Brieven en oare stikken 2010

Utgien

10-12-2010 FFU: Reaksje FFU op de konsept-notyske ‘Minor trijetalich basisûnderwiis’.

Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU, hat op 10-12-2010 (foar Henk Wolf) in reaksje skreaun op de konsept-notysje ‘Minor trijetalich basisûnderwiis’ (3 nov. 2010).

Klik op: FFU-HW, konsept-notysje ‘Minor trijetalich basisûnderwiis’, 101210.pdf om ús reaksje mei FFU-advizen te iepenjen.


26-11-2010 FFU: (1) Ferplichting Frysk yn it mbû II, (2) beropsstanderts foar (f)mbû-learaars; (3) toetsing Fryske kanon by pabû-studinten

Twadde brief fan de FFU oan Deputearre en Provinsjale Steaten (26-11-2010) oer it (1) ferplichtsjen fan it Frysk yn it mbû en in sintrale eksaminearring dêrfan op grûn fan benammen taalpolitike arguminten. Fierders stelt it brief dat (2) it ûntwikkeljen fan beropsstanderts foar fmbû/mbû-learaars dy’t Frysk jouwe, winsklik is en (3) dat it opnimmen fan de Fryske kanon yn de pâbû-programma’s fan de Fryske hegeskoallen en in sintrale toetsing dêrfan oan de ein fan it skiednisprogramma needsaaklik is.

Klik op: FFU-DSPS, Ferplichting mbû; beropsstanderts (f)mbû-learaars; eintoetsing Fryske kanon op de pabû, 26-11-10.pdf om it brief te iepenjen.

Klik op:  FFU-ferplichting Frysk mbû, 010908.pdf om ús earste brief (fan 1 sept. 2008) oer de winsklike ferplichting fan it Frysk yn it mbû te iepenjen.


13-10-2010 FFU: Provinsjale besunigings op taal en kultuer, benammen op Omrop Fryslân

Tom Dykstra, foarsitter fan de FFU, hat op 13 okt. 2010 op it Provinsjehûs ynsprutsen by in mienskiplike gearkomste fan de Steatekommisjes Boarger & Mienskip en Lân, Loft & Wetter oangeande it wurklistpunt: Begrutting 2010 fan Provinsje Fryslân. Dêrby gong it de FFU benammen om de besunigings op taal en kultuer, foaral dy op Omrop Fryslân fan € 1.100.000. Dat liket ek skealik te wurden foar de berneprogramma’s (bgl. Tomke), dy’t mooglik faai komme te stean.

Klik op: FFU-BM/LLW-PF, besunigings op berneprogramma’s OF, 131010.pdf om de bydrage fan de FFU te lêzen.


27-09-2010/18-10-2010 Steatekomitee Frysk/ EBLT: brieven oer it taalbelied foar it Frysk oan de Ried fan Europa en it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT/earder EBLUL) hat in brief (18-10-2010) stjoerd nei de Ried fan Europa (Council of Europe) en nei minister Donner fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oer it taalbelied foar it Frysk. It brief oan it sekretariaat fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden fan de Council of Europe befettet de lêste (noch lang net tarikkende) stân fan saken wat it Frysk yn Nederlân en Fryslân oanbelanget.
 
Lidsteat Nederlân hie foar 1 oktober 2010 in rapportaazje ynleverje moatten by de Ried fan Europa oer de situaasje fan de minderheidstalen (Frysk en Leechsaksysk) yn Nederlân. No’t de ryksoerheid dat neilitten hat, hat it EBLT sels ynformaasje opstjoerd nei Straatsboarch en oan de nije minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (Donner).
 
Santsjin Fryske organisaasjes stypje it unike brief, û.o. de FFU. Itselde jildt foar it Steatekomitee Frysk fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. It is foar it earst dat in sa breed maatskiplik en polityk front fan Fryske organisaasjes yn in brief oan de ryksoerheid en de Ried fan Europa omtinken freget foar de posysje fan it Frysk.
 
