Aktueel, 2018-2019


2019-2018

 


pompeblêd Minister talmt met ‘plysje’ op uniform, 27-6-2019 (A-LC)

Leeuwarder Courant – 27-06-2019, s. 31 – Artikel fan Saskia van Westhreenen oer de ynspannings fan de minister fan Ynlânske Saken, Kajsa Ollongren, oangeande har teloarstellend optreden foar in aktiver Frysk taalbelied. Ek it ynspeksjetafersjoch op it ûnderwiis yn it Frysk wol se net by de provinsje ûnderbringe. Piter Dykstra fan de boargeraksjegroep ‘Sis Tsiis’ biedt de foarsitter fan de Fêste Kommisje fan Ynlânske Saken, CDA-Keamerlid Harry van der Molen, in petysje oan fan in Frysk polysje-unifoarm. De FFU fiert binnen ‘Sis Tsiis’ striid foar in lykweardige behanneling fan it Frysk en dan moat û.o. it wurd ‘PLYSJE’ in plak krije op it plysje-unifoarm yn Fryslân. Op de taheakke foto steane Sytze T. Hiemstra (lofts), Piter Dykstra (midden) en Harry van der Molen (rjochts). Lês fierder >>


pompeblêd Sis Tsiis betoogt weer voor Frysk op school, 19/20-02-2019 (A-LC / Omrop Fryslân)

Leeuwarder Courant – 20-02-2019, s. 3 – Kranteberjocht oer in demonstraasje fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis (dêr’t ek de FFU aktyf oan meidocht) op 9 maart 2019 op it Saailân te Ljouwert (15.00 oere), mei as biedwurd ‘Frysk blinder!’. It Frysk op skoalle moat neffens de FFU en de aksjegroep (BAST) in wichtich tema wurde by de  Steateferkiezings fan 20 maart 2019. Lês fierder >>


pompeblêd Poepjes wil meer aandacht van inspectie voor Fries, 07-09-2018 (freed) (A-FD)

Friesch Dagblad, 07-09-2018, s. 19 -  Deputearre Sietske Poepjes wol, mei op grûn fan in FFU-publikaasje fan foarsitter drs. Tom Dykstra (‘Makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne’, des. 2017, 71 siden) mear kontrôle op it neilibjen fan de kearndoelen foar it Frysk op de skoallen (sjoch foar dy publikaasje ek by ‘Aktiviteiten & Brieven, 2018’  op ús webstek). Lês fierder >>


pompeblêd Friese onderwijsclub kraakt taalbeleid, 03-09-2018 (A-FD)

Friesch Dagblad, 03-09-2018 – Artikel nei oanlieding fan it ferskinen fan in FFU-publikaasje fan drs. Tom Dykstra (FFU-foarsitter) oer it slim tekoartsjittende taalbelied foar it ûnderwiis yn it Frysk fan de lêste fjirtich jier. Dykstra syn ‘Makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne’ (71 siden) is oan te klikken op ús FFU-webstek by ‘Brieven en oare stikken 2018’ (24-08-2018). Lês fierder >>


pompeblêd FNP kan leven met plan voor doelen, 19-04-2018 (A-FD)

Friesch Dagblad, 19-04-2018, s. 23 – De reaksje fan Sytze T. Hiemstra fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) en de Stifting Sis Tsiis wurdt oanhelle oangeande de termyn fan 12 jier dy’t skoallen krije kinne om de kearndoelen foar it Frysk te ‘halen’. Dy perioade wurdt troch him fierste lang achte. Dat ‘halen’ yn it artikel is boppedat net krekt, want de doelen moatte ‘neistribbe’ wurde en dat is wat oars. Lês fierder >>


pompeblêd Scholen krijgen twaalf jaar voor doelen Fries, 18-04-2018 (A-FD)

Friesch Dagblad, 18-04-2018, s. 1 – Reaksje fan drs. Sytze T. Hiemstra (skriuwer fan de FFU en de Stifting Sis Tsiis) op in fraach fan in FD-sjoernalist oangeande in brief fan Deputearre Steaten, dy’t de skoallen oant 2030, dus noch 12 jier (!), de tiid jaan wolle om alle kearndoelen foar Frysk nei te stribjen. Dy doelen binne neffens Hiemstra minskerjochten en kinne net wachtsje. It giet neffens him fierste traach by de provinsje en it is te min. It soe yn fjouwer jier klear wêze moatte. Lês fierder >>