat sa goed as neat dien mei de oanbefellings dy’t de Rie fan Europa op it mêd fan minderheidstalen opsteld hat yn oktober 2012. Sa is der noch hieltyd gjin sprake fan in strukturele dialooch tusken De Haach en organisaasjes fan sprekkers fan minderheidstalen. Dêrneist hat it regear gjin dúdlik belied ûntwikkele oangeande it beskermjen en befoarderjen fan ’e Nedersaksyske taal. De takomst fan ’e regionale stjoerder Omrop Fryslân stiet ûndertusken faai, wylst de posysje fan radio en telefyzje yn it Frysk as twadde rykstaal nearne fêstlein is yn ’e aktuele Mediawet.

Dêr komt by dat Nederlân op 1 maart 2015 ien jier te let wie mei it ynstjoeren fan syn rapportaazje oer de posysje fan minderheidstalen by de Rie fan Europa. It EBLT hat dêrom no in eigen ‘position paper’ skreaun foar de Rie fan Europa oer de sitewaasje fan minderheidstalen yn Nederlân.

Dat ‘position paper’ is op freed 6 maart presintearre op in parsekonferinsje yn Ljouwert. Op dyselde gearkomste is it brief oanbean oan ferskate politisy, ûnder oaren oan Marieke Sanders (Rie fan Europa), Twadde Keamerlid Magda Berndsen (foarsitter fan ’e fêste Kommisje fan Ynlânske Saken), Twadde Keamerlid Lutz Jacobi (ûnderfoarsitter fan de Keamerkommisje foar Ynlânske Saken) en Annigje Toering (foarsitter fan it Steatekomitee Frysk).
It ‘position paper’ is hjirûnder oan te klikken en te lêzen (Frysk en Ingelsk):

EBLT concerned about Dutch attitude towards minority languages

The European Bureau for Lesser Used Languages (EBLT) is very concerned about the attitude of the Dutch government towards the implementation of the European Charter for Regional or Minority Languages (ECRML) and the Framework Convention of the Council of Europe for the Protection of National Minorities (FCNM).
Netherlands has virtually done nothing with the recommendations that were drafted in October 2012 by the Council of Europe in the field of minority languages. For instance, there’s still no question of a structured dialogue between The Hague and organizations of speakers of minority languages. In addition, the government hasn’t developed a clear policy on the protection and promotion of the Lower Saxon language. The future of the Frisian regional channel Omrop Fryslân is uncertain, while the position of radio and television in Frisian (as the second state language) is nowhere defined in the current Dutch Media Act.

Moreover, the Netherlands has been more than a year late in submitting its report on the position of minority languages to the Council of Europe. EBLT has therefore written its own position paper for the Council of Europe on the situation of minority languages in the Netherlands. The position paper was presented on Friday 6 March to several politicians, including Marieke Sanders (advisor of the Council of Europe), Members of National Parliament Magda Berndsen and Lutz Jacobi, and Member of Provincial Parliament Annigje Toering.

position paper Frysk
position paper English


18-01-2015 Europeesk Parlemint makket wurk fan minderheidstalen
It Nijs - It Europeesk Parlemint hat sjen litten dat it serieus oan it wurk sil mei nij belied foar de minderheidstalen yn de Europeeske Uny. De kommisje foar tradisjonele minderheden, nasjonale mienskippen en talen, ien fan de saneamde yntergroepen, dy’t ferline jier hast ôfskaft waard, komt no namste krêftiger werom. De kommisje bestiet út mar leafst 65 parlemintariërs út 21 lannen. Ofrûne tongersdei hiene hja harren earste gearkomste.

Op dy earste gearsit waard besletten dat de kommisje trije foarsitters kriget, dy’t inoar ôfwikselje sille. It binne Jordi Sebastià út de Spaanske dielsteat Valencia, dêr’t Katalaansk praten wurdt, Kinga Gál út Hongarije, dy’t opwoeksen is yn Roemenië, en Nils Torvalds fan de Sweedsktalige minderheid yn Finlân.
 
Frysk foar ymmigranten
Ien fan de earste doelen fan de kommisje is it meitsjen fan belied op basis fan in manifest fan Straatsboarch dat de kommisje yn syn foarrige gearstalling opsteld hat. Yn dat manifest steane in pear nijsgjirrige punten. Sa stiet deryn dat lidsteaten derfoar soargje moatte dat ymmigranten út oare lannen net allinnich de lânstaal leare, mar ek de minderheidstaal fan de regio dêr’t se wenje. Foar it Frysk hawwe de Afûk en de Ried fan de Fryske Beweging dêr in pear jier lyn in programma foar makke: Volangteers. Dêr diene foaral útwikselingsstudinten en bûtenlânske wurknimmers fan Fryske bedriuwen oan mei.
Yn it manifest stiet fierders dat lidsteaten in belied hawwe moatte om minderheidstalen op ’e lange termyn te behâlden en dat taalminderheden yn Europa mear ûnderfinings mei goed en min taalbelied útwikselje moatte.
 
Gearwurking
Fierder hat de yntergroep yn syn earste gearkomste besletten om nau gear te wurkjen mei ELEN, in organisaasje dy’t opkomt foar minderheidstalen yn Europa. It is in ynternasjonale organisaasje, dy’t yn 2011 oprjochte is en foar in grut part bestiet út de leden fan it eardere Europeesk Buro foar Lytse Talen. Dat bestiet yn Nederlân noch wol ûnder dy namme, mar de sintrale kantoaren yn Brussel en Dublin binne in jiermannich lyn opheft, krekt as it oerkoepeljende ynternasjonale bestjoer. It Nijs berjochte ferline wike dat der ek oare organisaasjes foar minderheidstalen binne dy’t gearwurking mei-inoar sykje (link).

Klik hjir foar de tekst fan it manifest fan Straatsboarch of op EU-Manifest minderheidstalen –Yntergroep, 140417.pdf
Klik hjir
foar mear ynformaasje oer it projekt Volangteers.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de organisaasje ELEN.







 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html