Op in parsekonferinsje (woansdei, 20-10-2010) hat foarsitter Jelle Bangma fan it EBLT it brief taljochte. Dêrneist hat foarsitter Corrie Hartholt (CDA, Komitee Frysk) it brief fan it Steatekomitee Frysk oan Ried fan Europa en minister Donner taljochte. FFU-foarsitter drs. Tom Dykstra hat ús feriening dêr fertsjintwurdige.

Klik op: EBLT/FFU-brief  EBLT oer Frysk taalbelied oan Ried fan Europa, 181010.pdf om it brief (mei 17 hantekenings fan stypjende organisaasjes) fan de Nederlânske Kommisje fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen te iepenjen.

Klik op: SKF-brief Steatekomitee Frysk oan Ried fan Europa en Ministearje fan Ynlânske Saken, 270910.pdf om it brief fan it Steatekomitee Frysk te iepenjen.

Sjoch ek by: ‘Aktueel 2010’: Friese organen passeren rijk met rapport, 21-10-2010 (A-LC).

25-03-2010 Fryske-kanonkommisje: it ymplemintearjen fan de skiedniskanon fan Fryslân

Brief fan de FFU oan drs. B. Looper, einredakteur  fan de Kommisje kanon fan Fryslân, oer it ophâlden fan de kertiermakker fan de kanon fan de Fryske skiednis en wat deroan dien wurde sil om de Fryske kanon goed te ymplemintearjen yn it ûnderwiis.

Klik op: FFU-BL, ymplemintaasje Kanon fan Fryslân, 250310.pdf om ús brief oan drs. Looper te iepenjen.


05-02-2010 DS: Wet OKE en it Frysk

Brief fan de FFU oan Deputearre Steaten oer de bedrigings dy’t der foar it Frysk lizze yn de nije wet Ontwikkelingskansen door Kwaliteit en Educatie (OKE). It liket derop dat pjutteboartersplakken dy’t allinnich Frysk as fiertaal hawwe, net (mear) tastien binne. Wy freegje Deputearre Steaten om nei te gean hoe’t it sit en om de eventueel skealike gefolgen dêrfan te kearen.

Klik op: FFU-DS, wet OKE en it Frysk, 050210.pdf om ús brief oan DS te iepenjen.


Ynkommen

 24-11-2010 Ynspeksje: De kwaliteit fan de lessen Frysk yn it basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis

Ynspeksjerapporten ‘Tussen wens en werkelijkheid’ (Hollânsktalich) en ‘Tusken winsk en wurklikheid’ (Frysktalich) oer it Frysk yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis, dy’t op 24 novimber troch haadynspekteur Rick Steur oan deputearre Jannewietske de Vries oanbean binne.

Tussen wens en werkelijkheid PDF-bestân, 587kB
Tusken winsk en wurklikheid PDF-bestân, 613kB
Tussen wens en werkelijkheid - printversie PDF-bestân, 478kB
Tusken winsk en wurklikheid - printversie PDF-bestân, 428k


 22-11-2010 Bundesministerium des Innern: Anerkenning der Ostfriesen als teil des friesischen Volksgruppe

Das Bundesministerium des Innern hat seine Auffassung hinsichtlik der Anerkenning der Ostfriesen als Teil der friesischen Volksgruppe und damit als nationale Minderheit in Deutschland nicht aufgegeben. Die Begründung zum Gesetzentwurf der Bundesregierung bezieht die Ostfriesen in den Kreis der friesischen Volksgruppe ein.

Klik op: BdI-Anerkennung der Ostfriesen, 221110.png om in brief fan dr. Chr. Bergner dêroer te iepenjen.


