Brieven en oare stikken 2009

Utgien

28-12-2009 KAG-FU: (1) fyzje op Frysk yn it fuortset ûnderwiis en (2) mear eineksamenkandidaten Frysk

Brief fan de FFU oan de leden fan de Koördinaasje- en Advysgroep Frysk yn it Fuortset Underwiis (KAG-FU) mei as bylage ús ‘Oanfalsplan Frysk’. De KAG-FU wol yn jannewaris 2009 fierder neitinke oer in fyzje op it Frysk yn it fuortset ûnderwiis en it fergrutsjen fan it tal eineksamenkandidaten Frysk. De FFU bringt de KAG troch middel fan dat oanfalsplan (benammen haadstik I [fyzje] en II [ûnderwiis]) op de hichte mei de opfettings fan de FFU e.o. op dy fraachstikken.

Klik op: FFU-KAG-FU, fyzje en eineksamenkandidaten Frysk, 281209.pdf om ús brief ter iepenjen.

Klik op: FFU-Oanfalsplan Frysk, 2de pr.291008.pdf om ús ‘Oanfalsplan Frysk’ (2008) te iepenjen.


28-12-2009 FFS: De leechrin fan Fryslân en it Frysk ûnderwiis

Koarte ynlieding (yn stekwurden) fan Tom Dykstra, FFU-foarsitter, op it 77ste krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings op 28-12-2009 te Frjentsjer (‘Bogt fen Guné’) oer it tema ‘De leechrin fan Fryslân’. Yn de bydrage fan de FFU leit benammen de klam op de gefolgen foar it Frysk yn it ûnderwiis.

Klik op: FFU-FFS, De leechrin en it Frysk, 281209.pdf om de FFU-bydrage te iepenjen.


19-11-2009 BvPF, Vrouwen van Nu: it brûken fan it Frysk yn offisjele gearkomsten en formele fermiddens

Brief fan de FFU oan de leden en bestjoeren fan de ôfdielings en it bestjoer fan it BvPF, Vrouwen van Nu oer it brûken fan in Frysk yn harren offisjele gearkomsten en yn oare formele fermiddens.

Klik op: FFU-BvPF, Vrouwen van Nu en it Frysk, 191109.pdf om ús brief te iepenjen.


16-10-2009 Stjoergroep Hoekstra: bydrage FFU oer it Frysk yn spesjaal ûnderwiis
Bydrage fan de FFU op de harksitting fan de Stjoergroep Hoekstra (ynsprekker foarsitter Tom Dykstra), dy’t in advys útbringe moat oan it Ryk om safolle mooglik foech op it mêd fan de Fryske taal nei de Provinsje Fryslân te desintralisearjen. De harksitting is holden op freed, 16 oktober 2009 yn it provinsjehûs.

Klik op: FFU-Frysk yn ’t spesjaal ûnderwiis, Stjoergroep Hoekstra, 161009.pdf om ús bydrage te iepenjen.


24-08-2009 Twadde Keamer: te stadigetapassing Europeesk Hânfêst, Frysk yn it spesjaal en middelber beropsûnderwiis

Brief fan de FFU oan de Twadde Keamer oer de te stadige tapassing fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en de needsaak om it Frysk as fak (leargebiet) en fier- of ynstruksjetaal te ferplichtsjen yn it fuortset (spesjaal) ûnderwiis (s[f]û) en it middelber beropsûnderwiis (mbû).

Klik op: FFU-Europeesk Hânfêst, s[f]û en bmû oan TK, 240809.pdf om ús brief te iepenjen.
Klik op: KO-Acht ferbetterpunten Fryske taal en kultuer.pdf om de te realisearjen winsken fan it Konsultatyf Orgaan te iepenjen (bylage by ús brief fan 24-08-2009).
Klik op: FFU-Tapassen Hânfêst, 150908.pdf om in wiidweidich brief fan de FFU oer it tapassen fan it Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen (‘European Charter for Regional or Minority Languages’) troch it Ryk yn it ûnderwiis en oare maatskiplike domeinen. Mei it útfieren fan de 48 bepalings dy’t it Ryk ûnderskreaun hat, is in protte mis, seit in Kommisje fan Saakkundigen fan de Ried fan Europa. De FFU lit De Haach dúdlik witte dat it oars en better moat. Sjoch ek by: ‘Brieven útgien 2008’: 15-09-2008 > Twadde Keamer en Kabinet: It Hânfêst moat better en flugger útfierd wurde (bylage by ús brief fan 24-08-2009).


18-05-2009 Provinsje (kommisje B & M): advys wurkgroep ‘Oanfalsplan Frysk’ prioritearring taalbelied
Brief (advys) fan de wurkgroep ‘Oanfalsplan Frysk’ oan de Steatekommisje Boarger & Mienskip (B & M) oangeande in prioritearring fan aspekten fan it takomstige taalbelied. In swiere klam wurdt lein op it ta stân bringen fan in Sintrum foar Fryske Taal en Kultuer.

Klik op: FFU-Advys pioritearring aspekten taalbelied oan B & M, 180509.pdf om ús brief te iepenjen.


06-05-2009 Provinsje (kommisje B en M): presintaasje wurkgroep ’Oanfalsplan Frysk’

Presintaasje fan de wurkgroep ‘Oanfalsplan Frysk’ foar de Steatekommisje Boarger & Mienskip fan de ‘Gearfetting fan de diskusje oer it Oanfalsplan Frysk & Oansetten foar takomstichaalbelied’ mei in yndikaasje foar de kosten fan in takomstich Sintrum foar de  Fryske Taal en Kultuer.

Klik op: FFU-Gearfetting diskusje en oansetten nij taalbelied foar B & M, 060509.pdf om de gearfetting en oansetten foar nij taalbelied foar de Steatekommisje B & M te iepenjen.

Klik op: FFU-Lêswizer diskusje en oansetten takomstich taalbelied foar B & M, 060509.pdf om de lêswizer foar de Steatekommisje B & M te iepenjen.

Klik op: FFU-Ynlieding takomstich taalbelied foar B & M.pdf  om de ynlieding (sa likernôch útsprutsen) fan Tom Dykstra (FFU-foarsitter) foar de Steatekommisje te iepenjen.

Klik op: FFU-PP-presintaasje takomstich taalbelied foar B & M.ppt om ús PowerPointpresentaasje foar de Steatekommisje te iepenjen.

Klik op: FFU-Kosten fan it SFTK.pdf  om ús yndikaasje fan de kosten fan in Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer te iepenjen.


Ynkommen

2/18-09-2009 Twadde Keamer en Provinsjale Steaten: reaksjes op it FFU-brief fan 24 aug. 2009 oan de Twadde Keamer oer it (net) tapassen fan it Europeesk Hânfêst troch it Ryk

Klik op: TK-reaksje op it FFU-brief fan 24 aug. ’09, 090902.jpg om de reaksje fan de Twadde Keamer op ús brief fan 24-08-2009 te iepenjen.

Klik op: PS-reaksje op it FFU-brief fan 24 aug.’09, 090918.jpg om de reaksje fan Provinsjale Steaten op ús brief fan 24-08-2009 te iepenjen.

Klik op: FFU-Europeesk Hânfêst, s[f]û en bmû oan TK, 240809.pdf om ús brief oan de Twadde Keamer te iepenjen en sjoch ek by: brieven útgien, 24-09-2009 foar fierdere ynformaasje.


11-09-2009 OCW: Reaksje OCW op it FFU-brief fan 24 aug. 2009 oan de Twadde Keamer oer it (net) tapassen fan it Europeesk Hânfêst troch it Ryk

Tasein  wurdt: “In de vergadering [van 10 sept. 2009] heeft de commissie besloten de staatssecretaris van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap een reactie te vragen op uw brief. De commissie zal deze reactie na ontvangst aan u toesturen. Dan zal zij u ook laten weten of zij nog nadere stappen wil ondernemen en zo ja, welke.” Wy binne benijd.