 30-08-2010 RfdFB: Fryske taal en kultuer yn programma Steateferkiezings 2011

Brief fan de Ried fan de Fryske Beweging (dêr’t de FFU by oansletten is) oan Provinsjale Steaten mei oanrikkemandaasjes foar it taalbelied yn it programma foar 2011-2015. Yn in bylage fan 10 punten wurdt oantrune op it sterk ferbetterjen fan de rânebetingsten foar it behâld en de fierdere ûntjouwing fan de Fryske taal en kultuer. It twadde punt hannelet oer it ûnderwiis en it tsiende oer it sertifikaat Frysk foar liedsters yn de berne-opfang en pjutteboartersplakken.

Klik op: RfdFB-Fryske taal en kultuer yn programma 2011-2015.pdf om it brief mei taheakke te iepenjen.


 July 2010 A reprint of the dossier on Frisian in education in the Netherlands has appeared

A reprint of the dossier on Frisian in education in the Netherlands has appeared. It is a reprint of the 4th edition, with some corrections and minor changes. All dossiers in the Regional dossiers series can be found online as PDF-file at the website of the Mercator Research Centre.

Klik op: Frisian in education in the Netherlands om de publikaasje oer it Frysk ûnderwiis yn Nederlân te iepenjen.


29-03-2010 Frysk fuortset ûnderwiis: ûntheffing, subsydzje, wurdearringsramt, hifking kearndoelen en taalbelied

Klik op: FU, parsjele ûntheffing foar Frysk, 011209.pdf om de beliedsregel foar it krijen fan in parsjele ûntheffing (ûntheffing foar in part, net folslein) foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn de provinsje Fryslân te iepenjen (mei as bylagen: de kearndoelen foar Fryske taal yn it PU en FU)

Klik op: FU, subsydzjeregeling Frysk yn it FU, 170608.pdf om de oardering fan 17 juny 2008 ta wiziging fan de Utfieringsregeling projektsubsydzjes, kultuer, taal en ûnderwiis te iepenjen.

Klik op: FU, wurdearringsramt ynspeksje Frysk FU, aug. 2009.pdf om it ‘Waarderingskader Fries VO’ (aug. 2009) fan de ynspeksje mei syn ‘Indicatoren Fries Voortgezet Onderwijs’ en 7 kwaliteitsaspekten te iepenjen.

Klik op: FU, hifking Kearndoelen Frysk FU, 2009/2010.doc. om it ynspeksje-ynstrumint (formulier) foar it hifkjen en diagnostisearjen fan de kearndoelen Frysk yn de ûnderbou fan it FU te iepenjen.

Klik op: FU, hifking taalbelied Frysk FU, 2009/2010.doc. om it ynspeksje-ynstrumint (formulier) foar it hifkjen en diagnostisearjen fan it taalbelied foar it  Frysk yn de ûnderbou fan it FU te iepenjen.

Klik op: KH-Desintralisaasje taken en foech Fryske taal en kultuer, 150310.ppt om in presintaasje te iepenjen fan frou drs. Waanders fan de Stjoergroep Hoekstra oangeande de ‘Decentralisatie taken en bevoegdheden Friese taal en cultuur’ ( 15 maart 2010) op in kongresmiddei foar it Frysk.

Klik op: http://talen.wewi.eldoc.ub.rug.nl/FILES/root/Rapporten/2008/lyndensteyn/literatuurstudieLyndensteyn.pdf om de literatuerstúdzje Meertaligheid op School Lyndensteyn fan Berend Stellingwerf en Saskia Visser (Ryksuniversiteit Grins, 5 nov. 2008, 18 siden) te lêzen. De stúdzje giet benammen oer it taal- en ûnderwiisbelied foar learlingen mei in mearfâldige hendikep (kognityf beheind en leechfunksjonearjend, ZML en leger) en learlingen mei in net-oanberne skansearring fan it brein (‘niet-aangeboren hersenbeschadiging’). De stúdzje is fan belang foar it ûnderwiis yn it Frysk yn skoallen dy’t ûnder de Wet op de EkspertizeSintra (WEC) falle. Dus benammen foar it Spesjaal (fuortset) Underwiis. De praktyk en de teory leart dat der op  dat stik folle mear mooglik is as dat der hjoed-de-dei realisearre wurdt! De FFU striidt derfoar dat soks yngeand feroaret!

Sjoch dêroer ek ús Oanfalsplan (okt. 2008, par. 2.5 Spesjaal (fuortset) ûnderwiis, s. 26-27).
Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk, 2de pr.291008.pdf om ús ‘Oanfalsplan Frysk’ (2008) te iepenjen.


01-03-2010 Súdwest Fryslân: Fúzjegemeenten stimme it brûken fan it Frysk opinoar ôf

Oerienkomst taalbelied Súdwest-Fryslân. De fiif fúzjegemeenten sille harren Frysk taalbelied opinoar ôfstimme. Dat is ôfpraat mei steatssekretaris Ank Bijleveld fan Ynlânske Saken en mei de Provinsje Fryslân. De fiif gemeenten wolle in foarbyld wêze foar in ambisjeus brûken fan de Fryske taal (sjoch foar mear ynformaasje ek by ‘Aktueel 2010’: Oerienkomst taalbelied Súdwest-Fryslân. Fusiegemeenten stemmen gebruik Friese taal op elkaar af, 01-03-2010).

Klik hjir foar de Frysktalige oerienkomst.
Klik hjir foar de Hollânsktalige oerienkomst.

17-02-2010 EBLT: gearfetting earste rapport Advisory Committee ymplemintaasje Ramtferdrach Nasjonale Minderheden yn Nederlân

Gearfetting fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (Nederlânske Kommisje) oangeande rillevante passaazjes oer it Frysk yn it earste rapport fan it Advisory Committee (AC) oer de ymplemintaasje fan it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden yn Nederlân (Framework Convention for the Protection on National Minorities fan de Ried fan Europa), oardere neffens ûnderwerp. It AC besocht Nederlân fan 25-27 febr. 2009 en stelde i trapport fêst op 25 juny 2009.

Klik op: EBLT, gearfetting rapport AC Ramtferdrach, 2010-009.pdf  om dy gearfetting te iepenjen.

Op 25 febrewaris 2009 hawwe wy ek in bydrage levere oan de harksitting fan it Advisory Committee (AC) fan de Ried fan Europa.

It AC, dat him dwaande hâldt mei de monitoaring fan de ymplemintaasje fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden, hat har 'opinion' oer Nederlân no - in goed jier letter - iepenbier makke. Dy 'opinion' en de reaksje fan it Nederlânske regear dêrop binne te finen op: http://www.coe.int/t/dghl/monitoring/minorities/3_FCNMdocs/Table_en.asp#Netherlands.

17/02/2010
The Netherlands: publication of the first cycle opinion
The 1st Opinion of the Council of Europe Advisory Committee on the Framework Convention for the Protection of National Minorities (FCNM) on the Netherlands has been made public at the same time as the government comments. The Advisory Committee adopted this Opinion in June 2009 following a country visit in February 2009.

Summary of the Opinion: "Following the receipt of the initial State Report of the Netherlands on 16 July 2008 (due on 1st June 2006), the Advisory Committee commenced the examination of the State Report at its 33rd meeting on 6-8 October 2008. In the context of this examination, a delegation of the Advisory Committee visited the Netherlands from 25 to 27 February 2009, in order to seek further information on the implementation of the Framework Convention from representatives of the Government as well as from NGOs and other independent sources. The Advisory Committee adopted its Opinion on the Netherlands at its 35th meeting on 25 June 2009.

The Advisory Committee considers that the Netherlands has made commendable efforts with respect to the implementation of the Framework Convention with regard to the Frisians living in Fryslân. Measures have been taken to facilitate the use of Frisian in relations with the administration and the judiciary, teaching of Frisian is available in primary and secondary schools and instruction in Frisian is slightly increasing. Further efforts are however needed in terms of teacher training, supervision of Frisian teaching and the amount of teaching in Frisian needs to be further discussed with Frisian representatives in order to adequately meet their demands. A possible devolution of powers from the central to the local authorities is currently being discussed and it is expected that reforms in this area will result in enhancing the preservation and development of Frisian language and culture.