Us brief is ek ta kundskip brocht oan de leden fan Provinsjale Steaten en wurdt pleatst op de list fan ynkommen stikken fan de Steategearkomste fan 4 nov. 2009 (sjoch hjirûnder ek by ynkommen brieven 2/18-09-2009).

Klik op: OCW-reaksje op it FFU-brief fan 24 aug. ’09, 090911.jpg om de reaksje fan de fêste kommisje foar Underwiis, Kultuer en Wittenskip op ús brief fan 24-08-2009 te iepenjen.


18-08-2009 Provinsje Fryslân: brief oer takomstich taalbelied en in ferdielplan taalnoata en evaluaasje 2008

Brief fan de Provinsje Fryslân oer it ferfolch fan ús eigen ‘Notysje oanfalsplan Frysk en oansetten foar takomstich belied’ (sjoch ek by: brieven útgien, 18-05-2009) dy’t op 6 maaie 2009 yn de kommisje Boarger en Mienskip op it rabat west hat. Yn it brief wurdt in provinsjale notysje oankundige (per 1 juny 2010) oer de útfiering fan it taalbelied op de meast effektive en effisjinte wize mei dêrby in beskriuwing fan in takomstich Sintrum foar de Fryske Taal en Kultuer.

Oan it brief fan de provinsje is in Ferdielplan taalnota en evaluaasje 2008 taheakke dy’t yn  Provinsjale Steaten fan 31 maart 2009 fêststeld is.

Klik op: PF-takomstich taalbelied en taalsintrum, 090818.pdf om it brief fan de provinsje te iepenjen.

Klik op: PF-ferdielplan taalnota en evaluaasje 2008.pdf om it taheakke advys oer it ferdielplan fan de taalnoata foar it jier 2009 te iepenjen en in evaluaasje fan dy taalnoata oer it jier 2008 [Beliedsplan Fryske taal 2008-2010, Fan Rjocht nei Praktyk, Frysk yn Fryslân: taal tusken minsken].


26-05-2009 Minister fan Ynlânske Saken: Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje ta

Op 4 juny 2008 hawwe it kabinet en it Ynterprovinsjaal Oerlis (bekend as: IPO) oerienstimming berikt oer it Bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011. Dêr binne ek ôfspraken yn makke om te kommen ta konkrete útstellen foar in gearhingjende desintralisaasje en koördinaasje fan taken dy’t mei de Fryske taal ferbân hâlde. Op grûn fan dy ôfspraak wolle kabinet en de provinsje Fryslân der op ta om hjir fierder ynhâld oan te jaan troch it ynstellen fan in tydlike stjoergroep dy’t foar 1 jannewaris 2010 mei konkrete útstellen fan datoangeande komme moat.

De stjoergroep hat as opdracht om te kommen mei konkrete útstellen foar desintralisaasje fan it ryksbelied oangeande de Fryske taal. Yn dat ferbân sil de gearhing tusken beliedsromte en finansjele ferantwurdlikheid útdruklik in punt fan omtinken wêze. Dêrby wurdt ek ûndersocht, oft en, sa ja, op hokfoar wize oft – fia de oanbelangjende útstellen ta desintralisaasje – in oare ynfolling jûn wurde kin oan de koördinaasje fan taken op it stik fan de Fryske taal.

De gearstalling fan de stjoergroep is yn goed oerlis tusken de oanbelangjende ministearjes en de provinsje Fryslân ta stân kommen. By de gearstalling is sjoen nei in lykwichtige sprieding fan saakkundigens op it mêd fan desintralisaasje, fan ûnderwiis en ûnderwiisrjocht, fan bestjoerlike ynbêding op desintraal nivo en fan de Fryske taal en kultuer. Yn dat ferbân is ek rekken holden mei de ferdrachsferplichtings dy’t Nederlân yn it ramt fan de Ried fan Europa op him nommen hat as it giet om de Friezen en harren taal en kultuer. De stjoergroep kin foar syn gearkomsten eksterne saakkundigen útnoegje. De stjoergroep hat in ûnôfhinklik skriuwerskip ta syn foldwaan.