The Advisory Committee finds that the personal scope of application of the Framework Convention which is presently limited to the Frisians, has not been satisfactorily addressed by the authorities. The Roma and Sinti, many of whom have long ties with the Netherlands have been excluded from the protection of the Framework Convention. In addition, they have been left out from any institutionalised and direct dialogue with the national authorities and measures to address their socio-economic and educational situation have not been adopted at national level.

The Advisory Committee welcomes the comprehensive legal and institutional measures taken by the Dutch authorities both at national and local levels to combat discrimination. At the same time, it considers that the overall tone of the public discourse in the Netherlands and the new integration policy, with its particular focus on the preservation of the Dutch identity, have had negative consequences on the preservation of a climate of mutual understanding between the majority population and the ethnic minorities."


16-02-2010 KAG-FU: fyzje op it Frysk yn it fuortset ûnderwiis

Brief fan de Koördinaasje- en Advysgroep Frysk yn it Fuortset Underwiis (KAG-FU) oan de FFU mei de tasizzing fan de foarsitter, mefr. Hoekstra-Zaagemans, dat it ‘Oanfalsplan Frysk fan de Feriening Frysk Underwiis ien fan de ûnderlizzende dokuminten’ wêze sil by it ûntwikkeljen fan in fyzje op it Frysk yn it fuortset ûnderwiis.

Klik op: KAG-FU, fyzje-ûntwikkeling Frysk yn it FU, 160210.jpg om de reaksje fan de KAG-FU (16-02-2010) te iepenjen.

Klik op: FFU-KAG-FU, fyzje en eineksamenkandidaten Frysk, 281209.pdf om ús brief (28-12-2009) oan de KAG-FU te iepenjen.
Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk, 2de pr.291008.pdf om ús ‘Oanfalsplan Frysk’ (2008) te iepenjen.


12-01-2010 KO: Frysk yn de private sektor, bgl. op ‘Markplaats’

Brief fan it Konsultatyf Orgaan Frysk oer ynkommen klachten oer it net brûke kinnen/meien fan it Frysk yn it private libben. Omdat it Frysk allinnich yn it bestjoersrjocht en it rjochtsferkear (dus yn it offisjele libben) wetlik regele is, wurdt der oantrune op in goede wetlike basis foar it brûken fan it Frysk yn it private libben.

Taheakke is in brief  mei it oardiel (13-11-2009) fan de Commissie Gelijke Behandeling (CGB) op in fersykskrift fan J. Annema (17-09-2009), dy’t gjin Frysktalige advertinsjes sette litte mocht op in webstek fan Markplaats B.V. De kommisje achte it fersyk ‘kennelijk ongegrond’.

Klik op: KO-brief oan Ynl. Saken oer wetlike basis Frysk yn de private sektor, 120110.pdf om it brief fan it KO te iepenjen.

Klik op: CGB-oardiel fersykskrift J. Annema y.f.m. wegering op Markplaats, 131109.pdf om it motivearre, negative oardiel fan de CGB te iepenjen.


06-01-2010 BvPF, Vrouwen van Nu: it brûken fan it Frysk yn offisjele gearkomsten en formele fermiddens

In ûnbefredigjende reaksje fan de BvPF, Vrouwen van Nu op ús brief fan 10 nov. 2009 mei ús fersyk om belied te meitsjen foar it brûken fan it Frysk yn harren offisjele gearkomsten en yn oare formele fermiddens. In belied dat rjocht docht oan de lykweardigens fan Frysk en Hollânsk.

Klik op: BvPF-reaksje op it FFU-brief (191109) oer it folweardich brûken fan it Frysk yn formele BvPF-fermiddens, 100106.jpg om harren brief  fan 6 jan. 2010 te iepenjen.

Klik op: FFU-BvPF, Vrouwen van Nu en it Frysk, 191109.pdf om ús brief fan 19 nov. 2009 oan har te iepenjen.

 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html