De stjoergroep sil de Minister fan Ynlânske Saken advisearje hoe’t de taken, foech en ferantwurdlikheden op it mêd fan it Frysk it bêste (al of net) desintralisearre wurde kinne fan Ryk nei de Provinsje. De stjoergroep sil him yn earste ynstânsje beheine ta de domeinen ûnderwiis en media en de oanbefelling dwaan om foar de oare beliedsdomeinen noch in aparte advyskommisje yn te stellen nei 1 jannewaris 2010.

Leden:
- De foarsitter, de hear  mr. R.J. Hoekstra, komt oarspronklik út Dokkum en is âld-Sekretaris-Generaal Algemiene Saken en tsjintwurdich lid fan de Ried fan Steat (Raad van State).
- Mefrou drs. M.J. Sanders-ten Holte is âld-Steatelid yn Gelderlân, âld-Europarlemintariër en lid fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa dat hifke hat hoe’t Nederlân ynfolling jûn hat oan de ûnderskreaune en ratifisearre bepalings fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (foardroegen troch de provinsje).
- De hear prof. dr. J. de Ridder is heechlearaar bestjoerskunde oan de RUG yn Grins.
- Mefr. drs. M.C.M. Waanders is âld-wethâlder fan Ljouwert en boargemaster fan Dongeradiel (foardroegen troch de provinsje).
- De hear prof. dr. P..J.J. Zoontjens is heechlearaar steatsrjocht (w.û. ûnderwiisrjocht) oan de Universiteit van Tilburg.
- De hear dr. R. Bagchus is direkteur primêr ûnderwiis fan OCW.

Sekretariaat: drs. S. Akkerman (provinsje) en dr. M.H. Kleinsma (ryk) mei as plakferfangers: respektivelik drs. Tsj. B. Bottema (provinsje) en drs. A. van der Goot (ryk).

De earste gearkomste fan de stjoergroep is op 25 juny 2009.

Klik op: YS-Ynstellingsbeskikking Stjoergroep desintralisaasje Frysk, 090526.pdf om de beskikking te iepenjen.


06-05-2009 Steatekommisje Boarger & Mienskip: Notysje ‘Oanfalsplan Frysk’ oer ‘Gearfetting fan de diskusje oer it ‘Oanfalsplan Frysk’ en ‘Oansetten foar takomstich taalbelied’
Ferslach fan de gearkomste fan de Steatekommisje Boarger en Mienskip (6 maaie 2009) oer de ‘Gearfetting fan de diskusje oer it ‘Oanfalsplan Frysk’ en ‘Oansetten foar takomstich taalbelied’ (Ekspertmoeting 29 okt. ’08) fan de FFU en oaren.

Klik op: SBM-Ferslach diskusje OF en takomstich taalbelied, 090506.pdf om it ferslach fan de Steatekommisje oer boppesteand ûnderwerp te iepenjen.


23-03-2009 Konsultatyf Orgaan Frysk: 10 advizen oan de minister fan Ynlânske Saken oer maatregels oangeande de Fryske taal en kultuer
Brief mei bylage fan it Konsultatyf Orgaan Frysk oan minister Ter Horst fan Ynlânske Saken oer wat der de kommende twa jier ferbettere wurde moat op it stik fan de Fryske taal en kultuer. Yn acht punten wurde de winsken en ferletten fan de Fryske befolking werjûn.

Klik op: KO-Acht ferbetterpunten Fryske taal en kultuer.pdf om de te realisearjen winsken fan it Konsultatyf Orgaan te iepenjen.






 

Jo hawwe 'Adobe Acrobat Reader' nedich om de triemmen te iepenjen. Hjir kinne jo klikke om 'Adobe Acrobat Reader' oer te heljen: http://www.adobe.nl/products/acrobat/readstep2.html